Doede Wiersma: It fertriet earst wage
Resint ferskynd
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
- Frysktalige tsjerketsjinsten 9 en 10 desimber 2023 0
- ‘Utstoarne’ eamelstikelbaarch nei 62 jier filme 0
- FeRstival fiert jubileum: 80 jier foardrage yn it Frysk 0
Oertinking
Sûne minsken ha maklik praten!
In frou dy’t mei ynmoed ferpleechster wie, waard yn seis moanne tiid ferneatige troch in tumor yn ’e holle. “Ik ha it earder net begrepen wat minsken fiele oan fertriet. En jimme kinne it ek net,” sei se tsjin ús.
Job freget syn freonen om syn fertriet te wagen:
“Och, as se myn argewaasje ris goed hifken, myn ûntheistering op ’e skealjes leine.
It waacht der swierder yn as it sân fan ’e see.”
Foardat wy mei treast komme, moatte wy it fertriet goed wage …
Dat falt net ta. As wysels net faak wat slims meimakke ha, falt it net ta om yn in oar syn fertriet te kommen. Underfining is de bêste learmaster.
Ik ha yn myn wurk as dominy sjoen dat de bêste treast kaam fan minsken dy’t itselde meimakke hiene.
Unferjitlik en learsum wiene foar my de petearen yn in groep fan fiif froulju dy’t harren man jong ferlern hiene.
Wy moatte oan ’e kant fan de leeddragende stean gean. En net te gau en te maklik wat sizze. Hoedzje jim foar goedkeape treast.
De fraach fan Job oan syn freonen is de fraach oan ús: “Soene jim ien dy’t oan reapsein is, net tagedien wêze? Ja, al soe er it ûntsach foar de Almachtige God farre litte.”
Lêze: Job 6:1 en 2, 13 en 14
Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje