Frede mei alle geweld?

novimber 26, 2023 14:39

Fedde Schurer wie oertsjûge pasifist en no is der oarloch deun by ús. De Fedde Schurerlêzing, dêr’t in lytse hûndert minsken op ôfkommen wiene, gie dit jier dêrom oer oarloch en frede. Sprekkers wiene teolooch en pasifist Harry Pals en luitenant-kolonel b.d. Hans van den Brink (eartiids haad fan de ‘Nationale Operaties van de Luchtmobiele Brigade’).

Pals is mjirkes dominy en lid fan de fredesbeweging Kerk en Vrede, krekt as Schurer doedestiden. Dat wie te fernimmen. Syn pasifisme is streekrjocht ferbûn mei syn kristenwêzen. Van den Brink – ek út in tsjerklik fermidden, hy hat tsjerketsjinsten fan Pals op Flylân meimakke – wie it foar tachtich persint iens mei it ferhaal fan dominy Pals. Wêr siet dan it ferskil?

De dominy fynt alle geweld sinleas. Syn biedwurd is: Haw dyn fijân leaf. Want dy is krekt as dysels, jimme hawwe deselde langstmen. Der is dêrom neffens Pals altyd in oare manier om in skeel te besljochtsjen. Wiis net nei de oar, mar ken dysels en sadwaande dyn fijân. Krekt yn de oarloch moat men pasifist wêze. Rjochtfeardige oarloggen bestean net. Geweld beäntwurdzje mei geweld laat ta mear geweld.

De militêr tinkt dêr oars oer: ast oanfallen wurdst, dan hearst dyn ynwenners te beskermjen. De beskerming fan de boargers en dêrmei de ferdigening fan it grûngebiet stiet yn de grûnwet. Geweld is wol altyd it lêste rêdmiddel. Syn biedwurd is: Wa’t frede wol, moat him tariede op oarloch. Want hoe wie it beteard mei Europa sûnder de Kâlde Oarloch? En mei Nederlân as Willem fan Oranje gjin geweld brûkt hie? En mei Fryslân sûnder de Slach by Warns.

Njonken petearlieder Eric Hoekstra, de beide sprekkers: lofts Harry Pals en rjochts Hans vd Brink. Foto: It Nijs

Beide sprekkers binne it der lykwols oer iens dat oarloggen ornaris foar te kommen binne troch nei-inoar te harkjen en jin yn te libjen yn de tsjinpartij. De hjoeddeistige konflikten yn Oekraïne en Gaza wiene mooglik oars rûn as sinjalen earder oppikt wiene. Sa hie der better harke wurde moatten nei taspraken fan Pûtin. In konflikt is der net samar ynienen. Dêr giet in protte oan foarôf.

Eric Hoekstra fan de Fryske Akademy liedt it neipetear. Earder foarsitter fan de Fryske Beweging Pier Bergsma fertelt dat er eartiids de pasifistyske kant neist wie. Letter is er realistysker wurden, fynt er. Bergsma krige syn ynsjoch op it skoalplein. Minsken binne meastentiids net op geweld út. Mar as dat tsjin dy brûkt wurdt, silst dy ferdigenje moatte, oars wâldzje se oer dy hinne. Skriuwer Willem Verf pleitet derfoar om bern al jong oan te learen hoe’tst geweldleas ferset mooglik is. Dat sil altyd net alle geweld opkeare, mar wol in soad potinsjele konflikten.

Skriuwer Willem Verf oppenearret him út it omsittend laach fan in lytse hûndert minsken wei. Foto: It Nijs

In lêste fraach is: wat hie Oekraïne dan dwaan moatten by de ynfal fan de Russen? Pals kin dat net sizze. Wichtiger wie it om de ynfal foar te kommen. Mar der hiene ek daliks mear prikken yn it wurk steld wurde kinnen om it geweld yn de kym te smoaren. Van den Brink seit dat wol reagearre wurde moat op it moardzjen en it ûntfieren fan bern. Hy wiist der ek op wy hjirre op distânsje komfortabel oer teoretisearje kinne.

