Fedde Schurerlêzing gearfette
Resint ferskynd
Wiidweidige gearfetting fan de Fedde Schurerlêzing 2023
Frede of Pasifisme
troch Wiep Koehoorn*
Oan de râne fan Europa is it oarloch, al hast twa jier yn Oekraïne, en sûnt koart ek yn Israel / Palestina. Dêrom stiet de jierlikse Fedde Schurer-lêzing dit jier yn it ramt fan de fraach oft pasifisme noch in opsje wêze kin om de frede yn ’e wrâld te bewarjen, óf te krijen. Is driging en byneed brûken fan militêr geweld needsaaklik, óf kin it ek sûnder? Sûnt it jier 2010 organisearret de Ried fan de Fryske Beweging mei Tresoar, de Fryske Akademy en de Ljouwerter Krante in lêzing oer in tema, dat ferbûn is mei wat Fedde Schurer dwaande hold. Fedde Schurer (1898 -1968 ), dichter / sjoernalist / politikus, wie pasifist op kristlike grûnslach. As sadanich hat er lid west fan ‘Kerk en Vrede’, in feriening dy’t noch hieltyd bestiet. Schurer waard as ûnderwizer op ‘e Lemmer ûntslein fanwegen syn fredesstânpunt. Fan ‘e middei bin ik yn Tresoar yn Ljouwert oanwêzich by de Fedde Schurerlêzing 2023, dy’t as titel draacht: ‘Frede mei alle geweld? Of is pasifisme ek in opsje?’
Lêzing mei sang
Foar dizze middeislêzing binne de folgjende twa sprekkers útnûge:
Harry Pals, teolooch en lid fan ‘Kerk en Vrede’. Hy is de sprekker út de pasifistyske hoeke, en wol graach “een beetje gaan schudden aan de gewetens van mensen, zeker in deze tijd van militarisering en toenemend geweld.”
Hans van den Brink, luitenant-kolonel b.d. (âld-haad ‘Nationale Operaties van de Luchtmobiele Brigade’. Hy is de ‘tsjin’-sprekker, dy’t as militêr nei dizze problematyk sjocht, om ‘as rêdmiddel út te lizzen’.
Nanne Kalma en Ankie van der Meer sjonge tusken de bedriuwen troch ferskes fan Fedde Schurer. Deifoarsitter – út namme fan de dielnimmende organisaasjes – is Reinder Reitsma, ynterim-foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging.
Lêzing fan Harry Pals
De earste ‘profeet’ dy’t oan it wurd komt, is Harry Pals. Hy is opgroeid yn Wommels, wie ûnder mear predikant op Flylân, en is yntusken mjirkes. Pals fertelt dat Fedde Schurer fûn dat wy de oarloch ôfwize moatte, omdat dy sûndich is; en dêrom mei in kristen dêr net oan meidwaan. Pasifist bist út dyn persoanlike libbensstyl wei, dat brûkst as polityk ynstrumint, mei omdatst skatplichtich bist oan it profetysk tsjûchskrift fan Jezus en Paulus. Wy komme dan by de fraach wat geweld ús troch de iuwen hinne no opsmiten hat oan goeds.
Yn konflikten komme we – wizend op de oare – kwa skuldfraach altyd út by dy oar, en nea by ússels; mar – tink derom – ‘Ken dysels’. By it driigjen mei kearnwapens sprekst yn prinsipe tagelyk út datst ek ree bist om dy kearnwapens yn te setten.
Persoanlik ferhaal
Harry Pals beskôget syn antymilitarisme en syn leauwe yn wrâldfrede as ûnderdiel fan syn persoanlike libbenswei. As 17-jierrige begûn foar him it proses fan pasifisme. De Fjetnam-oarloch mei de Amerikanen like yn syn eagen ynearsten noch wol akseptabel, mar doe’t er djipper nei begûn te tinken oer de fraach oft it ek sa wêze koe dat de Amerikanen dêr eins allinne mar foar harren eigen belangen fochten, feroare dat syn byld. Pas letter waard him dúdlik dat de Feriene Steaten troch harren skiednis hinne eins út it brûken fan geweld ûntstien en trochgroeid binne. Tink dêrby bygelyks mar oan it gewelddiedige gedrach foar de yndianen en de slaven oer. Hjoeddeistige foarmen fan geweld binne faak ek basearre op deselde grûnen, lykas macht en jild.
Polityk anty-militarisme
- Pasifisme is ek polityk oriïntearre.
- Yn in hiel soad lannen is polityk faak rjochte op striid en oarloch, sjoch mar nei Amearika en Ruslân.
- Geweld makket fan slachtoffers én dieders ûnminsken. Dieders wurde altyd skuldich oan harren geweld.
- Wa hat der hjoed-de-dei noch each foar al dy deaden, lykas bygelyks oer de hiele wrâld de slachtoffers fan al dy konfliktgebieten. Alle minsken hawwe primêre gefoelens fan lilkens of wraak.
- Geweld past yn in kultuer wêryn’t yn geweldsoplossingen tocht wurdt, en lûkt minsken oan dy’t op geweld út binne. Dat ferdwynt faak yn dôfpotten. Dat stimt ús somber.
- Dochs binne der ek militêren dy’t just út binne op de tapassing fan sa min mooglik geweld.
- Hoe frijer de wapenhannel wurdt, hoe mear dea en deaslach dat meibringt.
De profetyske tradysje fan ‘e Bibel
- De tsjerke stiet net los fan ‘e maatskippij, want dy wurdt derby bepaald.
- It giet úteinlik om wat wier is en om in troch ús te bewanneljen wei, as wy de Bibelske wurden en Jezus syn dieden by ús yn it sin bringe. By Jezus giet it om ‘hiel wêzen’. Jezus oanfurdige leaver syn eigen dea, as dat Er geweld brûke soe, want sa mei it net gean. Dêr kenne de minsken Jezus syn God-gelikens yn werom. Sáfier is dus geweldleazens bewoartele yn it leauwe yn Jezus en yn God.
- Haw dyn fijannen leaf. Mar wat moatte we dêr no noch mei? Sjoch mar nei Oekraïne. Dêr kinst dochs yn ‘e hjoeddeiske maatskippij neat mei?
- Wy moatte mear as it gewoane dwaan, mear as de wet, mear as it folkerjocht. Gean dêr boppe-út, wês barmhertich! Wês rekke fan binnen oer wat mei minsken bart.
- Likegoed wurde fijannen net ûntskuldige. Dêr moat en sil it min mei ôfrinne, seit ek de Bibel. Mar folgelingen fan Jezus meie har fijannen net demonisearje, want ek hja binne skepsels fan God. Dyn fijannen falle ek allegearre ûnder ‘Haw dyn neiste leaf as dysels’. Haw dus dyn neiste – ek dyn fijân – leaf, want dy is lykas do.
- Wat haw ik yn my dat ik in fijân fan in oar wurde kinne soe? Dy fraach soest dy alle dagen stelle moatte. Dat soe de basis foar kristlike polityk wêze kinne.
- De apostel Paulus seit yn de Bibel ek dat men jin net wreke moat op de oar. Lit dat mar oan God oer. Oerwin it kweade dêrom troch/yn it goede, of: op in sêftmoedige wei.
- De tsjerke ropt wol op ta frede, en bidt wol foar frede, mar giet (spitigernôch) net folle fierder.
- Yn de tsjerke soe ek nea mei geweld libbe wurde moatte, mar dêr – en ek earne oars – altyd socht wurde moatte nei in oare wei, nei in wei fan frede, yn stee fan dy wenstige, automatyske wei fan oerheden (nammentlik dy fan geweld tsjin geweld).
- Kristenen binne alderearst boargers fan Gods Keninkryk, en dat giet folle fierder as allinnich fan ús Nederlânske keninkryk.
- De geweldleazens fan Jezus freget fan ús om in oare wize fan libjen. Dat freget om in oare ekonomy, dêr’t it ferlet fan in soad minsken sintraal yn stiet, yn stee fan de belangen fan guon minsken.
- Ek yn ús tiid soene wy sykje moatte nei – en kieze foar – oare wegen as geweld.
De hjoeddeistige tiid
- Yn 2024 ferheget Nederlân syn definsjebudzjet mei 40%, en dêrmei komme we noch net oan de minimale bydrage oan de NAVO. Mei hoefolle persint soene we dan it definsjebudzjet eins noch fierder ferheegje moatte? Is dat akseptabel?
- Just yn ‘e oarloch moatst pasifist wêze. Ek yn Oekraïne binne der wol deeglik pasifisten, mar dêr hearst net folle oer.
- It geweld út Gaza wei is ienfâldiger om te ferklearjen as de oarloch yn Oekraïne. De eardere Sovjet Uny-presidint Michail Gorbatsjov (1931-2022) woe in Fredeshûs, dêr’t ek de NAVO yn opgean kinnen hie. Mar de NAVO keas der lykwols foar om him te fersterkjen, sels oant de Russyske grins. Ruslân koe dy wjerstân net tsjingean. En Poetin wol dat net akseptearje. It Westen hat hjir yn de tiid fan Gorbatsjov syn kânsen lizze litten. Mar, tink derom, dat docht neat ôf oan de brute ynfal fan Ruslân yn Oekraïne.
- Feiligens foar elkenien kin der allinnich mar wêze as dy dield wurdt. Dat sjogge wy yn Oekraïne en yn Gaza.
- Elke deade op it slachfjild/slachtfjild is ien te folle. Wat is dêr noch it doel fan? Is it dat allegearre wurdich?
- Dúdlik yn ús eagen is dat Ruslân dizze oarloch mei Oekraïne ophâlde moatte soe. Wy as Westen soene derfoar kieze kinne om op te hâlden mei it stypjen fan de Oekraynsk Russyske striid. Dat soe dan lykwols wol de poarte iepenje moatte foar oerlis tusken de stridende partijen.
- Wy moatte derop ta dat faninoar ferwidere buorfolken wer mei-inoar gearwurkje.
- Oarloch stiet gelyk oan: stêden en doarpen wurde ferwoaste, en it lân wurdt foar desennia ferpest.
- Der binne gjin rjochtfeardige oarloggen.
- Geweld hat in eigen dynamyk, dy’t altyd ta noch mear geweld liedt. Ken dysels, en ken dyn fijân, want dat is de kearn fan it Bibelske boadskip.
Oanslutend sjongt it duo Ankie van der Meer & Nanne Kalma de folgjende twa ferskes fan Fedde Schurer:
- De Fisker, oer ‘op ‘e fang nei alle leave dingen’
- Kamperfoelje, oer ‘weromsjen op in âlde leafde’.
Tsjinlêzing fan Hans van den Brink
Fan Van den Brink krije we ek in persoanlik ferhaal te hearren. Doe’t er yn 1980 opgie foar de tsjinstplicht, wist er al dat er (letter fia de KMA) beropsmilitêr wurde woe. Hy komt mei in relaas om dêr alle militêre ynset fan de ôfrûne desennia mei te ferantwurdzjen. Hy giet ek yn op de juridyske kontekst fan oarloggen. Hy begjint mei de ûnderfiningen fan syn heit yn de Twadde Wrâldoarloch. Syn âlden giene bygelyks yn de Twadde Wrâldoarloch op fiedseltocht.
- Wa is goed, en wa is kwea? en Wat is goed, en wat is kwea?
- Minsklike weardichheid kin sels yn de tsjusterste dagen (yn ‘e hel foar minsken, bygelyks yn de konsintraasjekampen yn ‘e oarloch) bestean bliuwe.
- Wy hawwe gjin tsjinstplicht en ek gjin tanks mear yn Nederlân. Wy rêde it mei ús militêre middels net mear. Nederlân foldocht al net mear oan de easken dy’t de NAVO oan syn lidsteaten stelt.
- It ferdigenjen fan ús grûngebiet en fan ús meilibjen is in plicht fan en foar ús allegearre. Dêrom is ek de kriichsmacht yn de Grûnwet ferankere.
- In militêr wurdt leard om ferantwurding ôf te lizzen, want hy hannelet – as it goed is – konfoarm ferdraggen en oarlochsrjocht.
- Militêr wêze is in fak. Yn fredestiid riedst dy ta op in eventuele oarloch. De Finnen en de ynwenners fan de Baltyske steaten realisearje harren dat bygelyks mar al te goed.
- We prate tsjintwurdich al lang net mear oer allinnich fysike en hybride oarloggen, want ek mooglikheden fan oarlochsfiering yn de romte binne al oan ’e oarder.
- De tiid hat ús yntusken ynhelle. Dêrom wurde de definsje-útjeften NAVO-breed al opskroeve.
- Oarloch is ferneatigjend.
- Ruslân kin de oarloch mei Oekraïne lang folhâlde. Al dy deaden – ek de eigen Russyske oarlochsslachtoffers – telle net yn de eagen fan Poetin; dat sjogge we oars al hiel lang yn de hiele oarlochsskiednis fan Ruslân.
- Der hat yn de krekt ôfrûne ferkiezingstiid net in soad omtinken west foar ‘feiligens oan ús bûtengrinzen’.
- It leger yn Nederlân wurdt trouwens al geregeld ynset, omdat der by de plysje te grutte tekoarten binne. Nederlân droech doedestiids by oan de ynternasjonale Fredesmacht yn Koreä. Dêr sneuvelen 123 Nederlanners. De Súd-Koreanen binne dêr Nederlân noch hieltyd hiel tankber foar. Dat wie de iennige Hjitte Oarloch yn de tiid fan de Kâlde Oarloch.
- As de wrâld op springen stiet, is it fan belang wa’t dan de lieders binne, tink mar oan de tiid fan Reagan en Gorbatsjov.
- Hoe moatte wy ús eigen lân beskermje tsjin oanfallen fan bûtenôf? Witte wy dat noch wol?
- Oeral op ierde is der wol in foarm fan kwea.
- Hans van den Brink freget him alle kearen ôf wat der bard wêze soe as der yn dy gebieten dêr’t dat – efterôf sjoen – ûntbruts, wól militêre ynset west hie yn, bygelyks, Irak en Joegoslavië,
- Oarlogje mei allinnich mei in rjochtmjittige reden, en as lêste rêdmiddel.
- Oer de konflikten yn it Midden-Easten, mei tûzenen jierren foarskiednis, kinst net samar 1-2-3 wat sizze.
- De drigingen fleane ús tsjintwurdich om ‘e earen. Sjoch bygelyks alle oarloggen, de slavernij, resultaten fan ferkiezingen, klimaatproblemen, de Sahel, en ek ús eigen ego.
- Fierder binne der in hiel soad humanitêre rampen, lykas de Rohingia-genoside yn Myanmar en it ûnderdrukken en diskriminearjen fan de Oeigoeren yn Sina. Sa binne der in hiel soad reële konflikten yn ’e wrâld. Genôch om oer yn noed te sitten en om ús ta te rieden op mooglik takomstige konflikten.
- Wa’t de frede wol, riedt him ta op oarloch; as naasje, en as minske.
- Behannelje oaren, sa’tst sels troch oaren behannele wurde wolst.
Oanslutend sjongt it duo Ankie & Nanne ‘Hospes Tryn’ fan Fedde Schurer.
Erik Hoekstra yn petear mei sprekkers en dielnimmers

Njonken petearlieder Erik Hoekstra, de beide sprekkers: lofts Harry Pals en rjochts Hans v.d. Brink. Foto: It Nijs
Nei dizze beide lêzingen jout Erik Hoekstra fan de Fryske Akademy lieding oan it plenêr petear. “Faaks kinne we troch inoar te freegjen nei wat efter ús tinkbylden beskûlgiet, besykje inoars fyzje en misje te begripen, en sykje we dêrmei nei ferbining tusken ús persoanlike fyzjes en misjes. Want ja, yn dizze tiid fan oarloggen, ferjilding, wraak, fan oerflakkige gedachtegongen, oanstutsen troch razende lju op bygelyks sosjale media, is it krekt nedich om oer frede te praten.”
Hjirûnder koart inkelde fan de besprutsen punten:
- Harry Pals hat in fraach oan Hans van den Brink. Pals miste yn syn ferhaal by it ûnderdiel ‘wat as’ it elemint dat it oer ússels gie. Hoe kinne wysels derfoar soargje dat oarloch net nedich is? Wat kinne wy dêr wol oan dwaan?
- Hans van den Brink reagearret: Dochs binne wy yn alle konflikten altyd al hiel bot op ússels fiksearre. Ik fyn trouwens wol dat wy ús yn it ferline bygelyks fierstente min op de belangen fan Ruslân oriïntearre hawwe.
- Harry: Wy hiene lykwols mear en better ûndersykje kinnen oft der faaks noch oare manieren west hiene om sokke konflikten foar te kommen.
- Hâns: Wy hawwe Poetin ûnderskat, en doe seagen wy ynienen dat ‘it bist’ loskaam.
- Beide – Harry en Hans – binne it der wol oer iens dat Poetin wol in hiel aaklike man is.
- Oarloch lost neat op, neffens Harry. As de oerheid nei it swurd gripe mei – Bibelsk sein – dan hat dat neat te krijen mei it leger, mar wol mei de polityk, seit Harry.
- Hokker oarloggen meie beskôge wurde as rjochtmjittige oarloch? Oarloch is neffens Pals nea rjochtmjittich. Van den Brink neamt lykwols it ferwar tsjin de besetter yn de Twadde Wrâldoarloch, en ek yn de oarloch yn Koreä wol rjochtmjittich.
- Geweld is in ôfspegeling fan ús maatskippij, sa seit ien yn de seal.
- Soene wy alle boargers – jong en âld – faaks techniken fan ‘geweldleas ferset’ oanleare moatte? Dat soe yn ’e eagen fan beide sprekkers goed wêze, en se jouwe foarbylden fan wêr’t dat ek al in bytsje – al is it op te lytse skaal – dien wurdt.
- In oaren yn de seal fynt dat we hjir fan ‘e middei yn de reaksjes op beide sprekkers minder ferwitend, mar wol mear ferbinend wêze kinne soene.
- In folgjende fragesteller yn ‘e seal: wat moatst dwaan as oaren dy kwea dogge, want der binne ommers ek kweaminsken. Wat hiene bygelyks Oekraïners (dan) dwaan moatten doe’t Ruslân harren lân ynfoel?
Metafoar fan it Spakenboarger hert
By it begjin fan de lêzing fan Van den Brink barde noch wat opmerkliks. Hy hie út Spakenboarch wei in hiele grutte koeke meinommen, in saneamd ‘Spakenburgs Hart’, dêr’t er in tal stekwurden fan syn lêzing op spuitsje litten hie. Krekt nei’t dy grutte koeke op in flipover-statyf set wie, skode er yn de ferpakking ûnderút en foel er op ’e grûn.
Jimme riede it al: hielendal oan gruzeleminten. Op himsels net slim, want de bedoeling wie om de koeke yn de neisit yn de seal hjirneist mei-inoar te konsumearjen, dats der waard gelokkich luchtich op reagearre.
Mar…, wat seit dit foarfal fan de brutsen koeke oer it brutsene fan ús wrâld?
Sa ûnferwachts, en sa tichteby.
*It boppesteande is in oersetting, troch Arjen J. Dijkstra, fan in bloch fan Wiep Koehoorn.








Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje