Lêzing Anne Hielke Lemstra – ‘Luxwolda: famyljeskiednis yn Lúkswâld’
Resint ferskynd
De Fryske Akademy bestiet 85 jier. It Genealogysk Wurkferbân fan ’e Fryske Akademy organisearret dêrom, yn ’e mande mei de Fryske Rie foar Heraldyk, in middei oer Lúkswâldster famyljeskiednis.

Foto: Wikimedia Commons/Romke Hoekstra, eigen foto – CC BY-SA 4.0
Op sneon 25 novimber hâldt genealooch Anne Hielke Lemstra yn doarpshuis ’t Trefpunt yn Lúkswâld in lêzing oer de famylje Luxwolda en relatearre famyljes út it doarp, oant sirka 1875. Fierder sil heraut Jelle Terluin fan de Fryske Rie foar Heraldyk fertelle oer de flagge en it wapen fan Lúkswâld. It begjint om 13.30 oere, de tagong is fergees.

Anne Hielke Lemstra (eigen foto)
Anne Hielke Lemstra giet yn syn lêzing yn op it ûndersyk dat er dien hat nei de skiednis fan de famylje Luxwolda en inkelde relatearre famyljes. It komôf fan dy famylje is, fansels, it doarp Lúkswâld yn Opsterlân. It doarp sels en de eardere gritenij Aengwirden binne dan miskien lyts, mar de oerlevere boarnen jouwe rom ynsjoch yn dy (lytse) famylje. Generaasjes lang wiene de Luxwolda’s belutsen by de turfwinning yn ’e streek. Aldere generaasjes fan de famylje binne te finen yn Aengwirden, wylst lettere generaasjes har ûnder mear yn Langsweagen en op ’e Gordyk fêstigen.
In artikel dat Lemstra nei oanlieding fan syn ûndersyk skreau, ferskynt ynkoarten yn it nije Genealogysk Jierboek, dat sûnt 1951 troch de Fryske Akademy útjûn wurdt en ûnder redaksje fan leden fan it Genealogysk Wurkferbân stiet. It jierboek befettet genealogyske bydragen, lykas kertiersteaten, parentelen en oare rekonstruksjes fan famyljerelaasjes út eardere tiden, en in oersjoch fan wapenregistraasjes troch de Fryske Rie foar Heraldyk. Spesjaal foar de lêzing fan Lemstra iepenje de doarpshistoarisy fan Lúkswâld de doarren fan harren argyf, dat húsfeste is yn doarpshús ‘t Trefpunt, dêr’t ek de lêzing hâlden wurdt.
Oer Anne Hielke Lemstra
Anne Hielke Lemstra (1967) is sûnt 2006 redaksjelid fan it Genealogysk Jierboek. Hy hat ek foarsitter fan it Genealogysk Wurkferbân fan ’e Fryske Akademy west. Op de legere skoalle wie er al dwaande mei argyfûndersyk. Yn 2002 resultearre dat yn in publikaasje oer in famylje Lemstra yn it Genealogysk Jierboek. Dat gie net oer syn eigen famylje, mar oer in lytse famylje dy’t de famyljenamme ûntliend hat oan syn plak fan komôf: De Lemmer.
Yn 2015 skreau er it boek 200 jaar Schirm mode Lemmer & Emmeloord oer de skiednis fan sân generaasjes kleanmakkers, fan de oprjochter Valentijn Schirm yn 1815 ôf oant de hjoeddeistige generaasje. Lemstra levere ek in bydrage oan Tussen Zijlroede en Lijnbaan (2008), in boek oer de skiednis fan ien fan de oerlevere achttjinde-iuwske gebouwen op ‘e Lemmer.
Yn it koart
Lêzing Anne Hielke Lemstra – ‘Luxwolda’
Datum: sneon 25 novimber 2023; ynrin 13.00 oere, start 13.30 oere
Plak: ’t Trefpunt, Hegedyk 38A, Lúkswâld
Fiertaal: Frysk
Tagong: fergees
Online
Fryske Akademy – Genealogysk Wurkferbân
Fryske Akademy – Fryske Rie foar de Heraldyk
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje