Fannijs ferjit de ryksoerheid it Frysk
Resint ferskynd
As it mei sizzen te dwaan wêze soe, dan wie it yn eare hâlden fan it Frysk wol oan de oerheid tabetroud. Want der is gjin brekme oan moaie wurden. Lykwols wurde dy ornaris net omset nei dieden, lykas út it nijs fan juster wol wer bliken die. It aldermaklikste soe it noch foar oerheden wêze moatte om it Frysk simpelwei yn de eigen uteringen te brûken. Mar sels dêr komt algeduerigen te min fan op ‘e hispel. Allinnich as der rebûlje om makke wurdt, dan wolle de ynstânsjes noch wolris fanwegenkomme.
Soks wie it gefal doe’t troch it bewâld yn in grut tal talen oer koroana kommunisearre waard, útsein de twadde rykstaal. Nei klachten waard dêr lang om let yn foarsjoen. Lykwols yllustrearret de koroanakommunikaasje fan de ryksoerheid dat it hoedzjen fan it Frysk yn De Haach gjin tinken is. Want no’t wer oer it selde ûnderwerp kommunisearre wurdt, wurdt dy taal fannijs fergetten. Sadwaande hat de Ried fan de Fryske Beweging in brief stjoerd oan it Ministearje fan Algemiene Saken en oan dat fan Folksûnens, Wolwêzen en Sport. It brief is twatalich; hjirûnder is de tekst fan de Fryske ferzje opnaam.
Om dizze tiid hinne krije de kwetsbere minsken yn Nederlân in útnûging om in koroanaprip te heljen. Foarhinne wie de ynformaasje oer de koroanafaksinaasje ek yn it Frysk beskikber (https://www.rijksoverheid.nl/documenten/publicaties/2021/05/12/het-is-belangrijk-om-je-te-laten-vaccineren-tegen-corona-nederlands-fries-en-andere-talen). Dat barde trouwens pas nei in oprop en nei oantrúnjen út de provinsje Fryslân. Yn de Nederlânsktalige brief dy’t dizze dagen by de minsken troch de bus komt, wurdt yn it Ingelsk, Arabysk, Turksk, Poalsk en Oekraynsk nei de webside www.mijnvraagovercorona.nl ferwiisd foar in oersetting fan de brief yn ien fan dy talen. Ta ús teloarstelling ûntbrekt dêr it Frysk by. Yn de opropbrieven sil dat dit jier net mear reparearre wurde kinne. Wy roppe jo lykwols op om op de oanbelangjende webside dochs noch in Fryske oersetting fan de brief ta te heakjen. De twadde rykstaal mei by sokke wichtige ynformaasje net ûntbrekke. Wy ferwachtsje dat by sa’n soarte folgjende ynformaasjefoarsjenning tenei ek in Fryske oersetting keazen wurde kin.
De tekst op ‘e poster liket foar bern skreaun te wêzen. Dat moat net. ‘Waskje dyn hannen’ en ‘Slút dyn mûle’ is gjin Frysk en niezen is ‘prúste’, net ‘prûste’.
Doch it goed of doch net!
Lútsen, dat ding is yn prima Frysk skreaun. Begryp dyn frustraasjes net.
Dy tekeninkjes…, ‘…sjong in berne ferske’…, ‘Mei tank oan de provinsje Fryslân’…, de bernetaal indied.
Sa sjogge de reginten de Friezen, as ferfeelsume bern.
Jo hawwe gelyk, Lútsen.
Ik tink dat Ferninand de Jong der dizkear al by lâns is, at er in ferwizing makket nei de hâlding fan de oerheid.
De ôfbylding dy’t hjir brûkt is, haw ik yn ferskate talen sjoen. Fan it Dokkumers, Hylpers, Limboargs oant it Italiaansk ta. It is in tige goed ynsjatyf fan inkele jierren lyn om in ferneamd striptekener yn te skeakeljen om yn safolle mooglik talen de regels sjen te litten. Sjuch marris op https://www.eblt.nl/2020/04/.
De offisjele publikaasjes fan de oerheid yn it Frysk (bygelyks: https://www.rijksoverheid.nl/documenten/publicaties/2021/01/13/praatplaat-prik-tegen-corona-fries) sjogge der yn it Frysk net oars út as yn it Nederlânsk as oare brûkte talen.