Oer oarloch, ferlamming en ferantwurdlikens

novimber 7, 2023 13:30

Lêzing op 29 oktober foar Kerk en Vrede, The Hague Peace Projects en Stop Wapenhandel fan prof. dr. Jolle Demmers, Universiteit Utrecht

Oerset en ynstjoerd troch Abe de Vries

Nekropolityk

Ik wit net wat ik sizze moat.
Ik ken mysels yn dizze tiid fan geweld werom yn de wurden fan de dichter J.C. van Schagen.

WYT
ik wol mar leaver net folle sizze
ik wol mar leaver in pear keale wurden sizze
wat earme keale stiennen, dat is myn ferhaal
moaie wurden tinke inkeld mar oan harsels, se witte
fan tsjinjen net
(..)
eins wol ik it leafst mei jo swije

En as ik dan likegoed wat sizze wol, dan is it wer safolle. Te folle, nei alle gedachten, foar in healoere.
Ik wit net hoe’t it jimme giet, mar ik krij gauris pas in idee wat ik écht fyn – fan de wize sa’t ik ynienen rekke wurd, troch in útspraak, of in byld, in stik út in film.

Yn de film Ludwig, fan Visconti, bringt in generaal rapport út oer it slachfjild by de kening fan Beieren. ,,Wy ha ús oerjûn”, sa meldt er. ,,Oars wie it in bloedbad wurden.”

Hjoed-de-dei giet dat allegear hiel oars.
Uzes is in swarte tiid, in tiid dominearre troch in polityk fan de dea, oftewol in nekropolityk. In polityk dy’t de dea omearmet as in needsaaklike oplossing, dy’t men net út ’e wei gean kin. Dat is in strategy fan tsjerkhôven, soe Kant sizze.

Hoewol’t it begryplik is dat dyjingen dy’t yn in libbensbedriigjende situaasje sitte de dea as middel ynsette wolle, of har libben opofferje wolle, lykas no yn Oekraïne en yn Palestina-Israel, foar de partijen op in gruttere ôfstân is (sels)behearsking en bemiddeling in needsaak. In taak, in opdracht.

Wêrom bart dat net? Wêrom hawwe politike lieders yn it Westen sa’n oanstriid om daliks partij te kiezen? Om harsels lyk te slaan mei it útferkarde slachtoffer? Suver séls de rol fan it slachtoffer op te easkjen?

En dêrby ek daliks it tsjingeweld te stypjen? Ek no wer yn Israel. It ropperige ‘skouder oan skouder’, it ‘rjocht op selsferdigening’, it ‘rjocht op geweld en ferjilding’, en de suver ûneinige stream jild en wapens út de FS wei.

Op de paus en de sekretaris-generaal fan de FN nei praat yn it Westen nimmen oer frede.

It eigen stelling nimmen
De bylden dy’t de lêste wiken ús húskeamers ynkamen binne ûnferdraachlik en ferlamjend. It is begryplik dat wy djip rekke, poerlilk binne, ús persoanlik útdage fiele. Geweld freget om morele tsjutting en begrinzing. Wy falle dêrby as maatskippijen ek no wer rûtinemjittich werom yn in dualisme fan wy/sy, goed/ferkeard, gelyk/ûngelyk. En elkenien moat mei yn it oarlochsferhaal. Wy moatte allegearre wat fine. Of wy wurde delset as nayf, lef, ferrieder, of hoeder fan it kwea. Mar nettsjinsteande sokke emoasjes is it saak en ferfal net yn klassike oarlochstaal en de heroyk fan opoffering en ôfstraffing.

It is hoe dan ek de earste taak fan in fredesbeweging om krêftich yn te gean tsjin dat soarte fan simplifikaasjes. Om’t se yn it paad steane fan in analyze fan it konflikt, en dêrmei fan de kâns op in oplossing.

Konsintraasje op de-eskalaasje is de iennichste útwei út dy dynamyk fan geweld, dy polityk fan de dea. En nee, in soad ynfloed ha wy net: en al hielendal net op it Poetin-rezjym of it Netanyahu-regear. Foareast kinne wy inkeld de eigen rol bystjoere. It is dêrom de eigen rol fan Nederlân/de EU/it ‘Westen’ dêr’t ik iderkear mei begjin. In kritysk each op it eigen stelling nimmen, dat is de iennichste konkrete wei foarút. Mar it is ek in ûnnoflik lûd yn oarlochstiid. Alle kearen opnij.

