Nacht fan de Popmuzyk 2023 mei Leo Blokhuis, Vera Siemons en Emmely de Wilt
Resint ferskynd
Leo Blokhuis presintearret hjoed, sneon 11 novimber, de achttjinde edysje fan de Nacht fan de Popmuzyk. Dat docht er net allinnich, dit jier presintearret er mei 3FM-dj Vera Siemons en Radio 2-dj Emmely de Wilt. Mei de sjogger geane se op ’e siik nei stiengoede liveregistraasjes. Dy bylden komme, lykas wenst, út it ûnbidige argyf fan Fenno Werkman.

Vera Siemons, Leo Blokhuis en Emmely de Wilt (foto: ©Elvin Boer)
Vera & Emmely
Trije oeren lang kieze Vera en Emmely mei Leo harren favorite nûmers en de moaiste peareltsjes út de skatkeamer fan Fenno. Hja besprekke ek it popjier 2023 en rinne by de wichtichste barrens del. Vera: “Ik hoopje dat myn foarkar foar hjoeddeiske popmuzyk in tafoeging wêze kin yn it programma, lykas Lana Del Rey; ien fan myn favorite live-optredens fan dit jier.” Emmely: “Ik hâld fan de nacht. Ik hâld fan muzyk. En as se my de kâns jouwe om dy dingen te kombinearjen mei Vera en Leo, dan bin ik derby. Oftewol, enoarm soad sin oan!”
Andrew Makkinga fan Radio 2 Soul & Jazz en 3FM-dj Justin Verkijk dogge ek in muzikale duit yn it pûdsje.
Op it menu stiet ûnder oaren:
* 50 jaar disko;
* Nederlânsk materiaal fan de band Wings, mei Paul McCartney;
* Lana Del Rey en har ûnferwachte konsert yn Ziggo Dome;
* J.J. Cale en toetsenist Leon Russell tegearre op it poadium;
* Omtinken foar de ôfrûne jier ferstoarne Sinéad O’Connor.
Twadde skerm
De Nacht fan de Popmuzyk is ynteraktyf. Fia npo3.nl/nvdp kin men op de útstjoering reagearje, ekstra ynformaasje fine, fideomateriaal besjen en foto’s oplade dy’t eventueel yn de útstjoering toand wurde. Yn de útstjoering is ek ferskate kearen romte foar de kar fan de sjogger, dêr’t elkenien by op in favoryt nûmer stimme kin.
Utstjoering: de Nacht fan de Popmuzyk is sneon 11 novimber te sjen fan 22.45 oere ôf by de NTR op NPO3.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje