Italiaanske tsjin Fryske dammers yn Aosta (bywurke)

novimber 20, 2023 20:28

Op snein 19 novimber 2023 is der yn it Italiaanske Aosta in tinksport-ynterlânwedstriid spile tusken Italiaanske en Fryske jeugdspilers. It inisjatyf foar de moeting kaam fan ’e damklub Damaosta. Spilers fan Damaosta binne poer entûsjast oer it Frysk Damjen en hawwe al ferskate kearen yn Fryslân west te spyljen.

eigen foto

No reizgen de jeugdspilers Teije Stor (Boalsert), Neeltsje Ykema (De Gaastmar), Wytze Zeinstra (Blauhús), Wytse Breeuwsma (Wommels) en Sjoerd Breeuwsma (Wommels) nei de noardwestlike berchregio yn Italië. De beide Wommelsers kamen foar it ljocht troch in promoasje-aksje dy’t holden wurde koe troch in opdracht fan de provinsje Fryslân. Der is in spesjale yntroduksjemodule skreaun dy’t fia it platfoarm Lidraughts.org foar elkenien beskikber is en dy’t bekend makke is fia in publisiteitskampanje op ’e sosjale media. Tsien ynstrukteurs binne oplaat om mei dy module ferskate basisskoallen oan te dwaan. Dan hawwe learlingen yn in oere it Frysk Damjen ûnder de knibbel, wiist de praktyk út. Dêrnei kinne se sels oan it oefenjen yn ’e digitale omjouwing fan Lidraughts. De ynstrukteurs kinne de foarderingen online folgje en oanwizingen jaan. Op dy manier binne de fiif bêste jeugdspilers foar de ynterlânwedstriid selektearre.
It bysûndere fan dy wedstriid is dat net allinnich de Italiaanske dammers Frysk spylje, mar dat de Fryske dammers spesjaal foar dit barren ek it Italiaanske spul oanleard hawwe. Mei dêrtroch wie it in bysûndere en spannende krêftmjitting!

Der diene mei-inoar 27 spilers oan mei. In dield tredde plak wie der foar Teije Stor (11 punten). In dield fiifde plak wie der foar Neeltsje Ykema (10 punten). Sjoerd Breeuwsma wie mei 8 punten dield trettjinde. Wytze Zeinstra wie mei 7 punten dield njoggentjinde en Wytse Breeuwsma mei 6 punten dield 21ste. It Fryske team helle mei 42 punten in tredde plak. In earfolle fermelding fertsjinnet de tsienjierrige Leonardo Napolitano, dy’t it slagge om al syn Fryske spullen te winnen.

eigen foto

Njonken de Ynterlân Fryslân-Italië foar de jeugd wie der ek in ynterasjonaal toernoai foar betûfte spilers. Teams út Tsjechië, Italië en Fryslân strieden om de tsjelk fan de troch Damaosta oprjochte National Draughts Clubs League. Dat ynternasjonale ferbân is oprjochte om it damjen yn safolle mooglik nasjonale en ynternasjonale farianten te beoefenjen. Yn dizze earste edysje is der spile yn ’e farianten Italiaansk, Ingelsk, Tsjechysk en FRYSK!
It Fryske team bestie út Sjouke Attema (De Gaastmar), Willem Schaap (Jirnsum), Marten Walinga (Waaksens) en Liuwe Westra (Lollum). Se moasten it opnimme tsjin Italiaanske en Tsjechyske strikers. Foar Italië kamen efter it boerd: Paolo Faleo, Davide Gemma, Andrea Peirano en Francesco Zappia. Foar Tsjechië: Jiri Sysel, Filip Kareta, Milan Sip en Václav Krista. Dit evenemint sil alle jierren holden wurde troch lannen of kriten dy’t har by de League oanslute. Fryslân stiet op ’e nominaasje om it evenemint yn 2025 te organisearjen.

It Italiaanske team slagge op it earste plak (34 punten), de Tsjechen waarden twadde (31) en de Friezen einigen as tredde (7). Foar de Friezen spile net swak by dat mar leafst fiif fan de seis omlopen spylje moasten op it boerd mei 64 fjilden, en mar ien wedstriid neffens de Fryske regels.

Mear ynformaasje oer it Frysk damjen en oer dit barren is te finen op:
www.friesdammen.nl
www.battleofthestrongest.nl

novimber 20, 2023 20:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.