Lêzing troch Kader Abdolah oer Perzyske dichter Rumi
Resint ferskynd
Kader Abdolah is it skriuwerspseudonym fan de Iraanske balling Hossein Sadjadi Ghaemmaghami Farahani (Iran, 1954). Hy is berne yn Arak yn de streek Farahani, dêr’t strang de Islam neifolge wurdt. Op tongersdei 7 desimber fertelt er yn de Doarpstsjerke Huzum oer syn nijste boek.

Kader Abdolah (foto: ©Yvette Wolterinck)
Under syn stúdzje natuerkunde yn Teheran slút er him oan by in geheime loftse partij dy’t tsjin de diktatuer fan de sjah en letter dy fan de ayatollahs focht. Hy skriuwt foar in yllegaal blêd en publisearret twa klandestine ferhalebondels, ûnder de gearfoege foarnammen fan twa freonen (Kader en Abdollah) út it ferset, dy’t fermoarde waarden.
Yn 1988 flechtet er út Iran wei nei Nederlân. Wrakseljend mei de taal begjint er syn ferhalen yn it Nederlânsk te skriuwen. Yn 1993 debutearre er mei de ferhalebondel De adelaars, dêr’t er fuortdaliks foar bekroane wurdt mei de wichtige debutantepriis ‘Het Gouden Ezelsoor’.
Syn nijste boek
Yn it nijste boek beskriuwt Kader Abdolah in mystike reis troch it libben fan de Perzyske dichter Rumi. Wat jij zoekt, zoekt jou is in trijelûk wurden, dêr’t Abdolah in novelle oer it libben fan Rumi yn ferwurket en sa’n njoggentich gedichten en fyftich ferhalen fan de Perzyske master yn oerset hat. In boek fan Rumi én Kader Abdolah, yn in tiid fan haast en grutte ûnrêst, om efkes stil te stean by it libben. Wat je zoekt, zoekt jou giet net sa lyk oer Rumi, mar oer ús: de minske, op út suverste en moaiste mominten.
De lêzing troch Kader Abdolah oer de Perzyske dichter Rumi, yn de Doarpstsjerke Huzum, Ljouwert, op tongersdei 7 desimber 2023, 20.00 oere. De tagongspriis is € 10,00. Tagongskaarten kinne fan tefoaren oanskaft wurde fia it Ticketkantoor. By de tsjerke is net folle parkearromte. Besikers kinne – op rinôfstân en fergees – parkearje op it romme parkearterrein foar de Intratuin oer (súdside Tynjedyk).
De lêzing wurdt organisearre mei de Stichting foar Universeel Soefisme Noard-Nederlân.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje