Nije beweging yn de Ried: Grutte Ried wurdt Advysried
Resint ferskynd
Wat de lêste tiid de Grutte Ried neamd waard, wie eartiids bedoeld as it úteinlike bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging. Om’t dat al lang net mear sa wurke en it Deistich Bestjoer yn de praktyk feitliks sels de Ried fan de Fryske Beweging wurden wie, is de organisaasjestruktuer by dy situaasje oanpast. De nije konstellaasje krige ôfrûne wike syn beslach.
Tongersdei 9 novimber kaam de Grutte Ried gear. Fanâlds wurdt sa’n gearkomste twa kear jiers hâlden. Yn de Grutte Ried binne Fryske bewegingsorganisaasjes fertsjintwurdige. Stipers fan de Ried fan de Fryske Beweging binne dan ek wolkom.
Dit jier hat dy Ried syn karbrief feroare. Foar de bân mei de efterban foarmje Fryske bewegingsorganisaasjes tenei mei-inoar in Advysried. De Ried fynt it lykwols wichtich om in bredere efterban te fertsjintwurdigjen en wol de Advysried dêrom útwreidzje mei mear organisaasjes dy’t warber binne op it mêd fan Fryske taal en kultuer. De nagelnije Advysried moast fuortendaliks teset yn syn nije rol. It bestjoer frege nammentlik om advys oer hokker organisaasjes yn de Advysried hearre.

Op syn earste gearkomste frege de nije Advysried fan potinsjeel oan te sluten organisaasjes ‘beweging’ op it mêd fan Fryske taal en kultuer. Der waard ornearre dat se gjin ‘bongel oan de poat’ wurde moatte foar de Ried fan de Fryske Beweging. Foto: It Nijs
Ponghâlder Arjen J. Dijkstra hie it ynternet ôfsneupt nei logo’s fan organisaasjes dy’t by de Fryske Beweging passe. De Advysried koe dêrop reagearje. Konklúzje is dat it wichtich is om goed kontakt te hawwen mei ynstitúsjes lykas de Afûk en Tresoar, mar dat dy net yn de Advysried hearre. Frijwilligersorganisaasjes dy’t posityf foar de Fryske taal en kultuer oer steane, al. Ut soarte binne dat klups dy’t dwaande binne mei kulturele uteringen yn it Frysk, lykas it Skriuwersbûn en it Obe Postma Selskip. Mar bygelyks muzyk- en sportorganisaasjes as it Frysk bûn foar sjongkoaren en de SKS, dy’t ommers likegoed bydrage oan de Fryske kultuer, passe der allyksa by. Ofpraat wurdt dat it bestjoer fan de Ried ynkoarten kontakt sykje sil mei tal fan Fryske organisaasjes.
Yntusken hat it bestjoer fan de Ried net stilsitten; sjoch it lêste nijsbrief. Spesjaal neamd waard in ûnderhâld, om yn ’e kunde te kommen, mei Eke Folkerts, de nije deputearre foar Fryske taal. It wie in noflik petear, sa wurdt te witten dien, dêr’t grif in ferfolch op komt. In petear mei Siebe Knol, de deputearre foar Kultuer, folget ynkoarten. Fierders hâldt de Ried de oanbesteging fan it iepenbier ferfier yn Fryslân yn ’e gaten en sil de Ried de oanbelangjende partijen fergje op it brûken fan it Frysk.
Jelske Dijkstra hat de oanwêzigen foarljochte oer in tal projekten dêr’t Mercator, it Europeesk kennissintrum foar minderheidstalen yn Ljouwert, mei dwaande is. Mercator is dwaande mei in grut tal projekten, dy’t minderheidstalen befoarderje. De organisaasje ferstjoert geregeld in nijsbrief yn it Ingelsk (dêrfoar oanmelde kin op de webside fan Mercator).
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje