Feie Fonyk: Wat moatte wy mei ús ‘helden’ ?
Resint ferskynd
Kollum
Wy sjogge oars nei it ferline as eartiids. De wokebeweging is fan betinken dat wy wekker wurde moatte en ôfstân nimme fan ‘helden’ lykas Van Speijk en Jan Pieterszn Coen.

Van Speijk in de kruitkamer van kanonneerboot 2. Boarne Wikimedia Commons (publyk domein)
Nei de Frânske tiid, oan it begjin fan de njoggentjinde iuw, waarden de Noardlike en de Súdlike Nederlannen gearfoege. Kening Willem I achte it in wichtige taak om de steat ta ienheid te bringen. Nasjonalistyske gefoelens wiene dêr in wichtich part fan. Yn 1817 wûn Hendrik Tollens de kompetysje dy’t organisearre waard foar in folksliet. It waard “Wien Neerlandsch bloed” dêr’t elk fers einige mei in earbetoan oan prins en lân en oan it begjin stiene de dichtrigels: “Wien Neerlandsch bloed in de aders vloeit, van vreemde smetten vrij, wiens hart voor land en koning gloeit, verheff’ den zang als wij.”
Tollens wie net allinnich bekend as skriuwer, mar ek as teäterman. Hy reizge bygelyks troch it lân om syn “Overwintering op Nova Zembla” foar te dragen. Dêryn waard de grutheid fan ús lân yn ‘e Spaanske tiid besongen: “Europa zag, verbaasd, het rijzend wonder wassen, het ongekend kleinood, verscholen in moerassen.” Tollens slút syn gedicht ôf mei “En rekent d’uitslag niet, maar telt het doel alleen.”
De Belgen wiene minder entûsjast oer de nasjonalistyske gefoelens fan de Noardlike Nederlannen en yn 1830 brekt de Belgyske opstân út mei it doel om los te kommen fan it noarden. Jan Carel Josephus van Speijk wurdt mei syn skip nei Antwerpen stjoerd om de rebellen moares te learen. Op 5 febrewaris 1831 waait der in hurde wyn en driuwt it skip fan Van Speijk nei de wâl. Antwerpske oproerlju springe oan board. Van Speijk hie sward dat syn skip nea yn hannen fan rebellen falle soe. Neffens de oerlevering stekt er in sigaar oan, hâldt dy by it buskrûd en sprekt de legindaryske wurden “Dan liever de lucht in.” De skiednis jout net oan oft dy sigaar dêr wier in rol yn spile hat.
Dy Van Speijk wie fansels in healwize
In jonges en in pear matroazen witte de tongerklap dêr’t it skip mei de loft yn fljocht te oerlibjen troch oerboard te springen. De rest fan ‘e bemanning en de rebellen binne dea. Grut entûsjasme yn it noarden. It omskot fan de held wurdt begroeven yn de Nieuwe Kerk yn Amsterdam en guon strjitten binne ferneamd nei Van Speijk. Ien skip yn ús marine, in fregat út 1995 draacht sels de namme Van Speijk.
Yn in fierder ferline krige de Nederlânske jongerein de ferhalen oer sokken as Van Speijk en Jan Pieterzoon Coen sûnder krityske lûden te hearen. Yn de tsjintwurdige wokebeweging binne der guon dy’t de stânbylden en nammen fan dy manlju it leafst ferdwine litte wolle. De ‘Coentunnel’ by Amsterdam soe in oare namme krije moatte. Dy Van Speijk wie fansels in healwize en de oprjochter fan de VOC is yn ús moderne eagen in misdiediger, mar om no dy strjitnammen te feroarjen en om stânbylden del te heljen, dat liket my oerdreaun.
As wy dy kant opgeane, dan kinne wy wol oan de gong bliuwe. Dan soe Macron syn ekskuzen ek oanbiede moatte foar de Friezen dy’t yn 1812 yn Ruslân deaferzen binne yn it Frânske leger dêr’t se as tsjinstplichtich yn telâne kommen wiene.
It liket my ferstanniger om boppesteande histoaryske figueren te besprekken as in foarbyld fan ferkeard patriottisme. No net út it nasjonalistyske eigen eachpunt, mar út it eachpunt fan de doetiidske ‘fijânnen’ België en Yndonezië.
De foto komt fan wikipedia. .
De Coentunnel yn Amsterdam in oare namme? Dy hat jierren lang, omdat de C yn it opskrift oan de Saanske kant derôf fallen wie (of opsetlik derôfslein) Oentunnel hjitten. Okkerdeis seach ik ta myn spyt, dat de C wer oanbrocht wie.
Pier Bergsma hie better it wurdsje ‘ús’ tusken skrapkes sette kinnen. It binne ommers gjin lânslju, gjin Friezen, mar meast Hollanners dêr’t oer praat wurdt.
Sterker noch, ek al wiene it Friezen, dan binne it ‘ús’ helden nóch net…
De libbene woke-drammers binne gefaarlijker en skealiker as al dy deade histoaryske helden dy’t, lylkas alle minsken, sa har lekken en brekken hienen. Lit it woke-folkje mar roppen en razen!
Friezen dy’t foar Nederlânske ‘helden’ opkomme binne ferrieders. Hja ferdigenje en ferhearlikje ommers histoaryske Nederlanners, wylst se ek foar histoaryske Fryske helden pleitsje koenen. Mei sokke Friezen hat ús Fryske folk gjin fijannen mear nedich.