Pier Bergsma: De hûn fan Descartes
Resint ferskynd
- Arjen J. Dijkstra: Fryske Beweging griis? Echt net! 0
- Briefkje (93): Om in wurd ferlegen? 1
- Provinsje Fryslân sjit 18 miljoen euro foar agrarysk natuerbehear foar 0
- Doede Wiersma: Troch it fertriet hinne komme 0
- Grutter draachflak foar beskerme bistesoarten troch simpeler proseduere (fer)bouoanfragen 0
Skôging

Philipp Blom yn Tresoar, foto Pier Bergsma
Neffens Philipp Blom binne minsken lykas alle oare dieren part fan de natuer, mar it binne wol de iennige dieren dy’t frijwillich ôfsjogge fan seks. Hy die dy útspraak yn de diskusjerûnte nei syn tige nijsgjirrige lêzing oer it westerske tinken en de jammerdearlike gefolgen dêrfan.
It Keninklik Frysk Genoatskip kaam sneontemiddei 28 oktober mei in nij inisjatyf. Yn Tresoar waard de earste ‘Genoatskipslêzing’ holden troch histoarikus, filosoof en skriuwer Philipp Blom mei as titel: Descartes’ hond – de onderwerping van de aarde en wat erna komt.
Neist de oare aktiviteiten fan it genoatskip lykas publikaasjes, it tydskrift Fryslân, gearkomsten ensafuorthinne leit it yn ’e bedoeling om fan sokke lêzingen in tradysje fan te meitsjen. Dat liket my in goed idee. Sa wie de foarynformaasje:
Op sneon 28 oktober 2023 sil de earste Genoatskipslêzing fan it Keninklik Frysk Genoatskip (oprjochte yn 1827) wêze.
Philipp Blom sprekt oer it folgjende tema: Yn it westerske tinken wurdt de minske sjoen as de hearsker oer de natuer, boppe en bûten it libben fan oare bisten en organismen. Ut Mesopotamië wei kaam dit idee fia it kristendom nei Europa en de Ferljochting hat dy hâlding likemin feroare. De klimaatkrisis wersprekt dit idee. De krisis fan de biosfear as gefolch fan minsklike aktiviteit is ek in eksistinsjele krisis fan de minskheid. Yn in histoarysk-filosofyske refleksje siket Blom nei it yntellektuele alternatyf foar it tinken fan oerhearsking en ûnderwerping en nei in yntellektuele takomst út de boarne fan in radikale ferljochting wei.
Net in spesjaal plak foar minsken
Tuskentroch: dit jier is ‘De maand van de Geschiedenis’ wijd oan de wittenskip mei as tema ‘Eureka’. Filosoof Jan Warndorff sit yn noed oer it gebrek oan histoarysk bewustwêzen by it tema fan dit jier. (‘Wetenschap heeft ons veel gebracht: ook veel vernietiging’, NRC 29 oktober). Warndorff beskôget Descartes (1596-1650) as ‘heit’ fan it moderne tinken. Neffens René Descartes kin men in libbene kat op in planke spikerje om ûndersyk te dwaan, want in kat fielt gjin pine. Sa’n meganysk en ynstrumintaal wrâldbyld fan Descartes dat minsken fier ferheft boppe alle oare dieren, hat neffens Warndorff bydroegen oan de “brutale exploitatie en vernietiging van de aarde”.
Op deselde dei fan dy bydrage fan Warndorff kaam ek Blom mei Descartes as útgongspunt foar syn lêzing. No net mei syn kat, mar mei syn hûn, dêr’t er grouwélige eksperiminten mei die. Descartes dy’t trouwens – aardich detail – yn 1629 oan de Universiteit fan Frjentsjer studearre en yn dy tiid in skoft yn Ljouwert wenne. Neffens Blom soe it sa wêze kinne dat hysels as sprekker mei dizze lêzing yn de grutte seal fan Tresoar no in pear meter boppe de boeken fan de biblioteek fan de universiteit fan Frjentsjer stie, dy’t dêr ommers yn de kelders bedarre binne.
Tiid foar in nij ferhaal
Yn syn lêzing sketste Blom hoe’t it tinken fan minsken oer harren ferhâlding ta de natuer troch de tiid hinne west hat. Hy hat dat wiidweidich dien yn syn krekt útkommen boek. Dêr aanst mear oer. Yn de lêzing begûn Blom mei it Gilgamesj-epos, dat sa’n 2000 jier foar ús jiertelling skreaun is en dêr’t parten fan yn de Bibel terjochte kommen binne lykas it ferhaal fan de grutte floed.

It Gilgamesj-epos. Publyk domein.
Gilgamesj leart dat hy part fan de natuer is, mar yn de Bibel krije de minsken in bysûnder plak, want “Doe sei God: ‘Lit ús minsken meitsje nei ús byld en likenis en lit dy hearskje oer de fisken yn ’e see, oer de fûgels yn de loft, oer it fee en oer de hiele ierde en oer alles dat oer de ierde krûpt (…) Wês fruchtber en win oan yn tal’” (Genesis 1,26-28). Mei troch de Bibel wurde minsken yn it westerske tinken sjoen as hearskers fan de natuer, boppe en bûten it libben fan oare bisten en organismen.
Neffens Blom kinne minsken net sûnder ferhalen. Yn de ‘Van der Leeuwlêzing’ yn Grins fan 2012: “Verhalen waarin wij geloven” helle er Diderot oan dy’t de oertsjûging hie dat wy minsken beskôgje moatte as dieren. Ek yn de lêzing yn Tresoar kaam Blom op dat tinken werom. Dat hearskjen út Genesis hat ús in soad jûn, mar ús ek yn de grutte problemen fan hjoed-de-dei brocht. De wittenskiplike ûntjouwing fan no lit dúdlik sjen dat de ferskillen tusken minsken en oare dieren folle minder grut binne as wy tinke. Wy binne in part fan de natuer en wy moatte dêrom beskieden wêze.
De hûn fan Blom hat skuldgefoel
Hawwe sûchdieren gjin moreel besef? Hawwe guon dieren gjin skuldgefoel? (Frans de Waal komt yn syn stúdzjes mei nijsgjirrige foarbylden fan moreel besef by apen P.B.)
Blom kaam mei in aardich foarbyld fan syn hûn, dy’t er ôfleard hie om dingen fan bûten mei te nimmen nei yn ’e hûs. Op in kear hie de hûn dochs in bonke meinommen dy’t er yn ’e bek ferstoppe doe’t er Blom oankommen seach. It seksueel gedrach fan guon sûchdieren is te ferlykjen mei it sûchdier minske. It hat likefolle ferskaat, mar guon minsken binne frijwillich selibatêr. Dat sjochst neffens Blom nearne oars yn de dierewrâld.
Blom sit tige oer de takomst fan de planeet yn. It wurdt heech tiid foar nije en oare ferhalen. Syn lêzing wie foar in part in gearfetting fan syn koartlyn yn it Nederlânsk publisearre boek. Tige oan te rieden, om’t it in útwei biedt út de waan dat de minske boppe de natuer stiet.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje