It belang fan in duorsume takomst

novimber 6, 2023 07:30

Skôging

Doare wy oan ‘normaal’ in nije ynhâld te jaan
yn it belang fan in duorsumer takomst?

Yn ús wrâld fan oerfloed en konstante konsumpsje is it heechnedich om nije noarms foar in duorsume wrâld te yntrodusearjen. Wy libje yn in tiid dêr’t reklames en media ús hieltyd wer yn bombardearje mei it boadskip dat nij itselde is as better. Mar wat as we ús definysje fan ‘better’ op ’en nij besjogge en moed sjen litte om it ‘normaal’ nei duorsume alternativen te ferskowen? Doare we oars te sjen nei ús fertroude wize fan winkeljen?

Tess Schram

Tess Schram
Foto: ‘Tess to Sustainability’

In krúsjale faktor yn it skeppen fan sûn en duorsum libjen is it op ’en nij definiearjen fan wat as normaal beskôge wurdt. Reklames hawwe ús leard dat it besitten fan it nijste produkt in teken fan sukses is, mar it is tiid om ta te jaan dat soks in mentaliteit fan weismiten yn ’e hân wurket. It ferget moed om it nije normaal út te daagjen en om te pleitsjen foar in kultuer fan reparaasje en opwurdearring. Lit de stikkene snoadfoan wer meitsje yn stee fan in nije te keapjen; lit fan âlde klean wat nijs meitsje yn stee fan yn de ferlieding te kommen fan de rappe en goedkeapekleanyndustry.

De media spylje in grutte rol by it foarmjen fan ús nije noarms. It is essinsjeel dat we beseffe dat de hieltyd feroarjende moaden dy’t se oanrekommandearje, net allinne skealik foar it miljeu binne, mar ek foar ús gefoel fan eigenwearde. Lit ús ússels en oaren oanmoedigje om los te litten wat ‘yn’ is en om in eigen persoanlike styl oan te mjitten. Lit de driuw om aloan by de lêste moade te bliuwen los en jou ta dat werklike styl fan binnen út komt en net út de winkels.

In oare krúsjale nije noarm dêr’t we op ta moatte, is ús relaasje mei konsumpsje. Keapje we wat omdat we der ferlet fan hawwe of omdat we ienfâldichwei foldwaan wolle oan de ferwachtingen dy’t oaren en de mienskip ús oplizze? Doare wy moedich te wêzen en te kiezen foar twaddehâns artikels yn stee fan belies te jaan foar de ferlieding fan nije oankeapen? De skatten dy’t yn twaddehânssaken te finen binne, fertelle faak nijsgjirriger ferhalen as de standerdisearre produkten dy’t fan de rinnende bân rôlje. Wês net benaud foar mispriizgjen en kies foar duorsum keapjen yn twaddehânsguodwinkels, by ruilbeurzen yn ’e buert, rommelmerken of by digitale platfoarms as Vinted en Marktplaats.

Boarne: pixabay.com

Krekt as by klean moatte we by iten en drinken de noarms oanpasse om de wrâld wat foarút te helpen. Dat freget likegoed om lef om de tradisjonele opfettingen oer fleis- en suvelkonsumpsje út te daagjen en op in mear plantaardich dieet oer te gean. Net allinne foar it miljeu is dat geunstich, mar it draacht ek oan ús sûnens by. Yn Fryslân binne al in protte moaie inisjativen dy’t ús by in sûne libbensstyl foarút helpe. Der binne bygelyks buertwinkels dy’t seizoengrienten en fruit fan de boeren út de omkriten ferkeapje. Dat is net allinne sûner, mar faak ek noch goedkeaper én it skeelt in protte kilometers. Wy binne oan bananen út Kolombia wend en oan it hiele jier troch koerzjette, mar is dat eigentlik wol sa normaal? Wês net bang foar it ûnbekende en ûntdek krekt hoe alsidich en streksum as plantaardich iten is. Wês kreatyf mei nije smaken en fyn in resept yn it ûneinige online oanbod om de lekkerste gerjochten fan lokale produkten op te tsjinjen.

Boarne: pixabay.com

It feroarjen fan nije noarms is net sa’n ienfâldige taak, mar wol in needsaaklike, as we op in duorsumer takomst ta wolle. Lit ús de moed fine om ús relaasje mei besit, moade, konsumpsje en iten en drinken op ’en nij te besjen. Troch de sosjale noarms te feroarjen, jouwe we ússels de frijheid om foar duorsumens te kiezen, sels as dy ôfwykt fan wat as ‘normaal’ beskôge wurdt. Mei-inoar kinne we ús bêst dwaan foar in kultuer fan bewust konsumearjen en duorsum libjen.

It is tiid om moedich te wêzen, de status quo út te daagjen en stappen te setten nei in wrâld dêr’t duorsumens it nije normaal is, net de útsûndering.

Nijsgjirrich wêr te begjinnen? Harkje dan fan 7 novimber ôf nei de Friese Voetafdruk, podcast op Spotify.
Sjoch ek it berjocht fan ôfrûne sneon oer de podcastrige.
novimber 6, 2023 07:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.