Subsydzje om fernijende ideeën te hifkjen

novimber 29, 2023 08:18 Fernijd

Mkb-ûndernimmers yn Noard-Nederlân dy’t in fernijend idee foar de takomst fan harren bedriuw hawwe, mar earst ûndersykje wolle oft dat idee wol út te fieren is, kinne dêr subsydzje foar oanfreegje.

Foto: SNN

It Samenwerkingsverband Noord-Nederland kin fan 1 desimber ôf ûndernimmers yn de sektor midden- en lytsbedriuw oan in tegoedbon helpe om ûndersykje te litten oft harren idee ekonomysk en/of technysk realistysk is. Sa’n ûndersyk wurdt mei help fan ien fan de saneamde proeftunen yn Noard-Nederlân útfierd. Dy hawwe weardefolle kennis, kunde en fasiliteiten beskikber om ûndernimmers oan de goede ûndersyksfragen en -oanpak te helpen. Op dy wize komt in ûndernimmer oan de antwurden en kennis dêr’t er nedich hat om te besluten oft er wol of net fierder gean kin mei de ûntwikkeling fan syn idee foar fernijning.

Deputearre Friso Douwstra is bliid mei de subsydzjemooglikheid: “Yn Fryslân hawwe wy in soad mkb’ers mei foarútstribjende en fernijende ideeën. De subsydzjeregeling jout ûndernimmers de kâns om mei regionale ekspertize te ûndersykjen oft harren ideeën kâns fan slagjen hawwe. Troch de konkrete oanpak fan de subsydzje wurkje we net allinnich oan in noch ynnovativer mkb, mar kreëarje we ek in oantreklikere regio foar de jongerein en fersterkje we ús ekonomyske posysje yn Europa.”

Tongersdei 11 jannewaris 2024 is der fan 16.00 oant 17.00 oere in webinar oer dizze subsydzje. Dielnimmers krije dêr ek alle romte yn foar fragen. Oanmelde: www.snn.nl/agenda/Mkbhaalbaarheidsvoucher.

novimber 29, 2023 08:18 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.