Omtinken foar poëzy fan Fedde Schurer

novimber 29, 2023 20:43

Deifoarsitter Reinder Reitsma liedt de Fedde Schurerlêzing yn. Foto: It Nijs

By de Fedde Schurerlêzing ôfrûne sneon wie der, neist it filosofearjen oer oarloch en frede, ek omtinken foar poëzy fan de alsidige nammejouwer fan de gearkomste.

Sa begûn deifoarsitter Reinder Reitsma (ynterimfoarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging) by de iepening al ringen it ferske te sjongen dat him yn ’e kunde brocht hie mei it wurk fan Schurer, doe’t er dat mei seis jier op skoalle learde:

Us leave Hear dy’t alles docht, / dy’t alles heart en alles sjocht, / Hy is sa goed, sa myld en gol, / dat Hy ús trou bewarje wol.

Syn noed giet oer de lytse mosk, / de fûgeltsjes yn fjild en bosk, / it gers, de blomkes op it lân, / ‘t komt alles fan syn Heitehân.

Dêrnei droech er in liet fan Schurer foar. Reitsma: “It is út it earste boek dat ik fan Schurer kocht, ‘De gitaer by it boek’, omdat dat my fanwegen de krityske toan destiids bot oanspriek; en no noch. It giet net inkeld oer dy profeet, mar ek wol in bytsje oer Schurer sels, sa betocht ik letter, doe’t ik wat mear fan de persoan fan Schurer en wat dy allegearre meimakke hie oan ‘e weet kaam.”

Dit is dat liet:

Hja wisten ‘t wol

Hja wisten ‘t wol, hja seinen ‘t allegearre,
as men ‘t petear beharke by de streek:
‘Ezechiël, dy mei ik hiel wol hearre.
Ezechiël, dy hâldt in bêsten preek.’

Guon woene wol ris graach wat djipper dolle,
hja holden fan in geastelik petear,
Ezechiël, dy hie in goede holle
en hy wist hiel wat fan ús Leaven Hear.

Men koe mei him sa yngeand konversearje
oer oekûmene en oer it godlik wurd.
‘Ezechiël, kin jo ús ek ferklearje
wat no de bibel foar ús tiid betsjut?’

Men moast wat faker yn ‘e skriften lêze,
‘t is spitich, mar it libben is sa drok.
De iene minsk moast mear foar de oare wêze,
yn neisteleafde leit it wiere lok.’

Ezechiël, dy lju ha dy te fiter,
yn wêzen harkje hja net nei dyn wurd,
want om har buorman jouwe hja gjin miter
en yn har saken binn’ hja spikerhurd.

Ezechiël, hâld mar in moaie rede,
hja fine datst it treflik sizze kinst,
mar wylst dû praatst oer oardiel en genede
tinke hja inkeld oan har woekerwinst.

Sa drige hja dyn boadskip te fernielen;
dat hja dy kundich neame is wol it slimst.
‘t Wurdt tiid datst tsjin dy kulturele sielen
gjin inkeld blêd mear foar de mûle nimst.

Miskien dat dan wat wierheid yn har ljochtet –
mar soargje dat hja witte út dyn beskie
as strak dit spul ferkeard rint, en dat docht it –
dat in profeet yn har fermidden wie.

Tusken de lêzingen troch songen Nanne Kalma en Ankie van der Meer trije dichten fan Schurer dy’t hja sels op muzyk set hawwe. Ien dêrfan is hjirre te besjen en te beharkjen:

De oare beide binne op it fideokanaal fan It Nijs te finen.

novimber 29, 2023 20:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.