Wat der no yn Israel/Palestina bart, sil ek fierder yn ’e wrâld omfrette. Ferskillen yn politike oertsjûging, religieuze ferbiningen, en identifikaasje mei histoaryske kollektive trauma’s kinne ek yn Nederlân breklinen wurde dêr’t ús maatskippij lâns ferhurdet, sadat minsken inoar de rêch takeare, inoar bestride. Mar dêr binne wysels by, it is oan ús om dat foar te kommen. Dêr kom ik noch op werom.

Anekdoaten fan hope
Ik wol jimme fan ’e middei in trijetal tinkramten foarlizze. Mar graach begjin ik mei in pear anekdoaten fan hope. Want dy binne der ek.

Op it foarste plak merk ik de mearstimmigens yn it publike debat oer de Israel/Palestina-oarloch op; folle mear as yn de Oekraïne-oarloch sjoch ik ûnderskate stânpunten, dy’t reedlik evenredich ferwurde wurde yn de media.

Dêrneist wol ik graach neame dat der op dit stuit op ferskate plakken yn it lân demonstraasjes holden wurde. Yn Amsterdam komme froulju gear, mei ûnderskate eftergrûnen en oertsjûgingen om mei-inoar te pleitsjen foar frede. As ûnderdiel fan de Women Waging Peace beweging.

Op tiisdei (24 oktober) waard yn De Haach in rjochtsaak holden. Alve boargers út de stêd Hawija hawwe in rjochtsaak oanspand tsjin de Nederlânske steat. Se dogge dat fanwegen it lijen dat harren en harren famyljes oandien is troch de loftoanfal fan twa Nederlânske F-16’s op in yndustrygebiet midden yn Hawija, yn it noarden fan Irak, yn de nacht fan 2 op 3 juny 2015. Lange tiid is de belutsenens fan Nederlân by dat ‘presyzje-bombardemint’, en ek it grutte oantal boargerdeaden dat dêrby foel, foar it publyk ferburgen holden. Mar nei goede ûndersykssjoernalistyk en in wiidweidich ûndersyk yn ’e krite, wêryn’t wy mei in tiim fan Universiteit Utrecht, PAX en Al Ghad seis jier nei de bombardeminten it boargerlijen yn kaart brochten, is de saak no yn it folle ljocht kommen te stean. Wy skreaune der it rapport After the strike oer. Dêr fertelle wy it ferhaal yn fan hoe’t bommen, smiten troch Nederlânske F-16’s as ûnderdiel fan de anty-ISIS koälysje op in munysjefabryk yn Hawija, troch tadwaan fan sekundêre eksploazjes in ûnbidich boargerlijen feroarsake hawwe. Wy fertelle net inkeld it ferhaal fan de 85 deaden dy’t wy fêststelle koene, mar benammen fan it lijen fan dyjingen dy’t oerlibben, yn in troch ISIS ynnommen stêd, mei te min tagong ta medyske help, ôfsnien fan de bûtenwrâld. No moast dus fan ’e wike de Nederlânske steat him ferantwurdzje, by trije ûnôfhinklike rjochters yn De Haach, foar dy 11 boargers oer, dy’t bystien waarden troch Liesbeth Zegveld, de bêste minskerjochte-advokaat fan Nederlân. Der is nei har harke, in hiele dei fol skriklike details lang. Dat makket dat ik hoopfol bin oer de demokratyske rjochtssteat. De útspraak is op 17 jannewaris 2024.

Myn lêste anekdoate fan hope is de lytse hânbeweging fan de âlde Israelyske frou, dy’t as gizeler fan ’e wike troch Hamas oerdroegen waard oan it Israelyske leger. Jimme hawwe it grif sjoen. Krekt foar’t de frou har frijheid yn ’e mjitte stapt draait se har noch efkes om, en siket nei de hân fan de maskere Hamasstrider dy’t har begeliedt. Yn in koarte ûnhandige high-five sjogge we efkes in momint fan ynterpersoanlik kontakt, fan humaniteit, tusken dy twa minsken. Sels yn dy ekstreme setting. Faaks projektearje ik der te folle op, mar it rekke my.

Trije ramten: rjocht, moraliteit, en macht
Mei watfoar eagen, mei watfoar tinkramten sjogge wy no nei al dat geweld? En smyt dat ynsjoggen op foar hoe’t de fredesbeweging him opstelle kin? Ik sjoch trije ramten.

It rjocht
It rjocht is it earst oanwiisde ramt om goed en ferkeard mei te fangen. En ja, wy meie sizze, ek no wer, dat it ynternasjonaal humanitêr rjocht oantaast wurdt. Wat yn Gaza en de Palestynske besette gebieten bart, foldocht oan definysjes fan oarlochsmisdieden en misdieden tsjin de minsklikens. Dat wurdt no ek sa beneamd troch minskerjochtespesjalisten en wittenskippers. De ynset fan terreur troch Hamas en it gizeljen fan boargers foldocht dêr ek oan. En it is fan grut belang dat dat konstatearre wurdt. Mar it is ek al in âld liet. It mei opsetsin opslute, delsjitte en bombardearje fan boargers en it útwreidzjen fan territoarium troch oarlogjen is ûnrjochtlik. En likegoed kenne wy allegear de kaarten: dêr’t op te sjen is hoe’t Palestina yn werklikheid fan 1967 ôf stadich mar stelselmjittich fan de lânkaart weifretten wurdt.
Freed (27 oktober) wie der in stimming yn de Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes oer de oprop om ta in humanitêre wapenstilstân tusken Israel en Hamas. De resolúsje, yntsjinne troch Jordanië, easke dêrnjonken dat alle partijen har oan it ynternasjonale humanitêre rjocht hâlde. Israel en Hamas moatte alle help dy’t nedich is frije tagong jaan ta de Gazastripe. Boppedat wurdt oproppen ta it fuortendaliks en sûnder betingsten frijlitten fan alle boargers dy’t as gizelers finzen holden wurde. De resolúsje is oannommen mei 120 stimmen foar en 14 tsjin, ûnder mear fan Israel en de Feriene Steaten. Nederlân stimde net, lykas 44 oare lannen. Israel is lilk en neamt de útslach fan de stimming ‘in skande’, om’t it lân neffens eigen sizzen dwaande is mei selsferdigening. Wilens giet de asymmetryske oarloch fûleindich troch. Alle dagen wurdt it tal deaden grutter.

De moraliteit
Mar as it rjocht net funksjonearret, wat dan? Kinne we ús dan net better beroppe op de moraliteit? De diskusje dy’t dat útlokket ropt in oar soarte fan fragen op. Wa hat gelyk? Wa wie earst? Wa hat it meast te lijen? Wa wurdt it meast bedrige? En: is tsjingeweld it goede middel, wêrom wurdt der net ûnderhannele? In soad fan sokke diskusjes wurde kleure troch watfoar skaal en watfoar tiidrek by it ferhaal belutsen wurde. In soad hinget ôf fan de fraach ‘wannear is it geweld begûn’? Foar guon is dat miskien 7 oktober mei de grouwélige oanfal fan Hamas, mar foar in soad oaren giet it om in koloniale besettingsoarloch dy’t al op syn minst 75 jier oan ‘e gong is. En dat jildt ek foar Ruslân-Oekraïne: is de oarloch begûn op 24 febrewaris 2022, of al earder mei de anneksaasje fan de Krim yn 2014, it geweld yn de Donbas, of is it begjin al te finen yn de ôfspraken en beloften fan nei de Kâlde Oarloch? It antwurd oer moraliteit hinget ek sterk ôf fan watfoar skaal men kiest: oer watfoar konflikt men praat. In oarloch is ommers altyd mearlagich: it is in kluster fan konflikten, dy’t trochinoar hinne spylje en inoar faak fersterkje.

Dat is allegear fan belang om it geweld yn in ramt te setten en te tsjutten, mar foar in oplossing is – yn myn eagen – in oare fraach fan belang.

Macht
Wa hat de politike macht en middels om it geweld ophâlde te litten (of mei opsetsin trochgean te litten)? Of yn wat dregere wurden sein: wat binne de politike en materiële ynfrastruktueren dy’t it geweld yndamje kinne, of krekt mooglik meitsje? Foar in antwurd op dy fraach moatte wy fierder útzoome as Israel/Palestina of Oekraïne/Ruslân en sjen nei de gruttere geopolitike breklinen. De wrâld is it paad bjuster. De geopolitike machtsferhâldingen ferskowe. Ik tink dat, as it giet om gefolchskea, it dy gruttere brekline is dy’t trochwurket yn in protte oarloggen. En dat sil ek noch wol efkes sa trochgean.

Wy sjogge it yn Oekraïne en no wer yn relaasje ta Israel: de FS, mei Europa yn it sok, set yn op stipe foar eskalaasje, militarisearring en wapenleverânsjes. Foarearst trapet net ien op de rem.

Yn stee fan it geweld te analysearjen en te sykjen nei oarsaken en oplossingen, makket de westerske polityk fan de oarloggen fan hjoed-de-dei in epyske striid tusken goed en kwea. Hamas is ISIS en Poetin de duvel yn it Kremlin. Lykas yn de ‘mondiale oarloch tsjin it terrorisme’ is dy posysje net iepen foar ûnderhanneljen: ynbine is ûnmooglik as tsjin tirannen en terroristen fochten wurdt. Kontekst, ferdjipping, nijsgjirrigens nei de driuwfearren fan de fijân, ûntbrekke. It westerske resept is it hurde belied fan eskalaasje: maksimale sanksjes (sûnder betingsten), militarisearring en wapenleverânsjes. In ‘exit strategy’ is der net. In protte is ûnwis. Wol is dúdlik dat militêre eskalaasje útkomt op in grutter tal (boarger)deaden en mear destruksje. En yn it gefal fan Oekraïne/Ruslân in kâns op nukleêre eskalaasje. Ruslân hat woansdei lêstlyn (25 oktober) ballistyske raketten ôffjurre by in militêre oefening dêr’t by neispile waard hoe’t de Russyske striidkrêften mei in ‘massale nukleêre klap’ nei in kearnoanfal weromslane.

Hoe moatte wy dat begripe? De westerske eskalaasje-refleks is ûnderdiel fan de unipolêre geopolitike oarder fan nei de Kâlde Oarloch – dy’t mient dat er machtich is, mar him ek bedrige fielt. It lit de arrogânsje, mar ek it provinsjalisme fan de macht sjen. Tritich jier lang koe it Westen, mei de FS as hegemon, syn wil oplizze oan de wrâld. Dat barde neffens it resept fan it neoliberaal militarisme: de ynset fan militêre middels om tagong ta merken en natuerlike rykdommen feilich te stellen, gauris ûnder de flagge fan frijheid en demokrasy. De FS hat mear as 800 militêre bases bûten syn grûngebiet, dy’t it brûke kin (faak yn koälysjeferbân) om gau yn te gripen as Amerikaanske nasjonale belangen bedrige wurde. De ûnsinnige oarloch yn Afganistan en de ynvaazje fan Irak koene straffeleas útfierd wurde en krigen gjin politike gefolgen. It mannichfâldich brûken fan killer-drones yn Jemen, Somalië en Pakistan, mei tûzenen boargerdeaden, en de ‘presyzjebombardeminten’ – ek op Hawija – op Libië, Irak en Syrië hellen amper it nijs. Brown University rekkene fan ’t jier út dat de Global War on Terror wrâldwiid sa’n 4,5 miljoen boargerdeaden ta gefolch hân hat. En dat is in konservative rûzing.

Yn syn konfrontaasje mei Ruslân botst it westerske blok no op wjerstân. Langer net de wjerstân fan opstannige groepen en harren terreurmiddels, of fan ôffallige, eartiids befreone diktators, mar fan in útdage nukleêre grutmacht. Dat is in tsjinstanner fan in oare oarder. Boppedat in macht dy’t fierder opskoot nei Sina yn de nije multypolêre wrâldoarder. It is needsaaklik om dat ûnder eagen te sjen. Militêre eskalaasje is langer net frijbliuwend. Wat wy no sjogge is dat oarloch net inkeld giet oer striid en ferneatiging. Oarloch is ek in (altyd ûnwisse) werskikking fan macht en oarder. Nije alliânsjes ûntsteane en âlde tebrizelje. De kontoeren fan hoe’t de oarloch yn Oekraïne in kanteljen fan de monetêre, ekonomyske en geopolitike oarder betsjut, tekenje har ôf. Hieltyd faker keare machtige lannen lykas Brazilië en Yndia mar ek in soad regearen yn Afrika en Latynsk-Amearika har iepentlik fan de westerske militêre koers ôf.

De stimming yn de FN fan ôfrûne freed yllustrearret dat mar wer ris. It is net wierskynlik dat de FS syn plak as hegemoanyske macht sûnder slach of stjit opjaan sil, en ik ferwachtsje dêrom in fierdere militarisearring fan de wrâldpolityk. Mar foarby dat swarte senario lizze der werklik wol kânsen: dêr’t by ynset wurde kin op konfliktdiplomasy, en in nije multypolêre fredes-arsjitektuer. Uteinlik sil it Westen leare moatte om him te ferhâlden ta it oare fan de wrâld op in nije wize, en leare moatte om in multypolêre wrâld te akseptearjen. Troch de hân út te stekken, yn stee fan de eigen wil oplizze te wollen. De fredesbeweging kin dêr de foarstap by dwaan troch yn te setten op sterke wrâldwide transnasjonale fredesnetwurken. Wy moatte ússels op ’e nij leare te ferbyldzjen as werklik post-koloniaal. It hippe moadewurd foarby.

Koartsein, wy sille ‘systeemgefoelich’ wurde moatte, sa sei Merlijn Twaalfhoven treffend yn Het Parool. Want dat is, seit er, krekt de tragyk fan de situaasje hjoed-de-dei. Al dy walchlike dwylsinnigens hat in oarsaak. Under it spektakulêre geweld dat no op ús skermen eksplodearret lizze politike en materiële ynfrastruktueren dy’t ûngelikensens mooglik meitsje, en masinaasjes fan ferpressing en kolonisaasje. Dat is in foarm fan geweld dy’t stadich, tergjend en ûnsichtber trochkankeret. Wy sjogge it net. Mar wy meitsje der wol part fan út. Troch sa’t wy konsumearje, ús stim útbringe, ús feilich tinke, fuortsjogge. Dyjingen dy’t dy systemen yn stân hâlde en sadwaande de druk oprinne litte, binne dus ek mei ferantwurdlik foar de ramp, útbarsting of ynstoarting dy’t dêr it gefolch fan is. Dat is in útdaging foar ús allegearre: te sjen fan watfoar systemen wy ûnderdiel útmeitsje.

Ik dwaal graach noch efkes fierder ôf, nei in ferhaal dat my sterk rekke, doe’t ik ferline wike de film Stray Dog fan Kurosawa út 1949 seach, dy’t spilet yn it Japan fan krekt nei de Twadde Wrâldoarloch – de nukleêre oarloch.

De jonge agint Murakami is noch mar krekt yn tsjinst by de plysje yn Tokio as op in hite neimiddei syn tsjinstwapen (in Colt 1) út syn jasbûse stellen wurdt yn in grôtfolle bus. Yn panyk efterfolget er de dief troch de ferlitten strjitten fan in bûtenwyk, mar ferliest de man úteinlik út it each. As er fernimt dat syn wapen brûkt is by de berôving fan in jonge frou, beslút Murakami op ’e siik te gean nei syn Colt. Wat folget is in koartseftige syktocht nei syn wapen troch it triemige nachtlibben fan Tokio en de skiere efterbuerten en yllegale merken fan de stêd, fol gnobbers, wapensjacherders en poaiers. Murakami fielt him suver obsessyf en persoanlik ferantwurdlik foar it lijen dat elk fan de sân kûgels yn syn wapen feroarsaakje kinne soe, en docht der alles oan om it werom te finen.

Fansels brûkt Kurosawa hjir de keunst fan it oerdriuwen. Mar de suver sljochtsinnige identifikaasje fan syn haadpersoan mei it lijen dat syn wapen yn ferkearde hannen útrjochtsje kinne soe, trof my as in kontrast mei de wrâld fan hjoed-de-dei.

Mind the unitary trap
By wize fan ôfsluting wol ik noch weromgean nei hoe’t wysels, hjir yn Nederlân, de frede besykje kinne te bewarjen. It is in útkomst út it fjild fan konfliktstúdzjes: wat Rogers Brubaker (2004) de ‘unitary trap’ neamt. De falstrik fan it ienheidstinken. In ienfâldige mar belangrike les.

Nettsjinsteande dat wy it al gau hawwe oer ‘Oekraïners’ fersus ‘Russen’, mar ek ‘Tamils’ tsjin ‘Singhalezen’ of ‘Shia’ tsjin ‘Sunni’ binne it net groepen of mienskippen, mar ûnderskate soarten fan organisaasjes dy’t de haadrolspilers binne yn gewelddiedige konflikten (steatsrezjyms, paramilitêre organisaasjes, binden). Fakentiden is de relaasje tusken organisaasjes yn konflikten en de groepen dy’t sy sizze te fertsjintwurdigjen kompleks en ambigu. Likegoed sjogge wy it lykslaan fan organisaasje en groep faak werom yn de wize sa’t minsken prate oer oarloch en konflikt. En de wize sa’t sy it geweld rjochtfeardigje. Ek no wer.

Dêrneist bliuwt it ‘groepsgefoel’ fan partijen yn konflikt nea itselde. Minsken kinne har oerflakkich assosjearje mei in groep, mar har bytiden ek fia yntinse foarmen fan ynteraksje en organisaasje sterk ferbûn fiele. Wy moatte de relaasje tusken dy gradaasjes fan ferbûnens problematisearje. Gauris kriget it ‘semintearjen’ fan identiteit en groepsgefoel stal yn it ferrin fan in gewelddiedich konflikt. In hege mjitte fan groepsgefoel is it gefolch en net de oarsaak fan gewelddiedige konflikten.

Ek no is dat ûnderskied fan belang, yn ús wize fan praten oer oarloch. It is nedich om ûnderskied te meitsjen tusken Hamas en de boargerbefolking yn Gaza en de Palestynske gebieten. De Israelyske steat, it leger, en it regear fan Netanyahu, en de Israelyske boargerbefolking. Tusken yndividuën en mienskippen dy’t har bûten Israel identifisearje as Joadsk, en de rige organisaasjes dy’t ornearje dat se harren fertsjintwurdigje. Likegoed as dat wy as boargers fan Nederlân net lykslein wurde kinne mei de wurden fan premier Rutte, en de Nederlânske stimûnthâlding yn de Algemiene Gearkomste fan de FN.

Dit is presys it stuit dat it simplisme fan de oarlochstaal syn meast twingende gesicht sjen lit. Der falt net oan te ûntkommen: wy binne allegearre ús eigen stúdzje-objekt wurden. Mar dêrmei ek by steat en fyn in útwei út de nekropolityk.

Mei wurden oer wiisheid fan Spinoza slút ik ôf:

De frije minske tinkt nearne minder oan as oan de dea
Syn wiisheid is net in tinken oer de dea, mar oer it libben.

novimber 7, 2023 13:30
Skriuw in reaksje

14 opmerkingen

  1. Pieter de Zwart novimber 8, 02:05

    It is in lêzing fan dizze Demmers: https://www.nrc.nl/nieuws/2023/05/03/utrechtse-hoogleraar-conflictstudies-beticht-van-russische-desinformatie-a4163615

    Ik hie in langere, ynhâldlike reaksje skreaun, mar dy is spitigernôch ferlern gien troch by fersin op “F5” te drukken. Miskien mar goed ek, want der is sa njonkelytsen wol genôch oer it ûnderwerp sein.

    Dochs in lytse ynhâldlike ôfsluter: Demmers makket – lykas in soad oaren dy’t gjin ferstân fan saken ha – in grutte flater troch ûnder it kopke oer it rjocht troch it Westjordaanlân en Gaza op ien bult te smiten. Yn Gaza hat – útgeande fan de situaasje foar’t terreurorganisaasje Hamas de oarloch begûn troch doelbewust 1400 Israelyske boargers út te moardzjen – Israel gjin ynfloed en hat Hamas it folslein foar it sizzen. Israel hat wol ynfloed op it Westjordaanlân, dêr’t de PA it regear fan de Palestinen foarmet, mar dêr hat Hamas neat mei te krijen. Dat “âld liet” dêr’t Demmers – út in iensidich perspektyf wei – oer skriuwt, is hielendal net fan tapassing.

    Op de rest fan de ynhâld en it feit dat Abe de Vries sûnder kontekst doelbewust in stik fan sa’n – op syn minst kontroversjeel – figuer ynstjoert is ek noch wol wat oan te merken, mar dat feroaret net safolle oan de diskusje.

  2. Erwin2.0 novimber 8, 07:59

    Jim meitsje de diskusje sa gigantysk grut. As Hamas moarn alle gizelers weromjout is de angel derút.

  3. Pieter de Zwart novimber 8, 09:40

    Dêr falt wat foar te sizzen, Erwin, mar as de angel derút is dan is de bult noch net fuort. Sa’n bult kin noch aardich lang trochjokje.

  4. Nynke Beetstra novimber 8, 09:56

    In treflik stik fan Demmers. Wat Hamas yn Israel dien hat is freeslik. Wat Israel no as wraak yn Gaza docht is ek freeslik. It Westen doart gjin krityk op Israel te hawwen fanwege komplekse skuldgefoelens út it ferline. Mei twa maten mjitte.

    Gjin goed wurd foar de terroristen fan Hamas dy’t op grouwélige wize ûnskuldige boargers fermoarde hawwe en Israel syn besteansrjocht ûntkenne. Mar ek gjin goed wurd foar de yllegale kolonisten op de Westbank dy’t troch de Israelyske steat bewapene wurde om de Palestinen dêr fan harren lân te ferdriuwen, harren olivebeammen om te seagjen, harren huzen plat te brânen en harren dea te sjitten. En ek gjin goed wurd foar it rjochtsekstremistyske regear fan Netanyahu dy’t no tûzenen ûnskuldige boargers de dea ynjaget. Mei minsken yn it regear dy’t prate oer genoside op de Palestinen en in atoombom op Gaza.

    It wurdt heech tiid dat it Westen no ris serieus wurk makket fan in twa-steate-oplossing. De emoasjes fan dizze oarloch sille noch lang neiwurkje. Mar dan binne der grif genôch ferstannige Israeliërs en Palestinen dy’t dy kant út wolle. In Palestina en in Israel dy’t yn frede neist inoar bestean kinne. Beide folken hawwe der rjocht op, mei stipe fan in ûnpartidich Westen.

  5. Erwin2.0 novimber 8, 13:31

    Pieter, de Gazanen en Israeliërs bliuwe buorlju. Altyd. De angel derút betsjut gjin nije deaden. Se sille elkoar noch hiel lang hate, dat is dan mar sa.

  6. Kerst Huisman novimber 8, 17:36

    Gjin ferlet haw ik, om hjir ynhâldlik op te reagearjen. Wat Israel-Gaza oanbelanget, ik tink dat de miening fan Nynke Beetstra it tichtste by mines stiet. Mar Pieter de Zwart: dy giet te fier, troch al wer fuortdalik op dat nijsgjirrige stik dat Abe de Vries hjir pleatst hat, te reagearjen dat Demmers “beticht” wurdt fan “Russyske desynformaasje”. Ik fyn sa’n ferwizing rûnút ûnfatsoenlik. Ik haw nammentlik ris neigien, wêr’t dat ferhaal weikomt. De Zwart syn ferwizing komt út de NRC. Ik wit út eigen ûnderfining, dat der lju yn Fryslân binne dy’t tinke dat jo dêrmei it lêste wurd sprekke. De NRC jildt yn dy rûnten noch hieltiten as in hast hillige boarch fan sjoernalistike betroudens. Ea wie dat mooglik sa, mar NRC hat al lang syn skynhillige masker ôflein. Foar my is dat al bard mei it kommen fan Hubert Smeets nei de haadredaksje dêr. Smeets hat my ienris besoademitere, troch de ynhâld fan myn boek oer de beweging tsjin de kearnwapens yn Nederlân te plonderjen foar in artikel fan ien hiele side yn NRC, sûnder ek mar earne myn boek te fermelden. Doe’t hy letter yn it farwetter fan de Atlantische Commissie bedarre, en dêrmei in soarte fan sprekbuis foar de NAVO yn de NRC-haadredaksje waard, wist ik wol wat ik oan him hie. Neat dus. Noch minder: hy wie dêrmei foar my prinsipieel ûnbetrouber wurden.
    No dy ferwizing fan De Zwart. As jo dy lêze wolle om te sjen hoe’t NRC oan syn beskuldiging komt, stuitsje jo op in betelmuorre. No haw ik gjin inkelde nocht, om oan NRC ek mar wat te beteljen, dus ik krij net de gelegenheid om nei te gean hoe’t it sit. Ik haw wol ôfleard om NRC op foarhân as betrouber te sjen. No spûket dy beskuldiging rjochting frou Demmers ek op oare plakken op it ynternet. Dêrút docht bliken dat Demmers eins allinnich pleite hat foar oerlis en bemiddeling. Dat lju by de NRC dêr sa fûleindich op reagearje, seit mear oer dy lju as oer Demmers. By sa’n krante as de NRC wolle se tinklik hieltiten mar mear konfrontaasje, ynstee fan it krijen fan har ferstân.

  7. Klaas Groen | Grinsgefål novimber 8, 20:19

    In bêste langlêzer! Mar it lit wol sjen dat de FN oan herfoarming ta binne. Eltse kriich liket in polêr konflikt sûnder in tredde partij dy’t
    ås in skiedsrjochter de wedstriid stil lizze kin. Just no’t it Westen syn machtsposysje stadichoan ferliest, soe der romte komme moatte foar feroaring. Mar der is oant no ta net ien partij út de FN dy’t syn feto weijaan wol. Sa soarret it noch wol efkes troch.

    Harktip is ‘Oarloch’ fan Doede Veeman fan sa’n tritich jier ferlyn: https://www.youtube.com/watch?v=HJbiTFqtrEs

  8. Cornelis van der Wal novimber 9, 18:49

    Heden, is It Nijs oernommen troch it Putin-mantsje Abe de Vries?

  9. Klaas Groen | Grinsgefål novimber 10, 09:22

    Wa’t it stik lêzen hat komt miskien ris ta nije ynsichten. Mar goed, it giet hjir blykber hast net oars ås op oare plakken online. Gjin reaksjes op de ynhâld mar dridzesmiters dy’t it op persoanen foarsjoen hawwe. Faaks ek in aardich idee om de tv-searje ‘Sander en de Socials’ te besjen. Dêr gean se neier yn op de ynfloed fan sosjale media op ús demokrasy.

  10. Abe de Vries novimber 10, 12:39

    En dêr wie dhr. De Zwart fan Damwâld alwer. Diskear om my op myn eigen Facebookside yn it iepenbier te beskuldigjen fan ‘kwealik’ hâlden en dragen. Hoedatsa? k hie it stik fan prof. dr. Jolle Demmers yn it omtinken brocht sûnder derby te fermelden dat ien of oare stuorkeskriuwer har útmakke hie foar Poetin-freon – tsjintwurdich in favorite hyperboal fan stuorkeskriuwers, sa liket it wol.

    Om dhr. Zwart en oaren te ferdútsen dat men yn Nederlân gelokkich noch ferskillend tinke mei oer wat kwealik is en wat net, haw ik ûndersteande reaksje pleatst dy’t faaks ek foar de lêzers fan ItNijs.frl nijsgjirrich wêze kin.

    Yn ‘e werhelling: it potsje swarte farve en linkjes dy’t ús de woastyn fan de ynformaasje-oarloch ynstjoere. De Zwart is in soldaat yn ‘e striid! Mar dan kin der ek weromsketten wurde, al hielendal bywannear’t sa’n strider in foet set op oarmans grûn. Dy’t kwea wol, soe jo, De Zwart, ek wol betichtsje kinne fan dit of dat, bygelyks ûnder it kopke: ‘Firda-dosint en bestjoerslid fan de Ried fan de Fryske Beweging beskuldige fan it goedpraten fan Israëlyske oarlochsmisdieden’.

    Soe dy beskuldiging dan automatysk terjochte wêze? Fansels wie goedpraten jo bedoeling hielendal net; fansels woene jo inkeld mar wat yn it ljocht sette dat nei jo smaak en idee oars te folle yn it tsjuster bliuwe soe. Likegoed: miskien dat yn ús woke-kultuer groepkes studinten of leararen oan jo ûnderwiisynstelling de oanfal dochs oppakke en neipapegaaie. Faaks komt der grutter trelit achterwei; faaks dat jo út it wurk set wurde; faaks dat jo dêrnei nearne wer in baantsje krije kinne. Wa wit?

    Want betichtsje en beskuldigje en suggerearje is net sa dreech – en om’t in boel minsken altyd alles blynseach leauwe wat ôfprinte of útstjoerd of omtoetere wurdt, is de skiednis fan de suksesfolle tapassingen fan sa’n strategy fan fertochtmakkingen fol ferskaat en hiel lang. Dy rint fan doelwiten as Jezus en Dreyfus oant dieders as Goebbels en McCarthy en Wilders en, wêrom net, NAVO-foarljochter Hubert Smeets fan NRC.

    Nee, in lot as slachtoffer fan de fijannen fan ljocht en leauwe en it frije wurd soe ik jo werklik net tawinskje. Kwealik – sille wy dat mar sitte litte? Prof. dr. Demmers en ik sei de gek – de oaljefant en de mûs – winskje jo betterskip ta. Dat jo it oare each ek iepene wurde mei.

  11. Redaksje novimber 10, 13:39

    Vd Wal is, krekt as eltsenien, allyksa wolkom in stik yn te stjoeren. En as dat (neffens it betinken fan de redaksje) ta de saak docht, goed nei te kommen en net ûnfatsoenlik is, sil dat likegoed pleatst wurde. By de ôfwaging it al as net te pleatsen spilet net mei hokfoar opiny der krekt efter stiket.

  12. Kerst Huisman novimber 10, 14:33

    Bêste redaksje, Ik fyn dochs net, dat immen in Putin-mantsje te neamen fetsoenlik is. Mar ôfsjoen dêrfan: Ik ken Abe al hiel wat jierren, mar dat is er dochs echt net. Dat makket sa’n opmerking fan Cor van der Wal neffens my ta skellen sûnder arguminten. En soks soenen wy op It Nijs dochs net dwaan moatte.

  13. C van der Wal novimber 10, 16:12

    Kerst en Abe binne beide sljocht op sensuer! Dat seit wol wat oer harren wrâldbyld…

  14. Kerst Huisman novimber 11, 09:47

    Cor, ik bin NET sljocht op sensuer. mar WOL op fatsoenlik diskussearjen. Dat sadwaande.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.