Fedde Schurerlêzing 2023: Is pasifisme in opsje?

novimber 28, 2023 21:48

De folsleine bydrage fan teolooch Harry Pals oan de Fedde Schurerlêzing 2023

It is in útdaagjende eare om hjoed werom te wêzen yn Fryslân, nei myn middelbere skoaltiid yn Wommels en nei myn predikantskip op Flylân, om hjir oer frede te praten, op ‘e dei dat de neilittenskip fan Fedde Schurer betocht wurdt, de man dy’t omdat er tsjin oarloch en geweld wie, ûntslein waard as ûnderwizer op ‘e Lemmer en dêrom ek al gau út ‘e grifformearde tsjerke set waard. Ik begjin mei in tekenjend sitaat fan him.

Sitaat Fedde Schurer
“Wy wize de oorloch net ôf omdat dy freeslik is, mar omdat dy sûndich is. Omdat alle oarlochswurk flokt tsjin it leafdegebod fan Jezus, dêrom is it feroardiele, dêrom mei gjin kristen der oan meidwaan.” [‘Christendom en oorlog’, bls. 12] Sa sterk, sa absolút soe ik it no net sizze, mar syn wurden binne wol ynkringend en bliuwe foar ús in tsjûgenis.

Ynlieding: Pasifisme
Ja, ik bin pasifist. Om it wêrom dêrfan út te lizzen gean ik de trije p’s bylâns fan Persoanlik, Polityk en Profetysk. Pasifisme as in persoanlike libbenswei en libbenshâlding, as in polityk ynstrumint om anty-militaristysk de wrâld te analysearjen, en as skatplichtich oan it profetysk tsjûgenis fan Israel, Jezus en Paulus dat tsjin my en myn wrâld tsjûget. Ut dat lêste folget al dat ik hjir gjin lêste wurden sprekke kin – ik wol allinnich frijmoedich wat oanrikke om te oerwagen, op myn wize yn it spoar fan Fedde Schurer, lykas hy lid fan ‘Kerk en Vrede’. En dan kom ik by einsluten út by ús tiid.
Earst noch dit: der rint in spoar fan bloed, fan geweld, fan oarloggen troch de wrâldskiednis. Dêrby stel ik de earnstige fraach, in fraach om op te kôgjen: wat hat geweld troch de iuwen hinne de minsken opsmiten? Wy ûntrinne dy fraach meast troch op omstannichheden te wizen dy’t geweld ‘spitigernôch’ needsaaklik makken. It lei oan … en dan komme we altyd út by de oaren, dy wiene … It lei nea oan ús. Mar de âlde Griken holden ús al foar: ken dysels. En de Bibelske tradysje gie noch in stap fierder: ken de tsjustere kant fan dysels.
Wy meie hoe dan ek nea de ramp dy’t geweld altyd is, weiwurkje, bedekke ûnder redenearringen, sifers, strategyen. Dêr giet Fedde Schurer ús ek yn foar: yn syn oanfarring mei it Lemster skoalbestjoer oer syn fredesstânpunt – dy’t úteinlik ta syn ûntslach late – beklamme er al, dat moderne oarloggen faak ferskrikliker binne as eardere, troch de direkte belutsenheid fan boargers, troch de technyk dy’t geweldsmiddels gauwer ferneatigjend makket. Hy werhellet dy fyzje yn in bydrage as Keamerlid oan it PvdA-blêd út 1959, dêr’t er him tsjin de foarnommen pleatsing fan atoomwapens yn ferklearret en it tinken dêrefter ôfwiist: as wiene wy noch oan it earmke drukken op it skoalplein en beseffe wy net dat driigjen mei kearnwapens de reewilligens ta massamoard ynhâldt, ja de reewilligens ta it ferneatigjen fan alle libben op ierde, ta selsmoard dus. Hy beklammet it deadskarakter fan it driigjen mei massaferneatigingswapens – dêr’t de synoaden fan de protestantske tsjerken him letter yn byfoelen.

Persoanlik
Ik set yn mei myn persoanlik ferhaal. By my begûn it, doe’t ik 17 jier jong wie en as in oertsjûge grifformeard mantsje (sa’t Fedde Schurer ek begûn is) yn ‘e 60-er jierren de Amerikanen yn harren oarloch yn Fjetnam stipe. Tsjin it kommunisme, dat moast. Myn tinzen waarden hieltyd grimmitiger: it moast! Oant it bruts, oant der in momint fan ‘bekearing’ kaam, ûnderweis fan ‘e bushalte nei skoalle, it Bogerman College yn Snits: as it no ris oarsom is en de Amerikanen yn Fjetnam neat te sykjen hawwe as allinne harsels, harren eigen belangen? Doe strutsen de feiten dy’t ik koe, se pasten.
En yn ‘e simmer dêrop lies ik fan Martin Luther King Rosa stond niet op. Ik waard rekke troch syn geweldleazens, anneks mei syn striid foar sosjale rjochtfeardichheid, tsjin in systeem fan ûnrjocht yn ‘e FS. Letter begriep ik de eftergrûn, de ‘systeemfout’: de FS binne boud op geweld – tsjin de oarspronklike bewenners, letter tsjin de slaven dy’t helle wiene. En dat waard foar my hieltyd breder: it útrûpeljen fan ‘e ierde dêr ‘t ús minskeskiednis no op stikken rint, komt fuort út itselde meganisme as it westerske kolonialisme: it binne uteringen fan geweld tsjin de hiele skepping, tsjin de ierde en tsjin de meiminsken.
My seit it in soad en it is werkenber, dat Schurer syn pasifisme op ‘e Lemmer troch de ‘mannenbroeders’ sjoen waard as ûndermining fan it grifformearde leauwe, as oantaasting fan it hiele systeem dat de grifformearden boud hiene: dogmatysk, maatskiplik. Dat sjoch ik ek yn ús tiid: noch hieltyd taast ôfwizing fan wapengeweld de fûneminten fan ‘e liberale steat en maatskippijopfetting oan, foaral no ‘t it betrouwen op geweld yn ‘e slipstream fan ‘e oarloch om Oekraïne sa freeslik, sa hopeleas tanommen is.

Harry Pals jout de Fedde Schurerlêzing 2023. Foto: It Nijs

Breder as pasifisme: polityk anty-militarisme
Dêrmei bin ik al op polityk terrein, myn 2e ûnderdiel. Myn pasifisme is ek polityk motivearre. It komt ek op tsjin wat de Amerikaanske presidint en âld-militêr Eisenhower it ‘Militêr Yndustrieel Kompleks’ neamde, dêr’t er foar warskôge: it ûnhillige ferbûn fan wapenproduksje en wapenhannel en grutte yndustryen, dat altyd op oarloch út is.
Yn de EU sit no de wapenyndustry by de polityk oan tafel om syn hannel te fergrutsjen. En de restriksjes op wapenleverânsjes dêr’t Nederlân him altyd grutsk op beropt, wurde hieltyd mear loslitten – dat die koartlyn wer bliken by it leverjen fan reserveûnderdielen foar de F35 oan Israel, dêr’t it Nederlânske regear him mei skuldich makket oan oertrêding fan it humanitêr oarlochsrjocht.
Mar it grypt djipper: geweld makket fan slachtoffer en dieder ûnminsken. En it wurdt maskearre. In foarbyldferhaal: Majoar Gijs Tuinman (ûnderwilens troch de BBB foardroegen as minister fan Definsje) krige de militêre Willemsoarder foar ‘moed, belied en trou’, want hy gie as útstjoerd militêr foarop yn de striid yn Afganistan. Wat hold dat yn? Dat wurdt sa beskreaun: troch himsels bleat te jaan lokke er fjoerkontakt út, en dêrtroch joech ‘de fijân’ syn posysje bleat. Tsientallen Talibanstriders fûnen de dea – mar dat wurdt troch ús kening ferburgen mei de sin dy’t er by de plechtichheid útspruts: “Yn totaal waarden by dizze operaasje twa falleien fan Taliban frijmakke.” Wêr binne de deaden, de lichems, de minsken? Wêr is it lijen?
Wêrom binne der altyd geweldsynsidinten yn it leger? No is der wer wat oan it ljocht brocht troch Ingelske froulike militêren. En al earder barde dat ek yn Nederlân. It binne gjin ynsidinten, mar sok geweld past yn in kultuer dêr’t yn geweldsoplossingen yn tocht wurdt, dy’t dus ek minsken oanlûkt krekt fanwegen dat geweld. Disclaimer: ik ken en hear ek in soad militêren dy’t krekt o sa foarsichtich binne mei geweld, omdat se – better as politisy – beseffe hoe freeslik oft dat geweldswapen is. Mar tagelyk stimme de dôfpotten dy’t altyd anneks gean mei militêr optreden (tink oan Yndonezië, Afganistan, Hawija) my somber oer elke rjochtfeardiging fan geweld. Ik tink dan radikaal: jou minsken nea in wapen yn ’e hannen, want gefoelens fan wraak en lilkens kinne minsken dan samar ta in moardmasine meitsje. Wat frijer de wapenhannel, wat mear moard en deaslach – sjoch nei de FS, nei Meksiko.

De Bibelske profetyske tradysje
Ik kom by it 3e ûnderdiel. Lykas Fedde Schurer stean ik yn ‘e tradysje fan Bibel en tsjerke. De tsjerke stiet net los fan de maatskippij, is troch dy maatskippij bepaald – sjoch it libbensferhaal fan Schurer. Wy kinne Jezus net ûnbefongen lêze. Us opfieding, wat maatskiplik normaal fûn wurdt en ús belangen spylje altyd mei. Dêr moatte we kritysk op wêze. Wy kinne dus nea in pear útspraken fan Jezus of Paulus derút pikke en dy tapasse op ús tiid. It giet folle mear om in wei dy’t him útnûgjend foar ús iepenteart, as wy ús Bibelske wurden en dieden, wurden as dieden yn ‘t sin bringe. Ik sis mei klam: by Jezus giet it om it hiele libben dat er libbe, dat ús ferhelle is en dêr ‘t de Berchrede en syn wei nei Peaske mei-inoar yn trochklinke moatte – nea it ien sûnder de oar. Spitigernôch hat de tsjerke de iuwen troch krús en opstanning loskeppele fan Jezus syn Berchrede, fan Jezus syn libben, fan wat er fertelde en werklik foardie – dat sjogge wy yn hast alle leauwensbelidenissen. It is fûneminteel dat Jezus leaver de eigen dea oanfurdige as dat er geweld brûkte – tink oan doe’t er finzen nommen waard, doe’t er sei: God myn heit kin in legioen ingels stjoere om my te beskermjen, mar sa moat it net gean …. Dêr koene de minsken om him hinne syn god-gelikensens yn werom – dat er him oant yn ‘e dea joech foar minsken. Sa fier, sa djip is it leauwe ferbûn mei de geweldleazens fan Jezus.

Ik konsintrearje my no op in útspraak fan Jezus dy’t trije kear yn de evangeeljes foarkomt: “Haw dyn fijannen leaf! ” [Matteüs 5,44 en Lukas 6,27.35]. Dat klinkt as in oantrún foar dyn persoanlik libben en ûnmooglik yn ‘e maatskippij – sa hawwe tsjerken en teologen it de iuwen troch útlein, beheind. Dy wurden sitearje fielt no as ferried oan de Oekraïners, as in ôfwizing fan harren ferset.
Mar: kinne dy wurden ek klinke as in goed berjocht (dat is ‘evangeelje’), as in befrijend boadskip, ek foar ús tiid? Sa binne se bedoeld! Kin der in útdaging yn lizze? Om kreatyf en ferrassend nei oare wegen fan frede te sykjen as de gongbere wegen fol geweld. Net om dy oan oaren op te lizzen, mar om dy sels te gean.
Jezus beakenet wat er seit skerp ôf tsjin wat ‘se’ dogge en fine. Leaf wêze foar wa’t dy ek aardich fine kin en wol elkenien wol, dat is goedkeap. Hy sprekt yn ‘t foarste plak hiel direkt syn harkers oan. Hy daget syn folgelingen út om ‘mear as it gewoane’ te dwaan, mear as wat de wet (hokke dan ek; de Nederlânske wet, it folkerjocht) foarskriuwt, mear as wat normaal fûn wurdt. Hy ropt minsken op om (mei in âlderwetsk, mar sprekkend wurd) ‘barmhertich’ te wêzen – dat wol sizze: mei in ‘waarm hert’ fan binnen rekke troch minsken. En Jezus seit der dan by: “sa’t jimme himelske Heit is.” God sels is sa, dat is Jezus syn sterkste fundearring.
Dêrmei wurde fijannen net ferûntskuldige, fijannich gedrach wurdt net weimoffele. Yn ‘e hiele Bibel wurdt hieltyd hurd en feroardieljend oer fijannen praat, as se minsken útrûpelje en ûnderdrukke. Mar folgelingen fan Jezus wolle fijannen net demonisearje, mar minsken dy’t ús fijannen hjitte ek as skepsels fan de iene God sjen. Ek Russen, ek Hamas, ek de PVV-stimmer, ek de asylsiker dy’t oerlêst jout: se falle ûnder de libbensregel dy’t ta it hert fan de Bibel heart, it saneamde ‘grutte gebod’: ‘dyn neiste leafhawwe as dysels’, of better: ‘dyn neiste leafhawwe, want dy is as dy’. Ek dyn fijân is as dy. En dat giet twa kanten op, dat ropt twa lestige, konfrontearjende fragen op: wat haw ik yn my dêr’t ik ek in fijân troch wurde kinne soe foar oaren? En: hokker minsklike eangsten en langstmen diel ik dochs ek mei myn fijannen? Dy fraach alle dagen stelle, ast it nijs hearst, ast lestige meiminsken trefst. Dat soe pas echt in basis foar ‘kristlike polityk’ wêze.
Mei dat praktyske befrijende leafdesferhaal teagen folgelingen fan Jezus nei him de wrâld oer. “Nim sels gjin wraak, mar jou bod oan Gods grime”, skriuwt Jezus syn learling Paulus [Romeinen 12,19]. Dat skreau Mozes al yn Deuteronomium. Paulus einiget mei in sterk appèl: “Lit jimme net oerwinne troch it kweade, mar oerwin it kweade troch it goede”, eins ‘yn it goede’ [Rom. 12,21]. Dat is gjin wei foar passive of bange minsken, mar foar kreative en sêft-moedige minsken.

En dan de tsjerke
De tsjerke seit net mear safolle oer de oarloch, dy beheint har meastentiids ta oproppen om foar frede te bidden. Mar ik ferwachtsje fan tsjerken dat se net allinnich sizze yn Jezus te leauwen, mar dat se Him ek yn ‘e praktyk fan har libben as Hear erkenne. Dat se dus ek besykje om sûnder geweld te libjen, om nea yn de needsaak fan geweld te leauwen. Dat se de útdaging fan syn foarbyld en syn wurden oangeane en sykje nei in oare wei fan frede as ús oerheden. Net de automatyske refleks fan: foar geweld oer mear geweld te pleatsen, mar fierder te sykjen nei oare wegen fan striidberens, fan diplomasy en boargerlik ferset. Kristenen binne alderearst boargers fan in oar Ryk. Wy kinne ús nea alhiel identifisearje mei de steat, yn dy sin binne wy altyd ‘ûnbetroubere boargers’.
De geweldleazens fan Jezus syn wei freget om in oare wize fan libjen en gearlibjen, in oare polityk, mei respekt foar minske en ierde. Dy freget dus ek om in oare ekonomy, dêr’t it ferlet fan de mannichte sintraal yn stiet en net de belangen fan inkelingen mei jild (dat lêste laat no ienris altyd ta agresje op wrâldskaal). Sa fiele kristen-pasifisten har útdage om har yn ‘e learskoalle fan Jezus op eigen wize foar frede yn te setten. Ek yn ús tiid, dy’t karakterisearre wurdt troch wer in nij leauwe yn geweld. Dêr gean ik no noch koart op yn.

It omsittend laach by de Fedde Schurerlêzing 2023. Foto: It Nijs

Oekraïne
De brute Russyske oerfal op Oekraïne hat de rop om mear militêre ynset oanboaze; foar 2024 ferheget Nederlân it definsjebudzjet mei 40%! Hat it yn sa’n situaasje noch wol doel om mei in berop op Jezus foar in geweldleaze wei te pleitsjen?
Just yn tiden fan oarloch giet it derom om pasifist te bliuwen, net te leauwen yn ‘e heilsumens fan oarlochsgeweld. Dat om te begjinnen. Nederlânske pasifisten oriïntearje har dêrom alderearst op ‘e pasifistyske fredesorganisaasjes yn Oekraïne, dy’t har wol fersette tsjin de Russyske ynfal, mar wegerje om dêr wapens foar op te nimmen. Mar wy wolle ek kritysk polityk analysearje. Dan kinne we net allinnich fokusje op it nivo fan lân tsjin lân, mar moatte we ek globaal sjen. Wat no yn it konflikt om Gaza hinne wol bart: dat der omtinken kommen is foar de foarôfgeande skiednis, it besef dat de freeslike terreuroanslach fan Hamas op 7 oktober net út ‘e loft fallen kaam, mar dat soks te ferwachtsjen wie – dat is yn de oarloch om Oekraïne folle dreger: ynsjen dat dy oarloch net begûn op 24 febrewaris 2022, mar al earder oan ’e gong wie, in foarskiednis hat.
Hiel koart oantsjut: nei de ein fan de kâlde oarloch wiene der allegearre kânsen om ta in mienskiplik Europeesk fredessysteem te kommen, in ‘fredeshûs’ sa’t Gorbatsjow dat neamde. Dêr hie sels de NAFO yn opgean kinnen. Mar dy keas derfoar om him te fersterkjen en mei útwreidingen hieltyd tichterby de grinzen fan Ruslân te kommen – tsjin eardere suggestjes yn. Ruslân wie net yn de machtsposysje om dat op te kearen, mar Poetin hat de lêste jierren dúdlik makke wêr’t foar him reade linen leine – û.o. by it opnimmen fan Oekraïne yn it westerske ekonomyske en militêre systeem. It hie heilsum west as it westen soks heard hie en foar Oekraïne in mear neutrale posysje betocht hie. Dat hie mei de útwurking fan de beide Minsk-akkoarten ek kinnen. Mar al dy kânsen hat it westen bewust lizze litten.
Dat docht allegearre neat ôf oan de wredens fan de Russyske oerfal op Oekraïne. Mar it kin ús wol oproppe om each te hawwen foar de eangsten en feilichheidsbelangen fan Ruslân. Feiligens kin allinne dield wêze – dat is ek wer in les út ‘e konfrontaasje fan Hamas en it Israelyske regear.
Alle dagen wurde der yn Oekraïne tsientallen jonge minsken fermoarde op it slachfjild, dat in slachtfjild wurden is. Alle kearen wer in kostber minskelibben, Oekraynsk of Russysk. Wannear hâldt dat op? Hearre wy dy herte-gjalp? Wat is noch it doel, lit stean de sin dêrfan? It liket hieltyd mear te gean om in goede útgongsposysje foar ûnderhannelingen. Is dat al dy minske-offers wurdich? De earste ferantwurdlikheid om dêrmei op te hâlden leit by Ruslân, Oekraïne kin beslute dat mear minsken opofferje net mear yn ferhâlding stiet ta it beëage resultaat. Dat is oan de lieders dêre – mar wy yn West-Europa kinne beslute dat wy oan it trochgean fan dizze slachtpartij net mear meiwurkje wolle mei wapenleverânsjes. Is it dêr net de heechste tiid foar? Moat de diplomasy net folop oan it wurk, om de kânsen foar ûnderhannelingen serieus te ûndersykjen? Fan ferskate kanten klinkt dat lûd, mar ús lieders lykje har op te sluten yn har militêre behurding.
Der is in foarskiednis, der is ek in neiskiednis: trauma’s fan withoefolle, ferwidering tusken buorfolken dy’t dochs ea wer mei-inoarlibje moatte, ferwoasting fan lân – Gaza is ûnbewenber, de lânbougrûn fan Oekraïne bedoarn.

Ta beslút
It is myn djipste oertsjûging dat der gjin rjochtfeardige oarloggen besteane, dat geweld in eigen dynamyk hat, dy’t ta mear geweld liedt. Ik begûn mei: ken dysels, en dêrnei: ken de tsjustere kant fan dysels. Noch in stap fierder: ken dyn fijannen. Dat is de ynfolling fan: haw dyn neiste leaf, want dy is as dy. Jezus seit: ek dyn fijân is dyn neiste, haw dyn fijannen leaf. Oarloch is ferskriklik, mar it is boppe-al skande. Fedde Schurer sei it al.

Oersetting: Reinder Reitsma

novimber 28, 2023 21:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.