Nanne Hoekstra: Stim tsjin de takomst as wingewest
Resint ferskynd
Skôging
Somtiden liket it mei sizzen wol te dwaan. Presys oardel iuw nei de ein fan de slavernij waarden dêr dit jier wakker ekskuzen foar oanbean en dat skynt de ferhâldingen tusken befolkingsgroepen al wat ferbettere te hawwen. Mar ûntskuldigingen foar dieden fan jins foarâlden út in skier ferline binne wol o sa maklik. En hypokryt as men der sels yn de notiid net nei hannelet. Slaven hâlde wy net mear, mar likegoed stoarte we minsken yn it ferdjer. En dan haw ik it net oer de oarloggen dêr’t wy as yndividu ommers net folle oan dwaan kinne, mar oer de ferdistruwearjende klimaatferoaring en it weiwurden fan de – foar ús eigen oerlibjen tige wichtige – natuerlike soarterykdom, dy’t wy mei-inoar bewurkmasterje. Foar yndividuën binne dat likegoed mânske problemen en dêrom sjogge we nei de oerheid. Lykwols, no’t ús regear, nei desenniums fan omeameljen, lang om let ris ôfweve soe mei de útstjit fan koaldiokside en stikstof, wurdt dêr rûnom tsjin demonstrearre en lûke partijen dy’t de eksistinsjele problemen leagenje of yn it gat hingje as it om oplossingen te rêden is, knoarren kiezers. Want de boarger kiest yn it foarste plak foar jild yn ’e ponge. En dan fuortendaliks; om hege takomstige kosten bekroadet er him likemin.
It is dus hjoed-de-dei wier net wêzentlik oars as yn de njoggentjinde iuw, doe’t Nederlân noch santich jier oan skytskoarre tsjin it beëinigjen fan de lukrative slavehâlderij (Denemarken die dat al yn 1803). In grut ferskil mei doedestiids is wol dat wy op ’t heden allegearre stimme meie. Dêrtroch hat eltse boarger ynfloed mar ek ferantwurdlikheid. En ús stim hoege we, ek al stean se heech yn de peilingen, net út te bringen op bewende of nije konservative partijen dy’t de takomst as wingewest beskôgje. It nagelnije NSC is wat dat oanbelanget gjin krom better, om’t Pieter Omtzigt it budzjet dat okkerdeis foar ‘klimaat’ ornearre is, al wer skrasse wol. As soksoarte partijen de oankommende ferkiezingen winne, kinne we nei alle obligate spytbetsjûgingen foar it foarteam wol daliks fierder mei it oanbieden fan ekskuzen foar ús eigen egoïstyske hâlden en dragen oan it neiteam. Dat dêr fansels neat oan hat yn in wrâld dy’t skielk teheistere wurdt fan hjitteweagen, stoarmen, oerstreamingen, drûchten, boskbrannen, fertoarkjende natuer, ynstoartende ekosystemen, misse rispingen, hege prizen foar iten en drinken, epidemyen, hûnderten miljoenen klimaatflechtlingen, ensafuorthinne: in mannichfâld fan de slavernij-ellinde. Yn de hjoeddeistige demokrasy binne we allegearre mei ferantwurdlik foar dat wankjende ûnk. Kies dêrom foar in progressivere partij dy’t wol diedkrêft toant op it mêd fan klimaat en miljeu en regaad hâlde sil yn de âlde ekonomy. We ha no noch krekt de kâns om it slimste lijen foar te kommen. Soks is mei sizzen net te dwaan, mar ús stim kin wol in wrâld fan ferskil útmeitsje.
Lês fan de auteur oer itselde tema dizze eardere wiidweidigere bydrage: De pine fan it ferline
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje