‘Drink gjin alkohol as de bern derby binne’

novimber 9, 2023 10:35

De Alliantie Alcoholbeleid Nederland (AAN) hâldt dizze wiken in kampanje ‘Zien drinken, doet drinken’. Dy is benammen bedoeld foar âlden mei bern fan 2 oant 12 jier. Kampanjefideo’s binne te finen op Facebook en Instagram en der binne opfallende posters makke.

It giet derom dat âlden beseffe dat harren foarbyld neifolge wurdt. As se alkohol drinke dêr’t de bern by binne, beynfloedet dat de bern, dy’t dan jong ek al begjinne te drinken. Drinke se yn it bywêzen fan bern net, dan jouwe se it goede foarbyld. Undersyk befêstiget dat, mar te min âlden binne ree om dêr rekken mei te hâlden.

GGD Fryslân hat besifere dat 30% fan de âlden mei bern fan 2 oant 12 jier by it drinken gjin rekken mei de bern hâldt. Fan de Fryske bern tusken de 12 en 14 jier hat neffens eigen sizzen 8% de lêste moanne alkohol hân. Fan de 15- oant 18-jierrigen is dat 55%. In protte fan harren krije it thús of by freonen oanbean.

GGD Fryslan stipet de lanlike kampanje troch syn programma De Nochteren Fries. Dat is in platfoarm dêr’t ferskillende partijen yn gearwurkje om de problematyk om jeugd, alkohol en drugs hinne te it minderesearjen. De kampanje is útset by konsultaasjeburo’s, gemeenten en sportferieningen. De kampanjefideo is hjirûnder en by 122 dokter yn de wachtkeamers te sjen.

novimber 9, 2023 10:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.