Doede Wiersma: Mear maatskippijkrityk!

novimber 12, 2023 07:00

Oertinking

De opfetting fan Job syn freonen is: Job hat tsjinslach op tsjinslach, tsjinslach is de straf fan God op ferkearde dieden, en dus: Job hat ferkearde dingen dien en wurdt troch God straft.
Foar ferkearddwaan brûkt de skriuwer fan it Jobferhaal foarbylden út ’e praktyk fan syn tiid. Dy fine wy yn haadstik 22:6-9. Se binne it antybyld, it tsjinoerstelde fan de geve minske. Se helpe ús oan in better ynsjoch yn goed en ferkeard dwaan en litten.

6 Sûnder dat der reden foar wie, hast dyn meiminsken wreed behannele. Stakkerts hast it fel oer de earen helle.
7 Dy’t tenein wie, hast net te drinken jûn en oan ien dy’t honger hie, hast iten wegere.
8 O ja, de machtige hat de grûn yn besit nommen, de rike skevels setten har dêrop nei wenjen.
9 Widdowen hast mei lege hannen fuortstjoerd, it eigendomsrjocht fan wezen ôfnommen.

Dy fyzje op a-sosjaal hâlden en dragen komt alhiel oerien mei dy fan de âldere Spreuken (haadstikken 10-31), de wrâld dêr’t de skriuwer fan Job tige oan besibbe is. Om’t profeten lykas Amos, Jesaja en Micha op deselde ‘basisskoallen’ (Spreuken) giene, fine wy ek by harren fûleinige krityk op sok gedrach.
Ik steurde my faak oan it begryp sûnde yn tsjerke. It wie my net konkreet genôch en benammen te frijbliuwend. Sûnde, sa leare wy hjoed, is foaral dat riken ryk wurde op kosten fan earmen.
Soe it dan yn tsjerke net maatskippijkritysker om en ta gean moatte?

Lêze: Spreuken 13:23, 14:21 en 31, 15:25

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
novimber 12, 2023 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.