Grutter draachflak foar beskerme bistesoarten troch simpeler proseduere (fer)bouoanfragen

novimber 25, 2023 08:08

Bistesoarten lykas de flearmûs, húsmosk, protter, tsjerkûle of swel fiele harren thús yn gebouwen. Se binne by wet beskerme en meie net deade wurde en harren nêsten en ferbliuwplakke meie net fersteurd wurde. Wa’t as partikulier ferbouwe of isolearje wol, moat op basis fan de Wet natuerbeskerming tastimming by de provinsje freegje. Foarhinne gie dat fia in wiidweidige en djoere proseduere. Mei de nije ‘Handreiking Kleine Initiatieven’ hat de provinsje it in stik makliker makke.

Foto: Provinsje Fryslân

Deputearre Matthijs de Vries: “De tiid, it jild en de enerzjy dy’t partikulieren yn in oanfraach stekke moasten, wiene net yn ferhâlding. De nije hantrekken jout goedkeaper en meastal ek flugger dúdlikheid oer wat kin en mei. Gemeenten en advysburo’s binne ek entûsjast oer de nije hantrekken. Ik ferwachtsje mei de nije wurkwize mear draachflak foar it behâlden en stimulearjen fan natuer. Sa snijt it mes oan mear as ien kant mei in plus foar sawol partikulieren as foar de natuer.”

Hantrekken foarsjocht yn in soad (fer)bouwurksumheden wenning
It wurk dat de hantrekken regelet giet fan lyts ûnderhâld oant sloop of nijbou fan in wenning. Foarbylden fan wurksumheden binne:

  • Slopen of bouwen fan in skuorre of wenning
  • Realisaasje fan in oanbou, kajút, dakrút en sinnepanielen
  • Ferfange fan in dak, kezinen, foechwurk
  • Spoumuorre-isolaasje, skilderwurksumheden

Nije proseduere goedkeaper en meastentiids flugger
Yn de nije proseduere is wiidweidich en langduorjend ûndersyk troch in ekolooch en it oanfreegjen fan in ûntheffing net mear nedich. Der wurdt no altyd fan útgien dat der beskerme soarten oanwêzich binne. Der binne dus ek altyd maatregels nedich. Dat jout mear libbensromte. Foarhinne duorre de proseduere samar in jier en wiene de kosten hast altyd heech (oant sa’n € 8.000,-). Yn de nije situaasje is der faak al nei in pear wike of moanne dúdlikheid en binne de kosten meastal in stik leger.

Hantrekken ek handich foar merkpartijen en gemeenten
It nije belied is benammen bedoeld foar partikulieren, mar boubedriuwen, oannimmers, arsjitekten en projektûntwikkelers (dy’t faak yn opdracht fan partikulieren wurkje) kinne fan it nije belied ek gebrûk meitsje. De hantrekken jout gemeenten ek dúdlike hânfetten om oanfregers fan in omjouwingsfergunning te wizen op beskerme bistesoarten. Foar ekologyske advysburo’s is de hantrekken in dúdlik kader om út te meitsjen oft in projekt dêr ek ûnder útfierd wurde kin.

novimber 25, 2023 08:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.