Mercator Meartaligenslêzing op 28 novimber

novimber 6, 2023 08:15 Fernijd

De Mercator Meartaligenslêzing wurdt dit jier jûn troch Dr. Sharon Unsworth (Centre for Language Studies, Radboud Universiteit Nimwegen).

Op 28 novimber 2023 sil frou Unsworth in Ingelsktalige presintaasje hâlde mei de titel ‘What (not) to expect when raising or working with bilingual children’, oftewol: ‘Wat (net) te ferwachtsjen as je twatalige bern opfiede of dermei wurkje.’

Dr. Sharon Unsworth is taalkundige by it Sintrum foar Talestúdzjes yn Nimwegen. Har ûndersyk rjochtet him op it útfinen fan hokker faktoaren bydrage oan it sukses fan twatalige taalûntwikkeling, en hja is entûsjast oer alles wat mei meartaligens te krijen hat. Hja is makker en presintator fan de Kletsheads-podcast (Ingelsk/Nederlânsk), en direkteur fan it Kletskoppen– bernetaalfestival.

De lêzing wurdt online fia Zoom holden, sadat elkenien op ’e wrâld dielnimme kin. It dielnimmen is fergees, mar it oanmelden is ferplichte.

Taheakke: Struibrief

Boarne: Fryske Akademy

novimber 6, 2023 08:15 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.