‘Lentetuin’ fan april 2024 ôf yn Grinzer Museum werom
Resint ferskynd
De ‘Lentetuin’, de pastorijtún yn Nuenen yn ’e maitiid fan Vincent van Gogh is fan april 2024 ôf yn it Grinzer Museum werom. It yn 2020 stellen skilderij, dat koartlyn weromfûn is, sil dan te bewûnderjen wêze yn de nije kolleksjeútstalling fan it museum.

‘Lentetuin’ fan Vincent van Gogh, Grinzer Museum (foto: Marten de Leeuw)
It Grinzer Museum kriget takom jier in nije kolleksjepresintaasje, dy’t yn it teken fan it 150-jierrich bestean fan it museum stean sil. Van Goghs ‘Lentetuin’ kin dêr net yn ûntbrekke. De kommende tiid wurdt it wurk yngeand ûndersocht en restaurearre.
Kolleksjeútstalling Grinzer Museum 150 jier
Groninger Museum 150 jaar – Behind the Scenes jout in ynsjoch efter de skermen fan it museum. Hoe komt in kolleksje ta stân, hoe wurde keunstwurken konservearre en hoe wurde se dan oan it publyk presintearre? Hoe gie dat eartiids en hoe giet dat no, en wat is dêr allegearre mei mank?
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje