Pier Bergsma: Fan do nei hauk

novimber 30, 2023 12:00

“Der wie ien kear in tiid, det men de oarloch forhearlike as in goed en eal en forheffend hânwirk.” Sa begûn de taspraak dy’t  Fedde Schurer op 27 april 1929 yn Ljouwert hold.

Ik moast derom sykje, mar it boek leit no foar my: Over oorlog en vrede. Problemen van het atoomtijdperk. It is in útjefte út 1963 troch de Bezige Bij en Teleac. Myn útjefte is fan 1967 en ik haw it boek yn de hjerst fan dat jier kocht.

Yn juny 1966 kaam ik as tsjinstplichtich militêr yn Den Bosch telâne, twa moanne letter yn Kampen, noch letter yn Tilburch en Nunspeet. Yn dat lêste plak siet ik op de administraasje by de ‘AAT, de aan- en afvoertroepen’. Wy hoegden ús der yn tsjinstelling ta in soad oare militêren net te ferfelen, want der wie by de oplieding foar sjauffeurs genôch te belibjen. It heucht my dat wy bygelyks rûte-tiidtabellen meitsje moasten. Ast om njoggen oere út Nunspeet giest, hoe let bist dan yn Amersfoart? Wy tochten dat der yn oarlochstiid wolris wat tusken komme koe.

Ik stimde yn dy tiid PSP en doe’t yn 1967 Teleac mei in telefyzjekursus oer oarloch en frede kaam, haw ik dy folge. Prof.mr B.V.A. (Bert) Röling wie heechlearaar yn Grins en hy wist de universiteit oer te heljen om mei in ‘Polemologisch Instituut’ te begjinnen, dat him dwaande hâlde moast mei de fraachstikken fan oarloch en frede. Se joegen in tydskrift út. Ik naam in abonnemint op dy Polemologische Studiën. It tydskrift hat bestien oant en mei 1977. It ynstitút oant en mei 1993. 

Wa’t as in hin foar de klasse stiet,
wurdt troch de wolven pakt

Sûnt dy tiid bin ik fan in do yn in hauk feroare. Ik haw mysels ôffrege hoe’t dat sa kommen is. Dat hat te krijen mei de ûntjouwingen yn ’e wrâld, mar ek mei myn wurk as direkteur fan in basisskoalle.

Fan it begjin ôf krige ik studinten fan de pabo, eartiids jonges en famkes, de lêste jierren benammen famkes. Gjin kwea wurd oer dy jonge minsken, dy’t meastal harren bêst diene om der wat fan te meitsjen. Se wiene soms te freonlik foar de bern fan de âldste groep, bern fan alve en tolve jier, dy’t iksels altyd lesjûn haw. Jo kinne foar sokke bern freonlik wêze, mar doar yn sa’n groep ek de ‘topdog’ te wêzen.

Yn de personielskeamer hie ik in reproduksje hingjen fan in skilderij fan Co Westerik ‘De onderwijzer’. De man streaket mei ien hân oer de holle fan it bern, syn oare hân oan de strôt. Mei oare wurden, as it heal kin, sa lang mooglik yn goedens en freonlikens, mar jo moatte net oer jo hinne rinne litte. Fan de bern ôfbliuwe, mar “Wa’t as in hin foar de klasse stiet, wurdt troch de wolven pakt.” Sa is it yn it lyts, sa is it yn it grut.

Sneontemiddei 25 novimber Fedde Schurerlêzing
Sneontemiddei 25 novimber waard de Fedde Schurerlêzing holden mei as tema ‘Frede mei alle geweld, of is pasifisme ek in opsje’. Teolooch en pasifist Harry Pals en lid fan ‘Kerk en Vrede’ siet folslein op it spoar fan pasifist Fedde Schurer.

It spiet my, mar ik koe it net oars as it iens wêze mei militêr en twadde sprekker Hans van den Brink, dy’t mei de  Romeinske spreuk “Si, vis pacem, para bellum” kaam. Ast frede wolst, wês ree om oarloch te fieren. Yn de diskusje nei de tiid, kaam de oarloch yn Oekraïne oan bar. Wat hie Zelenski dwaan moatten doe’t Ruslân syn lân oanfoel. Dat wie yn goedens en mei praten net op te lossen, mar as Oekraïne militêr folle sterker west hie, dan hie Poetin him miskien betocht.

Ik sil net de iennige wêze mei grutte sympaty foar Schurer. Hy einige syn taspraak yn 1929 ûnder oaren mei dit: “Derom set de Kristelik Demokratyske Uny yn hjar program nationale ûntwapening foarop, ûnofhinklik fen de frage eft de ynternationale ûntwapening al ef net beskikber wêze scil (…) Stean ôf fen de ûngerjuchtichheit, en brek mei de ljeagen fen it gewelt; hwent allinne yn de wei fen Kristus’ geboaden is frede en frijdom!

It pakte spitigernôch oars út yn maaie 1940.

novimber 30, 2023 12:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Kerst Huisman desimber 1, 22:07

    Net it measte wol ik mear skriuwe oer de Fedde Schurerlêzingen. De redaksje fan It Nijs hat der goed oan dien en pleats dy twa lêzingen folút, sadat elts syn eigen oardiel foarmje kin. Mar Pier Bergsma komt no mei in ferhaal dat neffens my krekt net ôf te lieden is út dy twa foardrachten. Foar Pier syn gefoel faaks wol, mar ik sjoch it net.
    Dat wol ik útlizze. Justjes earder as Pier, nei de rykskweekskoalle yn Drachten, krige ik it hjitten fan it ministearje fan oarloch (of wie it doe al definsje?) om my oan te melden yn in kazerne yn Limboarch. Ik bin, ûnder de yndruk dat ik wie fan de krises om Berlyn en de raketten op Kuba, net gien. Ik haw in berop dien op de “Wet gewetensbezwaren militaire dienst”en bin yn myn beswieren erkend. Yn dy tiid stimde ik earst allinnich PSP en waard dêrnei ek lid. Mar makke my dat ta in passifist, in “do” yn de wurden fan Pier? Ik haw dat nea fûn en fyn dat no 60 jier letter noch hieltiten net.
    Ik bin lid wurden fan de PSP, de partij dy’t net in geweldleasheid troch alles hinne, mar wol de iensidige ûntwapening fan Nederlân foarstie. Dat wie nei oanlieding fan in lyts berjocht yn de Friese Koerier fan Fedde Schurer. Ja, deselde Schurer en syn krante, neffens in redakteur fan it yn Amsterdam ferskinende “Buiten de Perken” fanwege soksoarte berjochten “de witte raaf onder de gekleurde persorganen.” Dat berjochtsje gyng oer in útspraak fan de Amerikaanske minister fan bûtenlânske saken Dean Rusk, dat lytse lannen it bêste de ympasse tusken de grutmachten yn goede sin trochbrekke koenen troch sels mei iensidige ûntwapening te begjinnen.
    Yn de PSP waard ek mei sympaty sjoen nei it foarstel fan de Poalske minister fan bûtenlânske saken Adam Rapacki om mei de neutralisearring en dêrnei ûntwapening fan Poalen, Tsjecho-Slowakije, de DDR en West-Dútsklân te begjinnen: 3 Eastbloksteaten en ien fan it westlike blok. Mar ik wie gjin passifist yn de bedoeling dy’t dûmny Harry Pals bedoelt. Ik wie yn myn PSP-tiid ek in bewûnderer fan de Spanjestriders yn de Ynternasjonale Brigades en in fersetsfamke as Hanny Schaft dy’t ferrieders deaskeat (bin ik noch, as ik wer ris mei de frou te kampearen bin by Blommedaal, gean ik altiten ek nei it Earebegraafplak en lis in moai skelpke op har grêf). Ik wie en bin dus gjin passifist, mar ik bin ek perfoarst gjin oanhinger fan de NAFO, want dat fyn it nei de strapatsen op de Balkan en de ferneatiging fan Lybië en Irak in misdiedige organisaasje, dy’t tagelyk mei it Warschaupakt opheven wurde moatten hie. Dat de NAVO bestean bleaun is, sil ús noch soer opbrekke.
    Pier neamt ek de Oekraïne. Want dat kaam ek yn de diskusje foarby. Ik kin wol sizze, dat “de seal” net bot op ‘e hichte wie. De Russyske oanfal begûn op 22 febewaris 2022, omdat it leger fan dy Selenski fjouwer dagen earder begûn mei swiere besjittingen fan parken, wenhuzen en oare net-militêre bebouwing yn de Donbass. Dat wie dat leger al wend sûnt 2014. Doe binne dy besjittingen begûn en binne dêrnei mei ûnderbrekkingen fuortset. Dat hat dêr tûzenen boargers it libben koste, werûnder fier oer de 100 bern, dy’t dêr no betocht wurde mei in monumint mei al har nammen derop en dat de namme “De Allee fan de Ingelen” krige hat. Oan de Russyske kant waarden dy besjittingen fan 18 febrewaris 2022 ôf sjoen as in ynlieding op it fannijs besetten fan dy folslein Russysktalige regio toch de Oekraïne.
    Yn Moskou hienen se jierrenlang oanstien op in fatsoenlike behanneling fan de Russysktaligen yn dit part fan de Oekraïne. Mar “Kyef” luts him dêr neat fan oan. Der kaam wol in akkoart, dat, sa witte wy no, troch de NAFO stipe waard om tiid te winnen om de Oekraïne bewapenje te kinnen. Doe’t se yn Moskou trochkrigen dat Selenski dêrtroch net te fertrouwen wie, besleaten se militêr yn te gripen. Dat dienen se net, lykas “de seal” like te tinken, mei in oermacht, mar mei in striidmacht dy’t aardich lytser wie as it leger fan de Oekraïne. “Dat wie yn goedens en mei praten net op te lossen” fûn “de seal”. In moanne nei it begjin fan de Russyske militêre aksje hat der in begjin west fan ûnderhannelingen oer in wapenstilstân. Selenski like dêrfoar te fielen. Mar doe reizgje Boris Johnson, premier fan it “perfide Albion” hookstrooks nei Kyef en hold Selenski mei klam foar dat er trochfjochtsje moast, en hy sei ta, dat der in soad westlike wapens komme soenen.
    Dat is bard. Wy binne no hûnderdtûzenen deaden fierder, en net ien fan de Oekraynske doelen is berikt. Boppedat komt de boaiem yn de kisten mei wapenfoarrieden fan de NAFO al aardich yn sicht. Dit driget in einleaze oarloch te wurden, en dêrtroch haw ik mei folle mear lju it gefoel dat wy stadichoan de draaikolk ynsûgd wurde dy’t “It is ek ús oarloch” hjit. “Us oarloch? Soademiterje op!” Moatte aanst ek ús bern en bernsbern opdrave, omdat “de” Oekraïners neffens it mantra “sa moedich foar ús fochten hawwe”?
    En dan tink ik oan trije aardige en leave pakesizzers dy’t ik haw, 20, 19 en 18 jier âld, twa jonges en ien famke,, dy’t alle trije al de meidieling krigen hawwe, dat se no tsjinstplichtich binne en dat… It famke, no 18, krekt slagge foar de havo, hie dat brief al binnen foar har achttsjinde jierdei. En dan wurd ik bestoarme troch gefoelens, fariearjend fan djippe wanmoedigens oant in poerrazene lulkens. Moatte dy leave bern no aanst dêr ek stikke en deabliedzje yn de modder?
    Ik haw my hjirom twa dingen foarnommen: Ik sil se alle trije op de hichte bringe fan de boppeneamde wet en se ek sizze dat ik se by eventuele net-erkenning wol oan in ûnderdûkadres helpe wol. En twad: tsjin sokken, lykas dy man dy’t “yn de seal” sa opspatte, dy’t fine dat wy dit allegearre mar oer ús komme litte moatte, sil ik fan no ôf oan sizze, rjocht yn har gesicht: Jou dy dan sels op as frijwilliger yn de Oekraïne en fjochtsje mei. Hingje hjir net de helt yn in sealpetear of efter dyn kompjoeter út. Dit siz ik like goed tsjin âlderen, want dy fjochtsje dêr no ek al mei.

  2. Ferdinand de Jong desimber 3, 12:13

    Alwer in treflik stik, Kerst!
    Feitlik, lykwichtich, ferstannich èn gefoelich.
    Soe yn de msm pleatst wurde moatte, mar hat eins in te heech nivo om yn dy rûnte begripe te wurden.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.