Fryslân foarearst feilichste provinsje kwa autoynbraken

novimber 27, 2023 08:19

Yn Fryslân is yn de earste tsien moanne fan 2023 is 245 kear yn auto’s ynbrutsen. Dat komt del op 0,7 ynbraken op tûzen auto’s en dêrmei is Fryslân, wat autoynbraken oanbelanget, de feilichste provinsje fan Nederlân. Yn Ljouwert sloegen ynbrekkers fierwei it faakst ta. Dat docht bliken út ûndersyk fan Independer op basis fan data fan de plysje.

Foto: pixabay.com

Novimber is dé autoynbraakmoanne
“Yn oktober begjint it tal ynbraken al ta te nimmen en yn novimber is dan de pyk”, leit Independer-ekspert autofersekeringen Menno Dijcks út. Neffens de lanlike trochsneed binne oktober (+18,9%) en septimber (+8,9%) ek populêr by autodieven. De koprinner is novimber, dan wurdt sels ien fiifde kear (+20,2%) mear ynbrutsen as yn trochsneed. De moannen mei gemiddeld de minste autoynbraken binne april (-16,1%) en maaie (-12,8%).

“By in autoynbraak keart de fersekerder allinnich út as de auto WA Plus of All Risk fersekere is. Mei inkeld in WA-fersekering komt men net foar in fergoeding yn ’e beneaming. In protte minsken witte dat net en komme dan foar in ferfelende ferrassing te stean. Wa’t yn in gebiet wennet dêr’t in protte ynbrutsen wurdt, docht der dus ferstannich oan om de fersekering oan te passen”, fertelt Dijcks.

Dizze gemeenten wurde it faakst troffen
Yn de gemeente Ljouwert waard dit jier tachtich kear yn in auto ynbrutsen. Yn Súdwest-Fryslân en yn de gemeente It Hearrenfean waard ek relatyf faak oanjefte fan autoynbraken dien. De grutste gemeentlike útsjitters binne:

  1. Ljouwert: 80 autoynbraken
  2. Súdwest-Fryslân: 44 autoynbraken
  3. It Hearrenfean: 33 autoynbraken
  4. Smellingerlân: 28 autoynbraken
  5. Opsterlân: 10 autoynbraken

Op It Amelân, Skiermûntseach en Flylân waarden dit jier hielendal gjin autoynbraken by de plysje meld.

Grutste tanimming yn Súdwest-Fryslân
Nearne yn Fryslân is it tal autoynbraken dit jier sa sterk tanommen as yn Súdwest-Fryslân. Fan jannewaris oant en mei novimber binne der al fjirtjin ynsidinten meld as yn itselde tiidrek yn 2022. Op It Hearrenfean moat men der ek om tinke (+11).

Net oeral is der min nijs: yn acht Fryske gemeenten is it tal autoynbraken nammentlik ôfnommen. It bêst wie dat te fernimmen yn Smellingerlân en De Fryske Marren (beide -6), folge troch Ljouwert, Waadhoeke en Tytsjerksteradiel (alle trije -5).

Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer it ûndersyk.

Bron: Independer

novimber 27, 2023 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.