Jan Bosgraaf:  Wêr giet it hinne?

novimber 18, 2023 09:47

Kollum

Wêr giet it hinne? Dat freegje in soad minsken har grif wolris ôf. Tsjintwurdich benammen as it om de oarloch tusken Israel en Hamas giet en om de oarloch yn Oekraïne. En oars wol wêr’t it hinne giet mei it klimaat. Of, om tichter by hûs te bliuwen, hoe’t it komt mei de stikstofproblematyk, de opfang fan asylsikers, de (sûnens)soarch, it ûnderwiis of de krapte op de wenningmerk. Genôch redenen om jin ôf te freegjen: ’Wêr giet it hinne?’ Dat jildt ek foar it Sinteklaasfeest. Fan it wrâld- en lanlike toaniel nei it doarps- en stedstoaniel dêr’t Sinteklaas en syn piten op spylje. It jierlikse toanielspul foar de bern. It bernefeest!

Hjoed, 18 novimber, is it wer safier. Dan komt de goedhillich man mei syn helpers yn Gorinchem (Gorkum) oan. De bern, wol of net ferklaaid, steane mei de âldelju it selskip op te wachtsjen. Se sjonge har de longen út it liif en roppe om it hurdst ’Pyt, Pyt, Pyt’, yn ’e hoop om wat snobbersguod fan dy bysfeint te krijen. Om seis oere jûns sitte se mei reade wankjes nei it Sinteklaasjoernaal te sjen. As it bêdtiid is, sette se in skoech mei in woartel en, as se op it plattelân wenje, in topke hea foar it hynder deryn, by de iepen hurd, de pelletkachel of earne oars. Deawurch fan alle emoasjes sjonge se mei ynmoed noch in Sinteklaasferske. Nachts dreame se fan de kado’s, of, as se wat beskiedener binne, kadokes dy’t se mei safolle soarch, it puntsje fan te tonge ta de mûle út, op it ferlanglistke skreaun hawwe. It duorret lykwols noch twa-en-in-heale wike ear’t Sinteklaas de presintsjes troch syn helpers besoargje lit. Sa lang lit er dy lytse krobben yn it ûngewisse oft se wol of net wat krije. De spanning nimt mei de dei ta en is tsjin 5 desimber hast net mear te fernearen. It wurdt tiid dat dy âlde burdman ynsjocht dat er syn goedhillige status op dizze wize gjin eare oan docht en him te folle liede lit troch de kommersje. Mar dat begripe dy lytse dogeneaten fansels net. Dy binne alhiel  út ’e skroeven as se dan einlings in kado(ke) krije, al hoe lyts oft it ek is. Se hawwe it ommers krige fan Sinteklaas! It sjongen en it wachtsjen hat fertuten dien.

Wat dat oangiet is der generaasjes lang neat feroare. Fóár de reformaasje (dat is oant om ende by 1570) waard it Sinteklaasfeest yn ús kontreien foaral fierd op kleaster- en kardinaalskoallen. De learlingen dêrfan keazen op 6 desimber ien fan harren as Sinteklaas. Dizze ’jongesbisskop’ gie dan mei in lyts gefolch maten fan syn jierren, dy’t soms as duvels ferklaaid wiene, troch doarp en stêd om bern fan earme lju te traktearjen op koeke en apels en soms op nije skuon. Nei de reformaasje wie it Sinteklaasfeest yn ús lân inkelde iuwen yn it iepenbier ferbean. Strang-kalvinistyske dominys, dy’t in soad ynfloed op it lânsregear hiene, fûnen it feest in ergerlik roomsk byleauwe en skandlike bedjerderij fan de jeugd. It feest waard lykwols gewoan fierd, ek troch protestanten, mar dan yn húslike rûnte. De bern krigen ek likegoed presintsjes en snobbersguod. En Sinteklaas die alles allinne. Fan helpers wie gjin sprake. Earne yn de earste helte fan de 19e iuw krige Sinteklaas syn earste helper; in jongfeint mei  in donkere hûdskleur en kroezich hier, dy’t Pieter-me-knecht neamd waard. Sa neamt Toon Hermans silger him ek yn syn ferneamde Sinteklaas(Snieklaas)konferense fan 1974. Letter waard er bekend as Swarte Pyt.

boarne pixabay.com

Yn ’t earstoan hie dy Pyt in beskieden rol, mar om 1900 hinne begûn er te driigjen mei in boskje byinoar bûne twigen en in sek dêr’t er ûndogenske bern yn stopje en mei nei Spanje nimme soe. Sinteklaas hoegde doe net mear te freegjen ’Zijn hier ook stoute kinderen?’ De âldere lêzers kenne dat byld grif werom.

Sa’n fyftich jier lyn feroare it byld fan Swarte Pyt op ’e nij en op in positive wize. It boskje twigen ferdwûn, yn de sek of grutte pûde sieten allinne pipernuten en oar snobbersguod, syn hûdskleur feroare fan swart yn brún en geandewei ferdwûnen de grutte gouden earringen, de fjoerreade lippen en it kroezige hier. Swarte Pyt waard in echte bernefreon en suver populêrder as Sinteklaas. Nettsjinsteande dat kaam der aloan mear krityk op Swarte Pyt. It figuer waard yn ferbân brocht mei rasisme en slavernij. Wylst dat lêste yn ús lân yn 1863 ôfskaft waard. Fierstente let fansels, mar de dingen moatte wol sjoen wurde yn de tiid dêr’t se yn barden.

Yn 2014 stapten tsjinstanners fan Swarte Pyt nei de Amsterdamske bestjoersrjochter, dy’t, op grûn fan artikel 8 fan it Europeeske Ferdrach fan de Rjochten fan de Minske, yn Amsterdam it optreden fan Swarte Pyt yn it iepenbier ferbea. Hoewol’t Amsterdam tsjin de útspraak yn berop gie, ferskynden der dat jier roetfeechpiten op strjitte. Underwilens hawwe de helpers fan Sinteklaas alle kleuren fan de reinbôge en oare fariaasjes (yn Staphorst hawwe se ‘stipwerkpieten’), mar it is de tsjinstanners noch net genôch. Hokker kleur oft er ek hat, (Swarte) Pyt moat folslein ferdwine.

boarne pixabay.com

Sinteklaas wie noch nei Nederlân ûnderweis, doe’t demonstranten fan Kick Out Zwarte Piet (KOZP) en Extinction Rebellion (XR) de riedseal fan de gemeente Elburg besetten. Dat sjogge we tsjintwurdich wol faker. Dat as der earne foar of tsjin demonstrearre wurdt, oanhingers fan oare (aksje)groepen dêrby oanheakje. Dêr wurdt it net dúdliker fan wêr’t foar of tsjin demonstrearre wurdt. Om by dat lytse foarbyld te bliuwen, wat hie XR yn de riedseal fan Elburg te sykjen? De aksje hie neat mei it klimaat of subsydzjes op fossile brânstoffen te meitsjen. By de grutte klimaatmars yn Amsterdam, ôfrûne snein, barde itselde. Der kamen alderhande flaggen en uteringen op T-shirts en buorden foarby. It liket derop, dat der demonstrearre wurdt om it demonstrearjen. Wêr giet it hinne?

Mar om no net te fier fan it it Sinteklaasfeest ôf te dwalen, hokker kleur of klean oft Pyt ek hat, it makket de bern neat út. Dy bliuwe wol ’Pyt, Pyt, Pyt’ roppen. Lit folwoeksen minsken ferstannich wêze en dit bernefeest net bedjerre.

novimber 18, 2023 09:47
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma novimber 21, 11:23

    [Lit folwoeksen minsken ferstannich wêze en dit bernefeest net bedjerre.]

    Ik bin fan miening dat demonstraasjes, fan hokker kant dan ek, net tagelyk mei it bernefeest plakhawwe kinne.

    It is in hiele âlde trúk, dy’t KOZP brûkt. Nei’t se harren punt al jierren dúdlik makke hawwe, wurdt it no útlokking fan rebûlje. En KOZP wit hiel wol dat boargemasters by eintsjebeslút dy rebûlje net wolle.

    https://www.itnijs.frl/2019/12/it-roet-as-kamuflaazjemiddel/

    Ik fûn it wol hiel aardich dat hjoed-de-dei yn De Lier foar myn tuskenoplossing keazen wurdt. Mar dat sil foar de oanhingers fan it ‘Wokeism’ wier net genôch wêze. ‘Wokeism’ hat dan ek neat mei (in) frije mieningsutering te krijen, ismes wolle harren gelyk helje.

    Somtiden freegje ik my ôf oft it noch wol om rebûlje of al om terreur giet.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.