Janna’s fotoferhaaltsjes (2)

novimber 10, 2023 08:00

Janna van der Meer makket bysûndere foto’s. Om de twa wiken lit se hjir ien sjen. Se skriuwt der in persoanlike oertinking by.

Binne wy de hoeders fan ús fee?

Wolkeskiep (foto Janna van der Meer

Minsken prutse al tûzenen jierren oan harren fee. Men kin wol sizze dat wy dizze bisten makke hawwe ta wat se no binne. Wy hawwe harren liven (kleur, foarm, mjitten, stofwiksel ensfh.) en sels harren aard oan ús behoeften oanpast. En dat poetst men ek net samar wei. De measte kij, skiep, bargen en hinnen oerlibje net lang yn de frije natuer. Se kinne net mear sûnder ús.

Tsjin wil en tank draaie se mei yn it ekonomysk systeem. Sjoch nei de plestik earbellen dy’t se drage. Elk bist hat syn eigen nûmer, krekt as minskeboargers. It is in soarte fan ‘bisteservicenûmer’, mar dy ‘service’ giet dan fansels net oer wat sy fan ’e minsken ferwachtsje meie. It is foaral oarsom.

Wy tinke oer ús fee graach yn nûmers. Dat makket it makliker om se as keapwaar te sjen. Dochs hat elk bist syn eigen persoanlikheid. Ik wenje op in pleats en bin dêr tsjûge fan. Sa hawwe we in keppel skiep. Se binne allegearre krêmekleurich, mar der is net ien itselde. It fernuveret my altiten wer hoe’t elk bist syn eigen rariteiten hat.

Wy passe goed op ús fee, fine wy. Mar wat betsjut dat? Meie se bygelyks wêze dy’t se binne? En wat is dat dan?

novimber 10, 2023 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.