Dúmke Op, Dúmke Del: Wat wolle de Fryske Keamerkandidaten foar Fryslân betsjutte?
Resint ferskynd
Yn ’e oanrin nei de Twadde Keamerferkiezingen fan 22 novimber frege Omrop Fryslân Fryske politisy hoe’t se tinke oer ferskate politike tema’s. Yn de lêste ôflevering fan Dúmke Op, Dúmke Del waard Jouke Spoelstra fan it CDA befrege.

Jouke Spoelstra fan it CDA (byld: Omrop Fryslân)
Yn Dúmke Op, Dúmke Del meie Fryske Keamerkandidaten fertelle wat se foar Fryslân betsjutte wolle. Yn de flitsomgong leit ferslachjouwer Casper Slotboom in tal stellingen foar oan de kandidaat, dy’t dêrnei mei presintator Eric Ennema djipper op ien fan dy stellingen yngiet.
Earder wiene Aant-Jelle Soepboer (NSC), Tjeerd de Groot (D66), Habtamu de Hoop (Groenlinks-PvdA) en Mariska Rikkers (BBB) te gast.
Boarne: Omrop Fryslân
In dúmke is in koekje. Miskien wurdt “tomke” bedoeld.