NOS oerstapt op offisjele, ‘griene’ stavering
Resint ferskynd
Skriuwt men ‘paddenstoel’ of ‘paddestoel’. ‘1 aprilgrap’ of ‘1-aprilgrap’? ‘Barbecueën’ of ‘barbecuen’? It antwurd is: dat hinget ôf fan hokker lear oft men oanhinget as it giet om staverjen: de offisjele, ‘griene’ of de alternative, ‘wite’ stavering.

Foto: Wikipedia/Flyingbird – CC BY-SA 3.0
Oant begjin dizze moanne folge de NOS, krekt as inkelde lanlike deiblêden en it Genootschap Onze Taal, de alternative stavering. Dat feroaret: tenei hantearret de redaksje de offisjele stavering, lykas dy yn de Woordenlijst Nederlandse Taal fan de Nederlandse Taalunie te finen is. De termen ‘grien’ en ‘wyt’ datearje út in analooch ferline: âldere lêzers hawwe mooglik oantinkens oan it Griene Boekje. Dat swalke by alle nijsredaksjes, by oerheidsynstânsjes en op oare plakken om dêr’t korrekt Nederlânsk skreaun wurde moast.
Oant in heechgeande diskusje losbarste nei oanlieding fan alwer in staveringsferoaring. ‘Paardebloem’ waard ‘paardenbloem’ en sa wiene der ek oare wizigingen dy’t net oeral goed foelen. NRC, de Volkskrant, Trouw en de NOS rebellearren en sleaten har by de alternative stavering oan, dy’t al in hoart troch Onze Taal hantearre waard, mei byhearrende staveringwizer, ek wol ‘het Witte Boekje’ neamd.
It skeel tusken de Taalunie en Onze Taal is ûnderwilens oer. Der binne by neier ynsjen net safolle ferskillen en de kar foar ‘wyt’ is yn guon gefallen minder logysk. Sa skriuwt de NOS bygelyks al langer ‘per se’ (grien) yn stee fan ‘persé’ (wyt). Dy lêste ferzje levere altyd in protte lilke reaksjes op, ek om’t sa’n koart wurd noch wolris yn koppen opdûkt.
Itselde jildt bygelyks foar ‘van tevoren’ (wyt: ‘vantevoren’) en ‘voor zover’ (wyt: ‘voorzover’). Fierder is it griene ‘pannenkoek’ ûnderwilens al lang ynboargere. En ôfgeand op de e-mails dy’t op tikfout@nos.nl ynkomme, is it publyk der ek oan wend: lêzers en sjoggers wize geregeld op in staveringsflater, wylst it dan faak om de wite stavering giet.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje