Fedde Schurerlêzing: Frede mei alle geweld?

novimber 3, 2023 15:43

Sûnt 2010 wurdt yn it lêst fan novimber yn Ljouwert de Fedde Schurerlêzing holden, organisearre troch de Ried fan de Fryske Beweging, yn ‘e mande mei Tresoar, de Fryske Akademy en de Leeuwarder Courant.

Oan ‘e râne fan Europa is it oarloch, al hast twa jier yn Oekraïne en sûnt koart ek yn Israel/Palestina. Dêrom stiet de lêzing dit jier yn it teken fan de fraach oft pasifisme noch in opsje wêze kin om de frede yn ‘e wrâld te bewarjen of te krijen. Is it driigjen en byneed brûken fan militêr geweld needsaaklik of kin it ek sûnder?

Fedde Schurer (1898-1968), dichter/sjoernalist/politikus, wie pasifist. As sadanich hat er lid west fan ‘Kerk en Vrede’, dat nammers noch hieltyd bestiet.

Der binne dizze kear twa sprekkers útnûge, ien út de pasifistyske hoeke en ien dy’t as militêr nei de problematyk sjocht:
Harry Pals, teolooch en lid fan ‘Kerk en Vrede’ en
Hans van den Brink, luitenant-kolonel b.d. eartiids haad fan de ‘Nationale Operaties van de Luchtmobiele Brigade’.
Nanne Kalma en Ankie van der Meer sjonge lieten fan Fedde Schurer.

De Fedde Schurerlêzing wurdt holden by Tresoar, Bûterhoeke 1 te Ljouwert op sneon 25 novimber 2023. De lêzing begjint om 14.30 oere, de ynrin is fan 14.00 oere ôf.
De tagong is fergees, mar oanmelding fia feddeschurerlezing@gmail.com is needsaaklik.

novimber 3, 2023 15:43
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Yvette Schurer-Vonke maart 10, 19:35

    Erg jammer dat wij als nabestaanden van Fedde Schurer steeds vergeten worden om een uitnodiging te ontvangen

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.