Jaap Slager: Iensumens
Resint ferskynd
Kollum
Ja, ik haw altyd al wat singelier west.
Eartiids krige ús mem bygelyks maten fan my om ’e duorren: oft Jaap ek meikaam. No, ús mem wist dat ik nea fier wêze koe. Want as ik in boek beneist kommen wie, dan siet ik op myn souderkeammerke of ik lei yn ’e hingelmatte yn ’e tún. Dat lêste soe no net mear kinne, want dy beide apelbeammen soene mei de krunen tsjininoar slaan, as se it al op fuotten holden.
Ik wit eins net oft ús mem doedestiids noed stie foar my en myn sels ferkeazen paad fan sosjale isolaasje. Dat wie neffens har faaks net hielendal sa’t it hearde. Likefolle, ik moast fan har mei, mei mei myn maten. De fyts út it hok en dêr gie it hinne. Wêrhinne? Dat wie my nea dúdlik. Ik wist allinnich dat ik it omtinken ferfeelsum fûn, al dat gefljuch om neat. Dan wie it faak hommels fan ho. “Wêr sill’ wy hinne?” Ik wist it net. Ik hie oant dan ta yn ’e ferbylding west dat hja dat wisten. It koe my ek de barrels net skele, wêrhinne. It leafst nei hûs ta. It iennichste dat my ynteressearre, wie hoe’t myn boek fierder gong.
No’t ik it yn my omgean lit, besef ik dat ik my allinnich stikken ferfeel yn it selskip fan oaren …
In bulte oaren om krekt te wêzen, want in noflik ien-op-ienpetear meist my foar wekker meitsje. Ik kin my lykwols wakker iensum fiele mank in protte lju. Wêrom? Ik wit net; ik kin net meidwaan.
Nature or nurture? Oftewol, oerurven of oanwurven?
Nin beroai!
Ik krij it famylje-album derby. Ris sjen oft ik in fertochte sibbe fine kin dy’t my sachs in keppel ferkearde genen tatreaun hat – de doerak.

Eigen foto
Wat ik al tsjinkom, is in foto fan mysels, doe’t ik in jier of tsien wie. Ik wit fuort wêr’t dy makke is. Dat wie by in skoalfeest fan stalke Jappie. Ik wie op fakânsje yn Fryslân mei him yn ’e kunde kommen en waard fuort meitôge nei dat feest. Dat waard holden op ’e Haule, efter in pleats.
Ik koe dêr net in kop; dat ik wie folslein ôfhinklik fan Jappie. Mar Jappie wie my yn in feech fergetten doe’t er syn skoalmaten seach. Ik haw him net wer weromsjoen.
Man, wat fielde ik my doe allinnich! Nuver, net? Middenmank in smite bern!
Doe’t ik it hiem fan dy pleats ôf pesjantele – it feest moast eins noch fan ’e ein – hiet in frjemde keardel my te laitsjen foar de foto. Ik koe sa te sjen troch de triennen hinne noch just in soer glimke foar ’t ljocht tsjoene. Hoe’t ús mem dy foto neitiid beset hat, wit ik net.
Hat dat it kearpunt west?
Lykme-allinne op see haw ik letter nea iensum west. Ik fiel my inkeld allinnich mank in kliber folk; wat grutter it selskip, nammerste iensumer ik my fiel.
Watsei?
Dat sei ik ommers al: ik haw altyd wat singelier west.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje