Jan Schokker: Laadfûgel

novimber 25, 2023 08:00

Kollum

Kloften einen, keppels guozzen en oermjittige partijen oare trekfûgels strike op trochreis nei frjemde oarden op de sompewiete fjilden fan ’e Tsjongerfallei del om by te laden. Wat in prachtich ritueel, wat in ymposant skouspul. En wat my krekt dizze hjerst opfoel, wie hoe lang en maklik oft de frjemdste fûgels har ûntjouwe om mei alle mannemacht  wer op krêft te kommen. Dêr soe ik wat fan leare kinne.

Tsjintwurdich ride we elektrysk. Hûndert persint. Dêrfoar ha we twa auto’s ynlevere én ús fanâlds ûnberonge frijheid. Mar ja, fan dit komt dat: mei de oanskaf fan sinnepanielen hiene we al in earste bewuste stap set om op enerzjy te besparjen en dus ek op sokke akkefytsjes as garaazje- en brânstofkosten. Nei in pear wiken fan foarljochting troch autoferkeapers fol fjoer en ûneinich skrollen oer byldskerms hiene we in aardich oersicht krige fan wat der sa al te keap wie oan elektryske, hybride en plug-in hybride ferfier.

Wy rieden al net safolle mear. Foar boadskippen, besiten oan famylje en kunde, wat ritsjes yn ’e omkriten en om mei ús fytsen efterop ’e auto, soene we mei in elektryske auto mei in aksjeradius fan net minder as 250 km aardich út ’e fuotten komme kinne. It thús laden fan ’e auto is dan eins poer geskikt. Of net dan? Fakânsje yn eigen lân, mooglik miskien ek yn in net al te fier lân. Dat alles koe noch skoan. Miskien ûnderweis in pear kear oplade, dat wat tiid nimme soe, mar wy krije fan Drees, dus tiid by de rûs.

It wie in moaie freed. No binne alle dagen like moai en fansels dizze ek, mar it waar wie net oanpast. It reinde as dy iene sûndfloed út it jier nul en it stoarme net in bytsje. Wy moasten nei de omkriten fan Leien om in boadskip, neffens Google Maps 174 kilometer fan Nijhoarne. De akku fan ús Opel Mokka op hûndert persint, en it ynteraktyf tûke skerm joech oan dat we dan dochs wol sa’n trijehûndert kilometer ride koene. No witte we ek wol dat, krekt as yn ’e polityk, it der yn ’e praktyk faaks net sa bêst útsjocht. Dat doe’t we teplak wiene, wie der noch mar fjouweren­sechstich kilometer oer. Dêr skrokken we net fan. Wy koene fan tinken wol ha dat myn sportive manier fan riden, de kachel op syn fûlst en altyd wer dy tsjinwyn aardich wat kWh fermogen fereaske hiene.

It doel wie oarspronklik om Leien te besjen. Prachtstêd, grôtfol histoarje, bysûndere musea, nijsgjirrige merk, mar it waar wie dy freeds net bepaald geskikt om troch in âld­-stêd om te dangeljen. Dat mar werom. Op reis nei it noarden ta earst mar ris oplade by ien fan de Fastned oplaadplakken dy’t almeast by alle tankstasjons te finen binne. It wie der stikken drokker as gewoan, mar wy fûnen op tiid in oansluting. Nei trije stikjes bôle dy’t smakken as gebak, en tweintich minuten opladen stie de kWh-teller al wer op in noflike 200 km. Dat like my genôch foar de thúsreis. Yn ’e rjochting fan Skiphol rûn it tal files lykwols aardich op. It die bliken dat it in freed wie tusken twa skoal­fakânsjes yn en dy omstannichheden wiene sa dat it ús better talike om mar streekrjocht op hûs oan te gean.

Healwei de twadde polder like it ús saak om nochris by te laden. Want soe der in kabel trochslein wêze, fregen we ús ôf, wiene ik of de frou dan sa swier dat de motor it net mear oankoe, wiene we miskien bekocht oan dizze e-wein? Hie ik oars dochs wat mear geduld ha moatten by it laden? Krekt foarby de Stichtse brêge stie in laadstasjon oanjûn, mar dat wie mar ien en dêr stiene al trije e-stumpers te wachtsjen. Moai trochride dus, kânsen genôch fierderop. Foar De Lemmer wie in grutte Fastnetter, mar wer in tefolle oan toarstige stroomsliners. Hjir stiene net minder as fjouwer yn ’e reinige wacht.

It waard spannend. De meter sakke noch rapper en ik frege my ôf oft der net in misrekken makke wie en dat we yn werklikheid yn metryske milen rekkenje moasten. By it tankstasjon foarby De Jouwer gjin laadpeallen. In oare app op de telefoan joech hjir en dêr al in oplaadpeal oan, mar ik woe net omride mei kâns op teloarstelling. Foarby It Hearrenfean en ek oan de súdkant fan it Fryske Haachje wiene der genôch, mar wy namen mar de gok en besleaten om stoer troch te setten. It libben fan in pensjonaris is al sa flak en egaal, men moat jinsels op tiid ris kitelje. Dêr kriget men wer enerzjy fan. Sizze se. De moderne minske groeit fan rjochten pas bûten de eigen komfort­sône. Wat jo sizze.

By Aldskoat stie my it swit yn ’e hannen en op ’e foarholle. Jakkes, noch mar tsien kilometer op de teller en wy moasten noch seis of sân ôflizze. Krekt foar Mildaam foel de hiele teller fuort. Horror! Moasten we no hohâlde, op it parkearplak by it tsjerkje? Famylje of ANWB belje? In oant no ta ûnbekend digitaal balkje joech oan dat der lykwols noch fjouwer persint ynsitte soe. No ja, gas derop. Falt ús Mokkake út, dan falt it Mokkake út. Mei noch twa persint yn ’e akku en dweiltrochwiet ûnder de earms kamen we thús.

Om de spanning wat kwyt te reitsjen haw ik noch in blokje om fytst. Boppe my allegearre guozzen, krekt op wei nei oare oarden, mar se makken in apart lûd. Ik tocht noch: Se laitsje my út …

novimber 25, 2023 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.