Fryslân rint foarop yn nasjonale oanpak biobased bouwen

novimber 12, 2023 08:18

As antwurd op de Nasjonale Oanpak Biobased Bouwen (NABB) kamen de Fryske koprinners út de biobased stringen tongersdei byinoar yn it Biosintrum foar de gearkomste ‘Fryslân (fer)bout biobased’. Lanlik is de koers set foar de takomst fan de biobased (lân)bou ekonomy en Fryslân is de earste provinsje dy’t dêrop reagearret. De nasjonale oanpak wurdt omearme en der binne konkrete aksjes mei-inoar ôfpraat dêr’t gong mei makke wurde moat.

Foto: Provinsje Fryslân

Ut it Klimaatfûns wei is 200 miljoen begrutte foar it oanfiterjen en stimulearjen fan biobased bouwe. Yn ’e mande mei merkpartijen en oerheden hat it nasjonaal programma Building Balance advys jûn oan de oanbelangjende ministearjes foar de ûntwikkeling fan de Nasjonale Oanpak Biobased Bouwen. “Mei de Nasjonale Oanpak Biobased Bouwen kinne wy biogrûnstoffen yn ’e bou flugger tapasse. Der wurdt ynset op it bouwen fan regionale en lanlike keaten fan lân ta gebou, fraachaktivaasje, yndustryûntwikkeling, ynnovaasje, kennis- en leartrajekten en it kreëarjen fan goede kondysjes”, sa seit Jan Willem van de Groep, programma manager Building Balance.

Fryslân (fer)bout biobased
Troch de takenning fan it Groeifonds Toekomstbestendige Leefomgeving komt der oanfoljende kapasiteit yn Fryslân om de biobased stringen oan te fiterjen. Dêrtroch kin der yn Fryslân praktysk oan ’e slach gien wurde mei de doelen út it NABB. Deputearre Friso Douwstra fynt as bestjoerlik lûker fan sirkulêre ekonomy dat we de nije koers omearmje moatte: “Yn Fryslân binne wy hiel aktyf op it mêd fan biobased stringen. Oerheid, ûnderwiis en ûndernimmers wurkje op unike wize gear. De nije nasjonale oanpak biedt de mooglikheid om ús ambysjes te ferhastigjen. Om in foarbyldregio te bliuwen, is it fan belang dat wy mei alle partijen yn de string oan ’e slach gean. Allinnich dan kinne wy opskale en écht stappen yn de transysje sette.”

Foto: Provinsje Fryslân

Biobased aksjeplan
Nei it oandragen fan de lanlike en regionale ambysjes waard yn dielsesjes ferdjipping jûn op alle stikjes út de string: lânbou, yndustry, bou en opdrachtjouwers. Rabobank, Miedema Bouwmaterialen, Wind Groep B.V. en de Gemeenten Ljouwert en Harns dielden aktuele ûntwikkelingen en ynspirearjende foarbylden. Dúdlik waard dat der noch in soad útdagingen lizze, mar dat de motivaasje om no troch te pakken grut is. Alle dielnimmers krigen de fragen: ‘Mei hokker aksje geane jo yn de kommende tiid oan ’e slach?’ Wa óf wat hawwe jo dêrfoar nedich? De persoanlike aksje fan elkenien is in part fan de Fryske biobased puzel dy’t mei-inoar makke wurde moat. As slotstik fan de dei foarmen alle puzelstikken it Fryske biobased aksjeplan 2024. De earste ferbiningen en kofjeôfspraken waarden op it plak sels makke. Op nei de folgjende stap yn in biobased (lân)bou ekonomy.

Foto: Provinsje Fryslân

Fryske biobasearre ferhastigingstafel
De gearkomste is in inisjatyf fan de Fryske biobased ferhastigingstafel mei dêryn de Rabobank, Gemeente Ljouwert, Biosintrum, Building Balance, Vereniging Circulair Friesland en Provinsje Fryslân. It brûken fan biobased materialen yn de bou biedt foardielen foar ferskate opjeften. Tink oan nije fertsjinnersmodellen foar boeren, in positive bydrage oan in sûner libbensfermidden en in duorsume oplossing foar de bousektor troch CO2-opslach. De ferhastigingstafel wol alle partijen yn ’e biobasearre string tichter byinoar bringe, perspektyf biede en fanwegen in urginsje nei in sirkulêre ekonomy mei-inoar yn aksje komme.

Mear ynformaasje oer de Nasjonale Oanpak Biobased Bouwen is hjir te finen.

novimber 12, 2023 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.