‘Lanlike’ stimstiper yn it Frysk
Resint ferskynd
Langer komt men om yn de stimstipers: StemWijzer, Kieskompas, Kieswijzer 2023, MijnStem, ensafh. Dêrnjonken binne der tematyske stimstipers, lykas de Boerderij Kieswijzer, de KiesWijzerWonen en sels in Cannabis-kieswijzer en in Politieke Sekswijzer; om der mar in stikmannich te neamen. Boppedat biedt it Kieskompas (yn gearwurking mei de regionale omroppen) ek noch provinsjale farianten. Dy lykje oars in soad op inoar: net mear as in pear fan de nei foaren brochte stellingen fariearje tusken de provinsjes. Mar it binne op it lêst ek lanlike ferkiezingen en der wurdt by it iepenjen fan it stimhelpprogramma earlik oankundige dat it om in ‘vleugje Limburg, Gelderland, Flevoland’ ensafh. te rêden is. En om in ‘bewyske Fryslân’. Want dy stimstiper is der ek yn it Frysk.
Ut it Kieskompas komt lykwols net in simpel stimadvys mar oan ’e hân fan syn/har antwurden wurdt de brûker posisjonearre yn it politike lânskip. Hy/sy komt telâne op in punt yn in grafyk mei in horizontale as foar sosjaalekonomyske (lofts-rjochts) en in fertikale foar sosjaalkulturele tema’s (progressyf-konservatyf). Krekt as de partijen dy’t it Kieskompas ynfolle hawwe, sadat men sjen kin hokfoar partij it tichtste by jins opfettingen komt. De antwurden fan de partijen hat it Kieskompas boppedat kontrolearre neffens oanlevere offisjele partijdokumintaasje.
Wat opfalt yn de grafyk, is dat der by de partijen in sterke gearhing is tusken lofts en progressyf en rjochts en konservatyf: de kwadranten rjochtsboppe en loftsûnder binne leech. Yn it ferline wie dat lykwols oars. Sa stie D66 yn 2012 yn it rjochts/progressive kwadrant en wiene PVV en 50PLUS yn 2021 yn it lofts/konservative kwadrant bedarre.
Klik hjirre om jim posysje yn it politike lânskip neffens it Frysktalige Kieskompas út te meitsjen.
Foar wa’t noch net alhiel dúdlik is, wat it ferskil no krekt is tusken lofts en progressyf en rjochts en konservatyf, is dit de taljochting dêroer út it Fryske Kieskompas:
Konservatyf – progressyf
Konservative partijen wurdearje tradysjes en groepen lykas de tsjerke, famyljes en klups. Se fine de mienskip faak wichtiger as yndividuele karren, foaral by etyske ûnderwerpen. Se binne meastal foarsichtich mei grutte feroaringen en wolle dat de oerheid soarget foar rêst en regelmjittigens. Se binne net altyd fan griene inisjativen en steane faak tebekhâldend tsjinoer ymmigraasje. As it giet om kiezen tusken natuer en jild, hingje se mear nei de kant fan jild. Progressive partijen binne faak foarstanner fan fernijing en feroaring, foaral as dit liedt ta mear gelikensens en rjochtfeardigens yn de maatskippij. Se hechtsje in soad wearde oan persoanlike frijheden en yndividuele rjochten, foaral yn etyske kwestjes. Oars as konservative partijen, binne progressiven trochstrings mear iepen foar feroaring en steane se kritysker tsjinoer fêstige tradysjes en ynstitúsjes as dy as beheinend of ûnrjochtfeardich sjoen wurde. Se leauwe yn in oerheid dy ‘t aktyf bydraacht oan sosjale ferbetteringen en binne faak entûsjast oer duorsumheidsmaatregels. Wat de ôfwaging tusken miljeu en ekonomy oanbelanget, hingje progressive partijen faker oer nei it beskermjen fan it miljeu, sels as dat ekonomyske oanpassingen freget. Se steane ornaris ek positiver tsjinoer ymmigraasje en diversiteit.
Lofts – rjochts
Rjochtse partijen wolle dat de oerheid him minder bemuoit mei de ekonomy. Se fine dat minsken mear frijheid hawwe moatte om harren eigen kar te meitsjen sûnder in soad regels fan de oerheid. Se leauwe dat as der minder belestingen en regels binne, bedriuwen en minsken better wurkje kinne. Se tinke dat de frije merk faak better wurket as wannear ‘t de oerheid him dermei bemuoit. Se binne ek foar it idee dat private bedriuwen, yn stee fan de oerheid, dingen lykas it iepenbier ferfier regelje moatte. Linkse partijen fine dat de oerheid aktyf wêze moat yn de ekonomy. Se leauwe dat de oerheid der is om elkenien te helpen, foaral as it giet om sosjale en finansjele saken. Dit betsjut dat as ien siik wurdt of syn baan ferliest, de oerheid helpe moat. Se fine ek dat de rykdom yn in lân earlik ferdield wurde moat, en dat kin bygelyks troch belestingen. Fierder fine se dat de oerheid ferantwurdlik is foar wichtige tsjinsten lykas sûnenssoarch en iepenbier ferfier.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje