Mar 36 Friezen krigen ferline jier in hûneboete

novimber 4, 2023 08:18

Yn Fryslân waarden ferline jier 36 hûneboeten útdield. Dat is mar 2,2% fan alle boeten yn Nederlân. It giet ûnder mear om bekeuringen foar it lizze litten fan hûnestront of foar it net oan ’e riem hâlden fan de hûn. Dat docht bliken út ûndersyk fan beslist.nl, dy’t de sifers oer hûnrelatearre boeten analysearre op basis fan CJIB-gegevens.

Foto: pixabay.com

Fierwei it grutste part fan de hûnebekeuringen waard yn Ljouwert útskreaun: mar leafst 77,8% fan alle boeten yn ’e provinsje wie foar ynwenners fan dy gemeente. Nei Ljouwert waarden ek yn Weststellingwerf en Súdwest-Fryslân hûne-eigeners faker op ’e bon slingere as earne oars yn ’e provinsje.

Hieltyd minder gemeenten mei hûnebelesting
Yn hieltyd minder gemeenten betelje Friezen hûnebelesting. Yn 2014 gie it noch om seis fan de achttjin hjoeddeiske gemeenten. Underwilens heffe noch trije gemeenten belêsting foar it besitten fan hûnen, te witten Ljouwert, Flylân en Smellingerlân.

De hichte fan de hûnebelesting is sa:

  1. Flylân: € 83,04
  2. Ljouwert: € 76,33
  3. Smellingerlân: € 74,00

Tal boeten nimt ôf yn Nederlân
It tal boeten foar hûne-eigeners nimt al jierrenlang ôf. Yn 2022 waarden yn hiel Nederlân 1.636 ‘hûnrelatearre boeten’ útskreaun, wylst it yn 2016 noch om hast fiiftûzen boeten gie. Dat is 67,1% minder. Yn Fryslân wurde ek minder hûneboeten útskreaun, neffens 2016 65,7% minder.

Sjoch op de ûndersyksside foar mear ynformaasje.

novimber 4, 2023 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.