Ministearje wol foar Friezen diskriminearjende ûnderwiiswetjouwing net ferbetterje
Resint ferskynd
Ferline jier hat de Ried fan de Fryske Beweging by de Ried fan Europa omtinken frege foar de diskriminearjende oanpak fan it Frysk yn it Nederlânske ûnderwiissysteem. Der is eartiids nammentlik in saneamde ‘draachflakkonstruksje’ betocht dy’t der yn de hjoeddeistige praktyk ta liedt dat skoallen sels kedize hoefolle oft hja oan it Frysk dogge. Om’t der al safolle easken oan skoallen steld wurde, dy’t wol hurd binne, is dat fan dy gefolgen dat it ûnderwizen fan de Fryske taal oer it generaal oan de krapperein komt. Sadwaande leare de measte Friezen harren memmetaal net goed.
It Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip hie in ôfskrift fan it brief nei de Ried fan Europa krige en dat late begjin fan dit jier ta in gearkomste mei ryksamtners. De fertsjintwurdigers fan de Ried fan de Fryske Beweging fûnen it in posityf petear, mar in formele reaksje liet oant yn augustus op him wachtsje, om’t it ministearje wachtsje woe oant it fjirde rapport fan de Ried fan Europa oer de stân fan saken mei de minderheden yn Nederlân útkomme soe. Dêr stie neat oer dy draachflakkonstruksje yn.
Ut de reaksje fan it ministearje die dêrnei bliken dat it Ryk gjin prikken yn it wurk sette wol om de ûnderwiiswetten te ferbetterjen, sa docht de Ried fan de Fryske Beweging no te witten yn syn nijste nijsbrief, dat dizze wike ferspraat waard. It Frysk bliuwt sadwaande neffens de rykswetjouwing in fak dat – oars as bygelyks wiskunde en Nederlânsk – net fan belang achte wurdt foar alle Friezen.
It Ryk wiist wer nei de Provinsje Fryslân dy’t der mar mei rêde moat. It ministearje hat lykwols de provinsje wol al oansprutsen oer it belied fan ûntheffingen foar ûnderwiis yn it Frysk. Neffens it nijsbrief wurdt by de provinsje no wakker skrept om ôf te weven mei de besteande kultuer fan ûntheffingen. Dat soe derta liede moatte dat it foar skoallen minder maklik wurdt om har foar Frysktalich ûnderwiis op in reedlik nivo wei te winen. It ûnderwerp sil fierder ek oan ’e oarder komme yn de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer.
Yn it nijsbrief stiet in oersjoch fan noch folle mear saken dêr’t de Ried fan de Fryske Beweging op ’t heden mei dwaande is. Dat nijsbrief is hjir yn al syn hear en fear te lêzen: Nijsbrief Ried Fryske Beweging, oktober 2023. De yn it nijsbrief neamde útnûging foar de folgjende iepenbiere Riedsgearkomste is hjir te finen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje