Oer de grins?

novimber 29, 2023 10:30

Ynstjoerd

Yn De Lier (SH) wiene it noch net allinne mar roetfeechpiten. Dêr rûnen ek noch fan dy âlderwetske swarte om. Dan krije jo besite fan KOZP fansels. Wat wy der ek fan fine, ik tink dat der yn hiel Nederlân gjin minske mear is dy’t net dúdlik hat wat dy klup wol. Se hawwe yn de foarbye jierren wier harren punt wol dúdlik makke. En krekt as by alle oare ismen wolle ek dizze wokisten dat hiel Nederlân allinne mar itselde tinkt as dat sy tinke.

No wie de yntocht fan sinteklaas bedoeld as bernefeest, mei publyk dat foar twatreddepart bestiet út pjutten en basisskoallebern. Mar yn ús lân hawwe wy gelokkich frijheid fan demonstrearjen en alle boargemasters fan Dokkum oant De Lier romje in flink fek yn foar de folwoeksen demonstranten fan KOZP. Boppedat komt der in peloton ME’ers om de aaien en de rottige tomaten foar harren op te fangen.

Ik haw my de lêste dagen gauris ôffrege oft soks noch wol kin yn in tiid dêr’t de woke-mienskip it drok hat mei it fêststellen fan alle morele grinzen. Oft soks no oer sa’n grins hinne is of net, de machtsferhâlding tusken sokke bern en dy demonstranten is fier te sykjen.

As dy folwoeksen demonstranten fan KOZP oan heiten en memmen dúdlik meitsje wolle dat se de kleur fan de feint fan sinteklaas net diele wolle/kinne, moatte sokke demonstranten soks nei myn miening net by de yntocht mar nei dy yntocht dwaan. It komt my no oer as it ynsetten fan bern by guon skiedingen.

Bêste boargemasters en juristen dy’t har deroer bûge, jou dit feest wer oan ’e bern en lit dy wokers op itselde plak fan ’e yntocht – mar dan twa oeren letter – demonstrearje.

Cor Jousma, Feanwâlden

novimber 29, 2023 10:30
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Jaap Slager novimber 29, 18:33

    Ik kin goed begripe dat smiten Nederlanners der krôkjen oan hawwe ta te jaan dat dy hiele Sinteklaasbeweging in relikt út ús slavernijferline is. It fielt dan krekt oft wy in wearde-oardiel oer ús âldelju útsprekke – is ‘t net sa? – wylst dy net in kwea hierke op ‘e holle hiene.
    Dat, yn stee fan de feiten ûnder eagen sjen rjuchtsje wy de pylken leaver op de lju dy’t it goare lef hawwe op dy feiten te wizen. En sa spjalt de twadieling stadich fierder.
    Ik is my wol bêst, hear. lt is no dochs te let om noch te kearen dat wy yn de eagen fan de rêst fan ‘e wrâld in dystopy wurden binne. Dy sjucht it swurk al driuwen: ‘Skielk hawwe wy hjirre mear flechtlingen út ‘e Nederlannen as lju dy’t dêr noch hinne wolle.’

  2. willem novimber 30, 11:48

    De grap is fansels dat fan de KOZP 95% bestiet út blanken en dat sy der foar soarchje dat swarten ferweten wurdt dat se harren net oanpasse oan de kultuer en yndividuele organisatoren (frijwilligers) bedriigje. Per saldo pakt KOZP fansels negatyf út foar swarten en oare kleurlingen (want dan wurdt al gau alles op 1 hoop smiten).

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.