Fryske jongelju sette har yn foar mear Frysk by it stimproses
Resint ferskynd
Op woansdei 22 novimber is it wer tiid om nei de stimbus ta te gean. Mar wêrom is de stimpas eins folslein yn it Nederlânsk? Oer dy fraach bûgden de studinten fan Yung Frysk harren de ôfrûne wiken. Dat late allinnich mar ta mear fragen: wat wurdt der eins dien mei it Frysk yn de stimproseduere? En wa bepaalt dat?
Om dy fragen te beäntwurdzjen giene de studinten op ûndersyk út. Dat begûn op de webside fan de Ryksoerheid, mar al gau sochten se kontakt mei it Ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en mei de ferskillende Fryske gemeenten. Dêrneist ynterviewden se pref. dr. Arjen Versloot, de ynterim-heechlearaar Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins, en Jan Koster, foarsitter fan DINGtiid, it advysorgaan foar de Fryske taal. Fierder ûndersochten se de miskien noch wol wichtichste stim fan allegearre, en gie it Yung Frysk-team de strjitte op yn Fryslân om te hearren hoe’t de Friezen sels tinke oer it (net) brûken fan de Fryske taal yn de stimproseduere.
De studinten hawwe harren ûndersyk yn in fideo fêstlein. Dêrby kamen se der al gau efter dat gemeenten in hiel soad mooglikheden hawwe om mear te dwaan mei it Frysk, mar dat dat op it stuit noch net bart. En dat wylst neffens prefester Versloot taal krekt in middel is om in bân ta stân te bringen tusken de sprekker en de harker of de lêzer. “In hiel grut part fan de Friezen is Frysktalich en fielt him ek thús yn dy taal. Dus harren oansprekke yn dy taal fersterket de bân as mienskip, as maatskippij, en ferkiezingen binne út soarte in middel om yn de maatskippij mei-inoar nije besluten te nimmen, en dêr wolle je elkenien by behelje. Dan is it wol sa ‘aardich’ om de Frysktaligen ek dúdlik te meitsjen dat se der by hearre, dat sy ek diel binne fan dy polityk.”
Nei harren ûndersyk hawwe de studinten oan in oantal boargemasters in Frysktalige stimpas oerlange, as in symboalysk advys om mear mei it Frysk te dwaan yn de stimproseduere. Yn it projekt Yung Frysk wurkje mbû- en hbû-studinten fan ferskillende mediaopliedingen deroan om mear Frysk ûnder de jongerein te krijen. Yn de online omjouwing, bygelyks op Instagram, TikTok en YouTube, mar ek yn de fysike omjouwing, bygelyks om it stimloket hinne en by it stimproses.
Besjoch de fideo fan Yung Frysk:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje