FryslânDOK ‘Skrinende ferealens’ te sjen op 2 en 3 desimber

novimber 30, 2023 08:26

Fredesaktiviste en skriuwster Aggie van der Meer is fan ’t simmer yn ’e âldens fan 95 jier ferstoarn. Foar har oeuvre krige sy yn 2019 de Gysbert Japickxpriis, de heechste ûnderskieding yn de Fryske literatuer. Dat wie oanlieding om in dokumintêre oer dizze sterke frou te meitsjen, dy’t har doe krekt yn in fersoargingshûs nei wenjen set hie. Yn FryslânDOK werhellet Omrop Fryslân dizze wike ‘Skrinende ferealens’, in portret fan Aggie van der Meer.

Aggie van der Meer (foto: Omrop Fryslân)

Gysbert Japickxpriis
Har romans binne net maklik tagonklik en har gedichten fan heech nivo. Aggie wie in yntelliginte frou dy’t har sterk belutsen fielde by de wrâld en syn problematyk. Har ferhalen hiene faak te krijen mei macht en machthawwers, mar ek mei it sykjen nei de oarsprong en de doel fan it libben en de leafde. Sneon 12 augustus 2023 is se ferstoarn, neidat de ôfrûne jierren har sûnens stadichoan ôfnaam. Yn 2019, doe’t se krekt har selsstannich wenjen opjaan moast, makke FryslânDOK in portret fan de frou dy’t op dat stuit de heechste Fryske literêre ûnderskieding krige, de Gysbert Japickxpriis.

Persoanlike tema’s
Aggie wie net in frou dy’t hiel graach oer harsels prate en op har eigen libben weromseach; ek op hege âldens prate se leaver oer de wrâld, oer de problemen om klimaat en oarloggen. Yntusken skreau se noch gedichten wêryn’t se yn har eigen siel de djipte yngie en nei har djipste persoanlike tema’s socht. Komponist Hoite Pruiksma makke muzyk by dy gedichten en fierde dy út yn de Broeretsjerke fan Aggie’s wenplak Boalsert.

Ivich libben
Bart Kingma makke de dokumintêre oer Aggie van der Meer en blikt werom: “Aggie is grif ien fan de bysûnderste minsken dy’t ik ea troffen ha. Earnst en fleur hân yn hân, altyd nocht oan in goed petear oer ‘de tastân yn de wrâld’, altyd nijsgjirrich nei wat oare minsken diene en hoe’t dy oer saken tochten. Krekt yn it fersoargingshûs die se alle dagen oefeningen om fit te bliuwen, gie se troch mei it skriuwen en minsken út te nûgjen. Yn de kranten skreau se ynstjoerde brieven. Oan de ein ta ha we kontakt holden. Yn de simmer waard dúdlik dat it hurd minder waard. Minsken as Aggie soene it ivige libben ha moatte, mar mei har skriuwen is in prachtige skat efterbleaun.”

FryslânDOK ‘Skrinende ferealens’
Sneon 2 desimber, 15.30 oere, NPO2 (werhelling snein 3 desimber 13.10 oere);
Snein 3 desimber, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren).
novimber 30, 2023 08:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.