FNP wol wolve-oanpak oanpasse
Resint ferskynd

Tjitte Hemstra. Foto FNP
Feehâlders dy’t maatregels nimme wolle om it fee tsjin wolven te beskermjen, kinne by de Provinsje Fryslân subsydzje oanfreegje. Dêr meitsje se mar in bytsje gebrûk fan.
It kin wêze dat se betwivelje oft stekken om it lân hinne wol ôfdwaande binne of dat se sels, nettsjinsteande de subsydzje, dochs noch foar te hege kosten opdraaie. Yn Fryslân is no mar 1,8% fan de skieppegreiden goed befeilige.
FNP-Steatelid Tjitte Hemstra wol fan Deputearre Steaten witte wat dien wurde kin om de subsydzjemooglikheid oantrekliker te meitsjen en hoe’t DS berikke kin dat feehâlders faker de wolvekonsulint ynskeakelje.
De FNP is fan betinken dat salang’t de wolf troch Europeeske en nasjonale wetten ûnoantaastber is, de oerheid feehâlders temjitte komme moat by it nimmen fan deugdlike maatregels om harren fee te beskermjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje