Frysktalige stroffelstiennen yn Burgum
Resint ferskynd

Stroffelstien yn Borne foar soan Fred
Op sneon 25 novimber wurde yn Burgum twa stroffelstiennen pleatst troch de Dútske keunstner Gunter Demnig. It bysûndere is dat de opskriften yn de Fryske taal binne. It binne de earste Frysktalige stroffelstiennen fan de mear as tweintichtûzen dy’t op mear as tolvetûzen plakken yn Europa lizze.
Stroffelstiennen, yn it Dútsk ‘Stolpersteine’, binne messing stientsjes dêr’t slachtoffers fan it nasjonaal-sosjalisme yn en om de Twadde Wrâldoarloch mei betocht wurde. Op de stientsjes steane de nammen fan de Joadske ûnderdûkers Paul Kaufmann (1887-1943) en syn frou Klara Katharina Kaufmann-Kempenich (1888-1981). Se wurde tusken 13.30 en 14.30 oere lein oan de Boargemaster Bothenius Lohmanloane foar it ûnderdûkershûs fan de Kaufmannen.
Stroffelstiennen wurde sûnt 1992 makke troch keunstner Gunter Demnig (www.stolpersteine.eu). Hy pleatst alle keunstwurkjes sels yn de publike romte foar huzen dêr’t slachtoffers yn de oarlochstiid wenne hawwe.
Sjoch foar mear ynformaasje: In ûnfergonklik earbewiis yn Burgum.
Moai sinjaal. Ik frege my al ôf wêrom’t se yn Fryslân yn it Nederlânsk moasten.