FNP sit slim yn noed oer greidefûgels

novimber 4, 2023 07:00

De FNP sit frijwat yn noed oer de takomst fan de greidefûgels yn Fryslân. Hoewol’t der yn 2023 mear aaien lein binne as it jier dêrfoar, binne dy lang net allegearre útkommen en as se wol útkommen binne, hiene de pykjes it dreech om te oerlibjen. As it sa trochgiet, hellet Fryslân syn doelen net. Der moat in toskje by.

Skries. Boarne: pixabay.com

Ferline wike waard it jierberjocht 2023 oer de populaasje fan de greidefûgels yn Fryslân publisearre. It beliedsdoel fan de Provinsje Fryslân is om yn 2030 wer 10.000 briedpearen fan de skries te hawwen – yn 1990 wiene dat der noch 30.000 pear. Oare soarten litte ek in delgong sjen. Mei dat doel en troch de ynset fan in breed ferskaat oan maatregels hat de provinsje him foarnommen om ynhâld te jaan oan syn ferplichting om de greidefûgels te beskermjen.

Op ’e nij is it net slagge om de negative ûntwikkeling om te bûgen, dat de FNP stelt no it kolleezje fan Deputearre Steaten fragen. Dy geane sawol oer it neikommen fan de ôfspraken dy’t mei de sektor oer de soarchplicht foar ikker- en greidefûgels makke binne as oer it stimulearjen fan greidefûgelbehear troch boeren fia ûnder mear it agrarysk natuer- en lânskipsbehear.

Der steane in soad beliedsinisjativen op priemmen mei finansjele middels dy’t dêroan bydrage kinne, bygelyks mei Europeeske subsydzjes, of troch it transysjefûns by it Nasjonaal Programma Lanlik Gebiet (NPLG). De FNP wol witte hoe’t dy middels ynset wurde kinne. It is saak dat der net ûnnedich tiid fergriemd wurdt en oan de efterste poat lutsen wurdt. Faasje is nedich om de ferkearde ûntwikkeling te kearen en de doelen te heljen dy’t de provinsje him steld hat.

novimber 4, 2023 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.