Hjir it ferhaal fan Hans van den Brink en
hjir it ferhaal fan Harry Pals.

novimber 26, 2023 14:39
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Fridunanth novimber 26, 16:35

    ‘Sa hie der better harke wurde moatten nei it ûnthjit fan FS en EU yn 1989: gjin inch nei it easten en it ferdrach fan Minsk yn 2014: referendum yn east-Oekraïne’

  2. Kerst Huisman novimber 27, 10:39

    Dat aspect, dat Fridinanth neamt, waard eins foar it grutste part negearre. No, om my hie Willem IV, greve fan Hollân, yn 1345 dy Slach by Starum yn 1345 mar wûn. Dan wienen de Fryske lannen dy heilleaze striid tusken Skier en Fet besparre bleaun, en hienen Fryslân EN SYN TAAL yn 1500nei alle gedachten FOLLE BETTER de takomst treast west. Mar dat is te lang lyn. De oarloch yn de Oekraïne is no. Dy happening om de Schurer-lêzing hinne hat in bitter gefoel fan teloarstelling by my feroarsake. It wie folslein net yn de geast fan Schurer, dy’t ik noch persoanlik kend haw fan myn tiid by de Friese Koerier en foar’t ik dêr kaam as trou lêzer fan de stikken fan Fedde. Dy kommintaren waarden skreaun troch in man mei in waarm minsklik hert, koenen jo elke kear wer fernimme. Hjir koe sels it op himsels wol reedlike ferhaal fan ds. Pals net folle oan feroarje. Van den Brink hold hielendal gjin ferhaal oer it tema. Hy fertelde wêr’t er oeral west hie as militêr en syn ferhaal hong fierders fan propagandaplatitudes oan elkoar. It stiet kreas yn de lêste alinea fan it stik: yn de grûnwet stiet dat de boargers beskerme wurde moatte, en dêrom is militêr geweld needsaaklik. Boargers beskermje? Noch noait fan atomêre, biologyske en gemyske wapens heard? Symboalysk wie hast de oranjekoeke, dy’t de man meinommen hie en grutsk útstalde, mar dy’t doe te pletter foel op de grûn. Symboalysk foar de rotsoai, dy’t militêren der faak fan meitsje, tocht ik doe. Nee, der bestie mar ien smjunt yn de eagen fan dizze man: Poetin, Poetin Poetin. En wêrom? Omdat de Russyske presidint troch dat Strafhôf yn De Haach ta oarlochsmisdiediger bestimpele is. En wêrom hat dit treflike ynstitút dit dien? Hy hat tûzenen bern út East-Oekraïne “deportearre” nei Ruslân. Mar it gyng om ek noch Russysktalige bern dy’t út it gefaar weihelle binne en ûnderbrocht yn feilige ûnderkommens fier fan dat geweld. Hoe krankjoarum kinst it meitsje? Jo moatte wol in blynkape sa grut as in úttearde Ljouwerter Krante foar de kop hawwe, om soks beweare te kinnen. Doe’t er dat sein hie, bin ik fuortrûn út de gearkomste. Romte foar in yngeande diskusje wie der ommers amper.

  3. Liuwe H. Westra novimber 28, 20:24

    Ik fûn it om mear as ien reden in bysûnder nijsgjirrige gearkomste. Yn it foarste plak omdat it foar my wer ris befestige, dat pasifisten (krekt as miljeu- en klimaataktivisten, en net ferjitten de tsjinstanners fan in swarte Swarte Pyt) yn ’e diskusje faak de meast ûnferdraachsume partner binne. Dat wie no ek wer sa: Van den Brink wie ree om oan Pals 80% fan it gelyk te jaan, mar Pals joech gjin inkelde romte.
    Twad: it ferhaal fan Pals siet yndied folle better yninoar en waard folle better prissentearre as dat fan Van den Brink. Mar (ik hoopje net dat ien it sjoen hat), ûnder syn foardracht bin ik trije kear yn ’e sliep fallen en kukele ik hast fan ’e stoel. By Van den Brink siet ik op it puntsje. Hoe koe dat? Ik moast my by Van den Brink mear ynspanne, dat wie ien ding, mar by him hie ik ek it gefoel dat de man deroer neitocht hie en werklik besocht wat fan syn tinken en twivel te dielen. Pals ferkundige allinnich in stânpunt.
    Fierders réalisearre ik my no eins foar it earst, hoe maklik oft it pasifistyske ferhaal faak brocht wurdt. In útspraak as ‘it produsearjen en pleatsen fan nukleêr weapenreau ymplisearret de reewilligens om it ek te brûken’ is domwei net wier. Minsken helje de wonderste dingen yn ’e hûs dy’t se gjin tel fan doel binne om te brûken. En dan noch: wat is brûke? Allinnich ôffjurje? Of ek delsette, witte litte dat de oar net de iennichste kearnmacht yn ’e wrâld is? Lyksa de twa kear op it aljemint brochte útspraak dat wy yn ’e tiid fan ’e Kâlde Oarloch troch in wûnder oan in kearnramp ûntsnapt binne. Dat is op gjin inkelde menier te bewizen. Mei likefolle en mooglik sels mear rjocht kin men sizze: yn ’e Kâlde Oarloch hat de NAVO in tûk kearnweapenbelied betocht en dat mei súkses útfierd op sa’n menier dat der gjin deaden fallen binne, en dat wie krekt de bedoeling. (Itselde jildt, eefkes in sydsprong, foar de hjoeddeiske uterings oer ús ‘kwetsbere planeet’. As der ien ding robúst is, is dat de planeet – wat der ek bart, dy bliuwt der wol.) Soks liket faaks flau, mar it is serieus: op sa’n menier wurdt der in swier moreel berop op minsken dien dat gjin inkelde basis hat. Dat sjoch ik as in foarm fan sjantaazje.
    Noch sa’n eye-opener foar my wie, dat ik my no ek réalisearre hoe iensidich oft eins it pasifistysk protest is. Oarloch is slim, ien fan ’e slimste dingen dêr’t in minske yn bedarje kin, mar wêrom wurdt inkeld it geweld fan legers yn ’e ban dien? Brûke plysjes ek gjin geweld as se jin steande hâlde, foarsitters as se jin it wurd ûntnimme, old-style Hollânsktaligen as se gjin Frysk ferstean wolle? Geweld is dochs alle foarm fan twingerij, en yn himsels dochs in oantaasting fan minsklike weardigens en traumatisearjend? Dat is no krekt it slimme: dat wy blykber gjin maatskippij opbouwe kinne, dêr’t dat net yn foarkomt, of oars sein: dat wy soms út ’e alderbêste bedoelings wei gjin oare menier witte om it goede te dwaan.
    By einsluten: ik bin troch dizze middei sterke yn myn oertsjûging dat yn djipste wêzen it anargisme de iennichste filosofysk te ferdigenjen steatsfoarm is. Mar yn ’e praktyk sille wy net sûnder in foarm fan organisearre geweld kinne. Mar faaks soene wy wol it fuotbaljen ôfskaffe kinne, dat ik net oars sjen kin as in organisearre foarm fan sinleas geweld.

  4. Arjen J. Dijkstra desimber 1, 08:54

    Dûmny Westra spilet hjir nochal op de man om syn ferhaal kracht by te setten. Ik hie it sicht op Westra en haw net murken dat er hast fan de stoel ôf kûkele. Ik sjuch dy wurden as sinleas (ferbaal) geweld. Ik sûnder dy oanleiding wie syn ferhaal wol oankommen.

    Westra seit dat Pals yn de diskusje it meast ûnferdraachsum wie. Dat soe wolris komme kinne, om’t hy hjir in stânpunt ferwurde, wêr fan ’t de measte minsken al har eigen (oare) byld hawwe. Wy binne ferstarre yn dat byld. It pasifistyske ferhaal liket maklik. Mar jildt dat ek net foar de oare kant fan it ferhaal? Mei wat wy hjoed-de-dei yn de media sjogge is it ek maklik om te sizzen: de oar brûkt geweld, dus moat ik ek wol. Dat fyn ik te maklik.

    Neffens my gie Pals syn ferhaal no krekt oer dy ynlibje yn de oare partij. At ien my oanfalt, dan slach ik werom. Ik tink dat de measte pasifisten dat ek dwaan sille. It is in minsklike refleks. Kinst neat oan dwaan. Mar it giet om de stap dêrnei. At ik werom slach (needwar, selsbeskerming) en dy oare leit op de grûn. Wat doch ik dan dêrnei? In skop neijaan of freegje “wêrom foelsto my eins oan?” Dat is it punt wêr ’t it ferskil makke wurdt.

    It tema fan dizze Fedde Schurerlêzing wie: Frede mei alle geweld? Folsleine geweldleazen, dêr leau ik net yn. “Soms moet je vechten als een man”, song Gerard Schoonebeek al (mei: De lafaard van de stad, the coward of the county fan Kenny Rogers). Mar oanhâldend geweld yn oarlogen, dat is fan in oare oarde. Yn Oekraïne binne se al jierren oan de gong. Guon stêden binne parkearplakken wurden, minsken steane neaken en bleat oan de dyk. Wat is dêr de sin fan? Hie dat ek oars kinnen? Dat wie it punt fan Pals. Elk konklikt einiget oan de ûnderhannelingstafel. Hoe earder hoe better.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.