FNP hellet Europa nei Skylge om oer wenjen te praten

novimber 9, 2023 09:01

Kommend wykein komme der fertsjintwurdigers fan ferskillende Europeeske eilânregio’s nei Skylge ta. Se sille dêr prate oer hoe’t yn ferskillende lannen en regio’s oplossingen fûn wurde om te foldwaan oan it ferlet fan geskikte en betelbere wenningen foar de ynwenners.

De FNP wurket dêrfoar gear mei de European Free Alliance (EFA). Dat is de Europeeske politike partij dêr’t de FNP by oansletten is. Op Skylge wurde dielnimmers ferwachte út Sisilië, Sardinië, Menorka, Baskelân, Korsika, Bretanje, Kornwall, Sleeswyk-Holstein, de Ålâneilannen en út Fryslân sels.

De bûtenlânske dielnimmers komme op freed oan. Op sneon begjint it programma mei taspraken fan fjouwer wethâlders – twa fan Fryske eilannen en twa fan gemeenten op de fêste wâl – dy’t fertelle sille oer wat se dogge om foldwaande geskikte wenningen foar de ynwenners te krijen. De Fryske deputearre fan wenjen en de gebietsdeputearre foar it Waad komme ek oan it wurd.

De middeis wurdt it tema mei in Europeeske bril besjoen: hoe geane oare eilannen mei de spanning op de wenningmerk om en wat kin de EU dwaan om de ynwenners fan de eilannen te helpen? De Korsikaanske Europarlemintariër François Alfonsi sil dêroer yn debat mei de offisjele fertsjintwurdiger fan de Ålâneilannen by de EU en mei EU-wenningmerkekspert Barbara Steenbergen.

Twa jier lyn tsjinne de FNP op it jierlikse EFA-kongres in moasje yn. Dy makke diel út fan it Oanfalsplan Wenjen fan de partij. Yn it Oanfalsplan stie beskreaun hoe’t ús eilannen doe al foarrang joegen oan eigen ynwenners en oan wurknimmers dy’t dêr in wenning nedich hawwe. Yntusken sjocht ek de lanlike polityk yn dat op de fêste wâl sokke regels ek nedich binne.

Sjoch it programma.

 

 

 

novimber 9, 2023 09:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.