Goed € 11 miljoen LEADER-subsydzje nei Noardwest-, Súdwest- en Súdeast-Fryslân
Resint ferskynd
Fia it Europeeske LEADER-programma jout de provinsje Fryslân in subsydzje fan € 11.209.052,- foar projekten op it plattelân yn de gebieten nei Noardwest-Fryslân, Súdwest-Fryslân en Súdeast-Fryslân. Nei in trajekt dêr’t alle gebieten har yn ynskriuwe koene, binne trije gebieten foar de perioade fan 2024-2027 as LEADER-gebieten oanwiisd. De subsydzje komt beskikber foar inisjativen dy’t har ûnder mear op it fuortsterkjen fan de plattelânsekonomy, it lânskip en sosjale koheezje rjochtsje.

Foto: Provinsje Fryslân
LEADER (Liaison Entre Actions de Développement de l’Économie Rurale) is in Europeesk subsydzjeprogramma foar plattelânsûntjouwing. It doel dêrfan is om ynwenners en organisaasjes yn plattelânsgebieten inoar moetsje te litten, sadat der neitocht wurde kin oer de takomst fan harren eigen omkriten. Yn alle trije oanwiisde LEADER-gebieten is in Lokale Aksjegroep ferantwurdlik foar de útfiering fan it programma.
LEADER-programma
Alle gebieten hawwe mei in Lokale Untwikkelingsstrategy oanjûn hokker tema’s oft se yn de kommende jierren sels wichtich fine en watfoar projekten oft se graach stimulearje wolle. Foar alle gebieten is in adviseur beskikber om potinsjele oanfregers te begelieden. Ferantwurdlik deputearre Wiersma: “Wy binne tige bliid dat dizze trije gebieten yn de kommende jierren ynfolling oan it LEADER-programma jaan sille. Der lizze moaie kânsen om projekten út de mienskip te stimulearjen en it Fryske plattelân dêrmei in ympuls te jaan.”
Finansiering
Troch de EU wurdt € 5.604.526,- foar it LEADER-programma beskikber steld. Dat bedrach wurdt oanfolle mei € 1.120.906,- gemeentlik en € 4.483.620,- provinsjaal jild, sadat it folsleine bedrach op € 11.209.052,- útkomt. Ynwenners en organisaasjes út de neamde gebieten dy’t ideeën hawwe, kinne oanspraak meitsje op bydragen fan op syn minst € 50.000,- oant maksimaal € 125.000,-. Betingst is dat it projekt bydraacht oan de doelen dy’t de gebieten sels formulearre hawwe yn in Lokale Untwikkelingsstrategy.
LEADER
Yn de jierren 2022-2027 kin LEADER-subsydzje oanfrege wurde. Oanfragen wurde twa kear jiers beoardiele. De adviseurs fan Streekwurk binne beskikber foar it begelieden en advisearjen fan de inisjatyfnimmers by it oanfreegjen fan subsydzje foar harren projekt. Sjoch foar mear ynformaasje en ynspirearjende projekten op www.streekwurk.frl/fy-nl/subsidieregelingen/leader.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje