Doede Wiersma: Meie wy in bytsje wetter by de wyn dwaan?

novimber 5, 2023 07:00 Fernijd

Oertinking

De oersetting fan Preker 7:16 mei “Wês dus net al te rjochtfeardich” is yn striid mei alles wat wy fierders yn ’e Bibel oer rjochtfeardichheid lêze. Dy oersetting dy’t ek yn de Steatebibel, de NBG-bibel en Groot Nieuws te finen is, komt oer as sloppe ried, as: wat-wetter-by-de-wyn moat kinne.
Mei in berop op dy tekst, doare minsken de belesting in ‘bytsje’ te ûntdûken, in ‘bytsje’ misbrûk fan subsydzjes en sosjale foarsjenningen te meitsjen, sa no en dan wat swart lean te beteljen, of swart wurk te dwaan. Wês net al te goddeleas; in ‘bytsje’ mei dus wol!?
Doe’t ik my yngeand mei dizze tekst dwaande hold, ûntduts ik dat der stie: “Wês net de-yn-eigen-eagen-rjochtfeardige” (Woord in beweging, 1985, 156-165).
Yn Preker 7:15-22 giet it om twa dingen:
1. dat wy net rjochtfeardich wêze moatte om der (by God) foardiel oan te beheljen: “In rjochtfeardige kin omkomme, al is er rjochtfeardich, en in sûnder kin lang libje, al docht er ferkeard” (Preker 7:15).
2. dat wy net leech fan oaren tinke en heech fan ússels: “Der is grif gjin minske rjochtfeardich op ierde, net ien dy’t inkeld goed docht en noait gjin kwea” (7:20).

Op oertsjûgjende wize hat Elie Wiesel dy twa advizen yn praktyk brocht. Sels sei er: “Ik bin gjin hillige. Ik ha myn ambysjes en myn swakheden en bytiden bin ik it spoar bjuster: ik bin ek mar in minske” (… mar de see rekket nea net fol, II, 127). Mar in rjochtfeardige woe er wêze: “Ik smyt my yn de ôfmêdzjende striid foar de rjochten fan de minske en de earbied foar syn weardichheid” (… mar de see, I, 68).
“En dochs. Wy moatte ynsette op ’e takomst. Om it libben fan, al is it mar ien, bern te rêden, is gjin ynspanning te grut” (… mar de see, II, 287).

Lêze: Preker 7:15-22

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
novimber 5, 2023 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.