Lêzing/wurkatelier oer soarchwenjen yn de Trynwâlden

novimber 5, 2023 08:12 Fernijd

Trynwâlderein organisearret op tongersdei 16 novimber yn Oentsjerk in lêzing/wurkatelier mei ynformaasje oer besteande wenkonsepten. Sophieke Klaver, adviseur fêstgoed foar wenjen, soarch en wolwêzen, jout in lêzing en Wim-Jan Dijk, arsjitekt en foarsitter fan Trynwâlderein, sil it wurkatelier liede. It tema is ‘Dreame oer wenjen, mei soarch’ yn de Trynwâlden.

Boarne: Trynwâlderein

Trynwâlderein stelt him ta doel om âlderen yn de Trynwâlden te helpen en set him derfoar yn om harren sa lang mooglik yn harren fertroude omjouwing wenje te litten. Dat is no soms lestich, omdat der yn de doarpen foar âlderen fan wa’t de lichaamlike en/of geastlike tastân minder fan wurdt, gjin passende soarch of wenromte is. Soarchfoarsjenning is der wol yn Dokkum, Ljouwert, Hurdegaryp en Burgum, mar dat betsjut ferhúzjen. As der al plak is. De (eigen) wenning is net altyd gaadlik, of kin net gaadlik makke wurde, foar passende soarch thús.

Boarne: Trynwâlderein

Wim-Jan Dijk (boarne: Trynwâlderein)

Neitinke oer de takomst is net maklik. Elkenien wol it leafst sa lang mooglik selsstannich en sa sûn mooglik op it plak bliuwe dêr’t er no libbet, en dêr’t er sels de regy oer it libben hâldt. Neitinke oer sûnensomstannichheden skoot er it leafst foar him út, om’t er dy feroaringen eins net wol. It biedwurd is ‘sa lang mooglik sûn bliuwe’, mar dat wurdt neigeraden it âlder wurden lestiger. No is der noch net neat of net folle oan ’e hân, mar wannear’t it liif en de holle jin yn ’e steek litte, is help faaks wol nedich. Earst fan de direkte omjouwing, mar as de soarch swierder wurdt is mear profesjonele help nedich.

De fraach is oft dy help tsjin dy tiid beskikber is en oft ús wenningen dan ek foldwaande gaadlik binne om dy help jaan en krije te kinnen. In protte minsken wenje ûnder en sliepe boppe. As it dreech wurdt om boppe te kommen, kin in treplift útkomst biede. Mar is der boppe genôch romte om lichaamlike fersoarging jaan te kinnen? Is de baairomte grut genôch foar bygelyks it brûken fan in rolstoel? Net alle wenten kinne foarsjoen wurde fan in ekstra sliepkeamer mei sanitêr ûnder, om’t de romte beheind is of om’t de kosten te heech binne.

Sophieke Klaver (boarne: Trynwâlderein)

De Trynwâlderein wol foarkomme dat minsken (eventueel tegearre mei de partner) út de Trynwâlden ferhúzje moatte om’t der gjin gaadlike wente mear is, of om’t passende soarch net mear levere wurde kin. Hoe’t it wenjen mei passende soarch der letter útsjen moat, is in fraach dêr’t hjoed al oer neitocht wurde moat. Wat nijs bouwe kostet in protte tariedingstiid. It tinken dêroer moat no yn gong set wurde om klear foar de takomst te wêzen. Trynwâlderein wol dat tinken graach mei de minsken dwaan. Dêrom wurdt in jûn ‘Dreame oer wenjen, mei soarch’ organisearre yn de Trynwâlden, om’t elkenien dêr betider of letter mei te meitsjen kriget.

Op tongersdeitejûn 16 novimber wurdt yngien op fragen as:

– Hoe wol ik âld wurde?
– Hoe wol ik wenje; yn in hofke, appartemint, mei of sûnder túntsje ensfh.?
– Wat is der nedich foar de soarch?
– Wat wol en kin ik noch dwaan foar oare âlderen?
– Wat mist der noch oan passende foarsjenningen yn de Trynwâlden?

Der is ek alle romte foar nije ideeën.

Koartsein, in jûn oer ‘dreame oer wenjen, mei soarch’ yn de breedste sin. In jûn om inoar te ynspirearjen en fan inoar te learen. Belangstellenden binne fan herte wolkom.

‘Dreame oer wenjen, mei soarch’ yn de Trynwâlden
Lêzing/wurkatelier troch Sophieke Klaver en Wim-Jan Dijk;
Datum: Tongersdei 16 novimber, 20.00 oere;
Plak: Pro Rege, Rengerswei 15 Oentsjerk;
Tagong: fergees.

novimber 5, 2023 08:12 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.