Lêzing Yme Kuiper oer Montanus de Haan Hettema

novimber 14, 2023 08:11

Mr. Montanus de Haan Hettema (boarne:  Tresoar)

It is 150 jier lyn dat jurist en frisist mr. Montanus de Haan Hettema yn Ljouwert stoar en op it Huzumer tsjerkhôf begroeven waard. Dat is in passende oanlieding om oan dy ferneamde en beruchte Fries omtinken te jaan. Dat sil op freed 24 novimber dien wurde yn Kultuerpoadium Doarpstsjerke Huzum mei in lêzing fan Yme Kuiper ûnder de titel ‘Romantisch geleerde of quasi-adellijke fantast?’. As ûndertitel jout de sprekker mei: ‘Het verdriet van jhr. mr. Montanus de Haan Hettema (1796-1873)’.

Montse Hettema waard yn Boalsert berne yn in grutte roomske húshâlding. Syn heit wie winkelman en in bekend partiot. Montse waard yn 1815 as jonkhear yn de Friese Ridderschap beneamd. Dêr seagen in protte minsken fan op, mar hysels hie leaver sjoen dat er baron wurden wie.

Hy studearre yn Grins en promovearre yn de rjochten. Hy liet him adoptearje troch Anna Maria de Haan en neamde himsels De Haan Hettema. Hy seach himsels as in grut gelearde, mar fielde him yn syn eigen Fryslân slim miskend. Hy waard ynternasjonaal bekend mei út it Aldfrysk oerlevere wetsteksten, mar hy rekke mei alderhande bekende Fryske publisisten lykas Wopke Eekhoff en Joast Hiddes Halbertsma yn tsjok waar. Hy hie oeral krityk op. Syn eigen fynsten hiene in heech romantysk-mytysk gehalte. Doe’t er ophold mei publisearjen wist er: ik stean lykme allinne.

Yme Kuiper (eigen foto)

De sprekker, Yme Kuiper (1949), wie bysûnder heechlearaar antropology en histoaryske bûtens oan de RUG. Hy krige bysûndere prizen. De Haan Hettema soe it geweldich fûn hawwe as er witten hie dat syn libben en wurk 150 jaar nei syn dea yn it âldste monumint fan Ljouwert nochris beljochte wurde soene.

Nei de lêzing sil Peter de Haan stil stean by in oare yn Huzum begroeven bekende Fries dy’t 150 jaar lyn berne waard. Wa’t dat is, bliuwt noch in ferrassing.

De lêzing begjint om 16.00 oere. Tagongskaarten à € 6,00 kinne foarôf digitaal kocht wurde op https://www.ticketkantoor.nl/shop/Ymekuiper.
Auto’s kinne op it grutte plein foar Intratuin fergees parkearre wurde.
novimber 14, 2023 08:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.