Eksposysje ‘Plastic Fantastic?’ yn De Lawei

novimber 7, 2023 08:28 Fernijd

Yn de eksposysje Plastic Fantastic? yn De Lawei yn Drachten litte keunstners Maria Koijck en Flos Pol de besikers op in ferrassende wize neitinke oer it brûken fan plestik. Sintraal stiet in nije ynstallaasje fan Koijck.

Wurk fan Maria Koijck (boarne: De Lawei)

Mei de hjeldagen yn it foarútsjoch presintearje de keunstners in grutte ‘feesttafel’ dêr’t se it idee fan gesellich byinoar wêzen yn fertale mei de ferrassende hoemannichte plestik ôffal dy’t dêrby heart. Frou Pol toant kleurige ynstallaasjes en sieraden dy’t makke binne fan plestik foarwerpen dy’t se oan it strân fûn. Plastic Fantastic? duorret fan 18 novimber o/m 21 jannewaris.

Plestik is geweldich materiaal. It is goedkeap, it kin foar in ûneinich soad ferskillende doelen brûkt wurde en it giet hiel lang mei. Mar der is in kearside: it it tige miljeubelêstend. It is de heechste tiid dat minsken har bewust wurde fan de skaadkanten fan it brûken fan plestik. Op dat mêd is keunstner Maria Koijck aktyf.

Operaasje Offal
Frou Koijck hat namme makke mei har ynstallaasje Operatie Afval. Dêrmei liet se sjen hoe’t in enoarm soad ôffalmateriaal in operaasje opsmiet dêr’t se, nei in boarstamputaasje, in boarstrekonstruksje yn krige. Fan it kreëarjen fan de ynstallaasje makke se mei har dochter Eva Glasbeek in film dy’t wrâldwiid omtinken krige. Hja krigen der yn 2021 de ynternasjonale Guiltless Plastic Prize foar. It duo makke mear films dêr’t se omtinken yn fregen foar it fenomeen sjirurgysk ôffal, dat foar in grut part út plestik bestiet. By Plastic Fantastic? wurde dy films op telefyzjeskerms toand. Dêrneist presintearret frou Koijck ek in nij wurk.

Maria Koijck ‘My first little footprint’ (boarne: De Lawei)

Feestmiel
Milena Bleeksma, kurator byldzjende keunst fan De Lawei: “Mei Sinteklaas, krysttiid en nijjier yn it foarútsjoch tinke we nei oer hoe’t we dat dit jier fiere sille. Foar in protte minsken betsjut dat kadokes en breedút ite en drinke mei famylje en freonen. Frou Koijck heakket dêrop yn troch in grutte tafel yn te rjochtsjen dy’t der op it earste gesicht hiel moai en gesellich útsjocht. Oant men better sjocht en jin realisearret dat wat der op dy tafel stiet, datjinge is dat oerbliuwt nei al dy gesellichheid. De feestlike oanklaaiïng is dus feitlik in registraasje fan it ôffal dat letter fuortsmiten wurde moat. Dat set wol oan ta neitinken. By de iepening fan de eksposysje sil frou Koijck fertelle oer har misje om bewustwurding foar it ôffalprobleem te kreëarjen.”

Plestikfynsten
De Lawei hat njonken frou Koijck keunstner Flos Pol útnûge om har kleurrike wurken te presintearjen dy’t se fan plestik objekten makket en dy’t se op it strân fynt: fleskes, dopkes en fragminten fan netten. Njonken hingjende objekten binne der ek sieraden en ‘romtlike skilderijen’ te sjen. Frou Bleeksma: “It wurk fan frou Pol slút moai oan op dat fan frou Koijck, mar freget op in folle boartliker manier omtinken foar de problematyk fan plestik ôffal. Harren bydragen fersterkje inoar. Uteinlik giet it yn de eksposysje om de fraach oft ‘Plastic’ echt wol sa ‘Fantastic’ is en hoe’t wy ús dêrta ferhâlde moatte.”

Iepening
De iepening fan de eksposysje Plastic Fantastic? is op sneon 18 novimber fan 16.00 oant 18.00 oere. Nigethawwers binne fan herten útnûge om dêrby oanwêzich te wêzen. Keunstner en sprekker Maria Koijck sil by de start fan de iepening in praatsje oer har wurk hâlde. Dêrby stiet wat te iten en te drinken klear. Oanmelde foar de iepening kin op www.lawei.nl/PlasticFantastic.

Besikersynformaasje
De eksposysje is yn de eksposysjeromte fan De Lawei te besjen. Dy is tongersdeis o/m sneins fan 14.00 oant 17.00 oere iepen. De eksposysjeromte is ek foarôfgeand, yn it skoft, en nei ôfrin fan foarstellingen yn Skouboarch De Lawei tagonklik. Mear ynformaasje is te finen op www.lawei.nl/beeldendekunst.

Wurk fan Flos Pol (boarne: De Lawei)

novimber 7, 2023 08:28 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.