FryslânDOK ‘Sels de leie nimme’

novimber 2, 2023 10:10

No’t der gjin lânbouakkoart is, liket it as leit de lânboutransysje folslein op it gat. Mar neat is minder wier, sa docht bliken út de FryslânDOK ‘Sels de leie nimme’. Oeral binne boeren by gebrek oan belied dwaande om op eigen wize harren paad nei de takomst ta te sykjen. Foaral jonge boeren nimme dêr it foartou by. As der gjin mienskiplike fyzje is, moatte se ‘sels de leie nimme.’

boarne Omrop Fryslân

Himp en streekprodukten
De bruorren Balling (22) en Siebren (20) van Kuiken út Wierum binne dêr in goed foarbyld fan. Dy setten sels in projekt op om fezelhimp te telen. Mar it is net de grûnstof dy’t se ferkeapje, mar it folsleine einprodukt: in kant en kleare isolaasjetekken. Dêrneist ferkeapje se sneons yn Dokkum oan ’e dyk streekprodukten. By ferskillende kollega-bouboeren en telers keapje se in ferskaat oan griente en fruit yn, sadat se in sa kompleet mooglik assortimint oanbiede kinne.

Oare faze
Doe’t FryslânDOK ferline jier it trijelûk ‘De boaiem berikt’ útstjoerde, wie der yn de lânbou lilkens op de oerheid en wanhoop oer de takomst. Dy lilkens is der noch, tinkt foarsitter Roy Meijer fan it Nederlands Agrarisch Jongeren Kontakt, “maar ik heb het gevoel dat we in een andere fase zijn beland. We zijn wel klaar met ruziën. Laten we aan de slag gaan, problemen oplossen, desnoods onze eigen keuzes maken en dan zien we wel waar we uitkomen.”

Frysk Lânbouakkoart
Albert van der Ploeg is foarsitter fan it Kollektiveberied Fryslân, de koepel fan lânboukollektiven dêr’t in soad boeren har by oansletten hawwe. Hy sjocht it sa ek: sa goed mooglik buorkje, yn oparbeidzjen mei de natuer. “Boeren moatte sels de leie nimme”, is er fan betinken. Hy pleitet mei klam foar in Frysk lânbouakkoart: in provinsjale fariant op it mislearre lanlike akkoart. Dêr soene boeren mei provinsje, gemeenten, wetterskip, natuer- en oare organisaasjes ôfspraken yn meitsje kinne oer wat boeren oan maatskiplike tsjinsten leverje kinne en wat dat kostje moat.

FryslânDOK ‘Sels de leie nimme’
Sneon 4 novimber 15.30 oere NPO2 (wer op snein 5 novimber 13.25 oere)
Snein 5 novimber Omrop Fryslân 17.00 oere (en alle oeren dêrnei)
novimber 2, 2023 10:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.