GGD Fryslân slút fêste koroanafaksinaasjelokaasjes

novimber 19, 2023 08:16 Fernijd

GGD Fryslân slút nei 15 desimber oankommende de lêste fêste koroanafaksinaasjelokaasje yn ’e provinsje. Minsken dy’t in heger risiko rinne om slim siik te wurden troch koroana, 60-plussers en soarchmeiwurkers mei direkt kliïntkontakt kinne uterlik oant en mei 6 desimber yn Ljouwert en oant en mei 15 desimber yn Drachten in fergeze koroanaprip krije.

Foto: GGD Fryslân

Nei 15 desimber slute de fêste faksinaasjelokaasjes en binne der dit jier allinnich noch inkelde lytsere popup-lokaasjes yn de regio iepen. Dy popup-lokaasjes hawwe lykwols in beheinde kapasiteit. GGD Fryslân advisearret dêrom elkenien dy’t ta de doelgroep heart en dit jier de koroanaprip krije wol, sa gau mooglik in ôfspraak te meitsjen.

Ofspraak ferplichte
De koroanaprip is inkeld op ôfspraak te krijen. Elkenien dy’t ta de doelgroep heart, kin oant uterlik 6 desimber yn Ljouwert en oant 15 desimber 2023 yn Drachten terjochte. Elkenien moat foarôf in ôfspraak meitsje fia www.planjeprik.nl of ûnder kantoaroeren fia 0800 – 7070.

Net mobyl thúswenjenden
Foar thúswenjende minsken dy’t net mobyl binne en net nei in faksinaasjelokaasje reizgje kinne, is it mooglik om in koroanaprip thús te krijen. In ôfspraak meitsje foar thúsfaksinaasje kin oant op syn lêst 8 desimber 2023 fia 0800 – 2077. Foarôf wurdt in petear mei de kliïnt holden.

Koroanaprip yn 2024
Yn 2024 is de koroanaprip allinnich noch foar froulju yn ferwachting en medysk heechrisikogroepen beskikber.

Mear ynformaasje
Mear ynformaasje oer de hjerstomgong koroanaprip, de doelgroepen en lokaasjes is te finen op: www.ggdfrsylan.nl/najaarsronde.

novimber 19, 2023 08:16 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.