Noardlik mkb hat kânsen foar groei troch ynterregionale gearwurking en ynternasjonale fokus

novimber 25, 2023 08:13

De ynnovaasjemonitor bringt opfallende patroanen oan it ljocht yn ynterregionale gearwurking, belutsenens en oriïntaasje. It noardlike mkb siket gearwurking benammen ticht by hûs. Undernimmers geane net gau nei in oare noardlike provinsje en geane beheind oer de lânsgrins hinne.

Foto: Provinsje Fryslân

Ut de jierlikse ynnovaasjemonitor, opsteld troch ekonomen fan de Ryksuniversiteit Grins (RUG) yn opdracht fan Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN ), docht bliken dat it noardlike mkb aktyf is yn gearwurking en belutsenens oer regiogrinzen hinne. Dochs wiist universitêr haaddosint Thijs Broekhuizen, koördinator fan de Noard-Nederlânske Ynnovaasjemonitor, mei klam op de potinsje foar fierdere ûntwikkeling: “Om de ynnofaasjekrêft fan it noardlik mkb folslein te benutten, is it krúsjaal om de fokus mear ynternasjonaal te lizzen en kânsen dy’t oer grinzen hinne geane, te omearmjen. Sa fersterkje wy ús profilearring as regio yn Europa.”

Provinsjegrinzen oer foar heechweardige kennis
It rapport bringt oan it ljocht dat it noardlike mkb graach mei kennisynstellingen út oare noardlike provinsjes gearwurket foar ynnovaasje en it dielen fan kennis. Gearwurking mei konkurrinten en bedriuwen út oare bedriuwstûken kriget faak binnen de Nederlânske grinzen syn gerak, mar wer net yn de noardlike provinsjes. Binnen de provinsjegrinzen wurdt wol gearwurking socht mei advysburo’s. Dêr liket gemak en tagonklikens in wichtige rol te spyljen. Fan ynternasjonale gearwurking is noch net folle sprake. Mar in lyts persintaazje fan de gearwurkjende mkb’ers giet ynternasjonale ferbiningen oan; sa’n 12% wurket mei bûtenlânske klanten gear. De ynternasjonale ferbining wurdt benammen socht as it doarren nei nije merken iepenet.

It belang fan ynnovaasjenetwurken
Der is ûndersocht wat de belutsenens by ynnovaasjenetwurken as Energy Valley, Healthy Aging Netwerk en Water Alliance, ynnovaasje (test)omjouwingen as Entrance, Wetsus en de Healthy Aging Campus en incubators/accelerators as Ondernemersfabriek Drenthe, VentureLab North en de Business Generator Groningen is. It rapport wiist út dat ynterregionale belutsenens it sterkst is by ynnovaasjenetwurken dêr’t mkb’ers ree binne om oer de provinsjale grins hinne te gean. Ek al is Grinslân oer de hiele liny de meast keazen lokaasje, de mkb’ers kieze der meastentiids foar om dat soarte fan ynnovaasjenetwurken te yn harren eigen provinsje op te sykjen.

Beheinde ynternasjonale fokus
Wat ynterregionale oriïntaasje oanbelanget rjochtet it noardlike mkb him benammen op de levering fan harren produkten en tsjinsten op lokaal nivo (32%) en nasjonaal nivo (40% ). Mar in lyts part is aktyf op Europeesk (16%) en wrâldwiid nivo (12% ). Opmerklik is dat mkb’ers dy’t ynternasjonaal rjochte binne, faak sterk belutsen binne by ûndersyk en ûntwikkeling, mar dat fertaalt him net needsaaklik nei hegere winstmarzjes.

De Noard-Nederlânske Ynnovaasjemonitor
De Noard-Nederlânske Ynnovaasjemonitor is it resultaat fan in strategyske gearwurking tusken it ekspertizesintrum VinCi fan RUG en it SNN. Dy gearwurking is yn 2016 úteinset. De beëage doelstelling fan de Ynnovaasjemonitor is om alle jierren de ynnovaasje aktiviteiten, ynvestearringen en prestaasjes fan mkb-bedriuwen út Drinte, Fryslân en Grinslân yn kaart te bringen en te analysearjen.

It folsleine rapport is hjir te lêzen.

novimber 25, 2023 08:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.